Springe nei ynhâld

Little Big Man (film)

Ut Wikipedy
Little Big Man
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Arthur Penn
produsint Stuart Millar
senario Calder Willingham
basearre op de roman fan Thomas Berger
kamerarezjy Harry Stradling jr.
muzyk John P. Hammond
filmstudio Cinema Center Films
distribúsje National General Pictures
spilers
haadrollen Dustin Hoffman
byrollen Faye Dunaway
Dan George
Martin Balsam
Richard Mulligan
Cal Bellini
Jeff Corey
Aimée Eccles
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 23 desimber 1970
foarm langspylfilm
sjenre western, aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 139 minuten
147 minuten (uncut-ferzje)
budget en resultaten
budget $15 miljoen
opbringst $31.559.552 (yn de Feriene Steaten)

Little Big Man is in Amerikaanske western en/of aventoerefilm út 1970 ûnder rezjy fan Arthur Penn. It senario, skreaun troch Calder Willingham, wie basearre op 'e roman mei deselde namme fan Thomas Berger. De haadrol waard fertolke troch Dustin Hoffman, wylst Faye Dunaway en opperhaad Dan George yn 'e wichtichste byrollen spilen. Hoewol't de film oer it algemien beskôge wurdt as in western om't er yn it Wylde Westen spilet, hat er ek sterk wei fan in aventoerefilm, en dêrnjonken sitte der ek eleminten fan in komeedzjefilm en in dramafilm yn.

De plot giet oer in blanke jonge dy't yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw grutbrocht wurdt troch de Sjajinnen, en syn libbenslange wrakseling om syn beide erfskippen mei-inoar te fermoedsoenjen. Little Big Man is in refizjonistyske western, dy't de Yndianen as sympatyk en it Amerikaanske Leger as ûnsympatyk ôfskilderet, en dêr't satire en tragyk yn brûkt wurdt om foaroardielen en ûnrjocht te beljochtsjen. Dizze film út 1970 kin ek sjoen wurde as in yndirekt protest tsjin 'e doetiidske Amerikaanske belutsenens by de Fjetnamoarloch. Yn 2014 waard Little Big Man fanwegen "kulturele, histoaryske of estetyske wearde" troch de Library of Congress útorneare om opnommen te wurden yn it Nasjonaal Film Register.

Yn 1970 wennet de 121-jierrige Jack Crabb, de âldste man op 'e wrâld, yn in hospys dêr't er palliative soarch kriget. Hy wurdt dêr opsocht troch in nijsgjirrige histoarikus, dy't er oer syn aventoeren as jongeman fertelt. Crabb beweart in finzene fan sawol de Sjajinnen as it Amerikaanske Leger west te hawwen, pleechsoan fan in opperhaad en in predikant, assistint fan in wûnderdokter, winkelman, jager, klúzner, revolverman, in freon fan Wild Bill Hickok, in ferkenner foar luitenant-kolonel George Armstrong Custer en de iennichste blanke oerlibbene fan Custers Last Stand yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn. Hat hy ien fan 'e opmerklikste libbens aller tiden hân, of is er ien fan 'e bretaalste leageners dy't ea op 'e wrâld omrûn hawwe?

Jack begjint syn ferhaal yn 1859, as er as jonge fan tsien mei syn âldere suster Caroline in slachting oerlibbet dy't troch Yndiaanske krigers fan 'e Pâny (Pawnee) ûnder in selskip blanke kolonisten oanrjochte wurdt. Harren âlden komme dêrby om. Neitiid wurde de beide bern ûntdutsen troch de Sjajinske kriger Shadow, dy't harren meinimt nei syn folk. Caroline wit al rillegau te ûntkommen, mar Jack bliuwt efter mank de Sjajinnen (Cheyenne), en wurdt grutbrocht troch it goedhertige opperhaad Old Lodge Skins. Hy kriget de namme 'Little Big Man' ("Lytse Grutte Man") taparte, om't er koart fan stal mar dapper is. As er âlder wurdt, makket Jack sûnder erch in fijân fan in oare jonge, Younger Bear. Dyselde makket plannen om Jack wat oan te dwaan, mar nei't Jack syn libben rêdt yn in gefjocht mei de Pâny, jout Younger Bear syn wraakplannen mei tsjinnichheid op.

Yn 1865, as Jack sechstjin jier is, wurdt er by in skermutseling tusken de Sjajinnen en de Amerikaanske kavalery finzen nommen. Om himsels te rêden, moat er dan syn Sjajinske erfskip ôfswarre. Hy wurdt as pleechsoan yn 'e húshâlding fan 'e predikant Silas Pendrake pleatst. Dy syn seksueel frustrearre frou Louise besiket him te ferlieden, mar Jack wit har him fan it liif te hâlden. As er der net folle letter tsjûge fan is hoe't frou Pendrake oerhoer docht mei in oare man, naait Jack út, en lit er de Pendrakes, en tagelyk ek eltse foarm fan religy, efter him.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It jiers dêrop wurdt Jack assistint fan 'e wûnderoaljeferkeaper Allardyce T. Meriweather. As harren klanten lykwols foar it ferstân krije dat de produkten dy't se oanskaft hawwe, weardeleaze rommel binne, wurde Jack en syn baas ynsmaard mei pik en fearren. Ien fan 'e lulke klanten is Jack syn ûnderwilens folwoeksen wurden suster Caroline, mei wa't er troch dit foarfal weriene wurdt. Sy besiket fan har broer in revolverman te meitsjen, foar wa't se de namme "de Soda Pop Kid" betinkt. Yn dy snuorje moetet Jack yn in saloon de ferneamde bandyt en sheriff Wild Bill Hickok. Dy mei Jack wol lije, en nimt him ûnder syn hoede. As Hickok lykwols út selsferdigening in man deasjit, beslút Jack dat er gjin revolverman mear wêze wol. Dêrop lit Caroline him yn 'e steek.

Noch wer in jier letter iepenet Jack mei in partner in winkel en trout er mei in jonge frou fan Sweedsk komôf dy't Olga hjit. It docht lykwols bliken dat Jack syn partner in oplichter is dy't mei it jild útnaait, sadat de winkel fajyt giet. Om dy tiid hinne moetet Jack lykwols de ferneamde ofsier George Armstrong Custer, dy't namme makke hat as oarlochsheld yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch. Dyselde riedt him oan om djipper yn it Wylde Westen in nij libben te begjinnen oan 'e Amerikaanske frontier. Dat Jack en Olga sette dy kant út, mar ûnderweis wurdt harren postkoets oerfallen troch Sjajinske krigers. Olga wurdt ûntfierd, en Jack set ôf om har te befrijen. Op syn syktocht fynt er Olga net werom, mar syn âlde pleechheit Old Lodge Skins wol. Ek Younger Bear sjocht er wer, dy't no in tsjinstelde wurden is, in sjamaan dy't alles efterstfoarst docht. Jack rekket befreone mei de twigeast Little Horse, mar set neitiid op 'e nij ôf om Olga te sykjen.

As er úteinlik sûnder wat bedijd te hawwen syn syktocht opjaan moat, jout Jack him by it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint, dat ûnder befel stiet fan George Armstrong Custer. Hy wurdt dêr in mûldierlieder om't Custer mient dat dat Jack syn oarspronklike berop wie. Yn syn nije funksje nimt Jack diel oan in fjildslach tsjin 'e Sjajinnen, mar as de Amerikaanske soldaten Yndiaanske froulju en bern begjinne te fermoardzjen, rint er oer en fjochtet er oan 'e Sjajinske kant. Under it gefjocht wurdt Jack oanfallen troch Shadow, de kriger dy't him as bern it libben rêden hat, mar dy't him no net weromken. Ear't se inoar wat oandwaan kinne, wurdt Shadow lykwols deasketten troch in Amerikaanske soldaat. Dêrnei ûntdekt Jack Shadow syn dochter, Sunshine, dy't op in sideplak ûnder de slach it libben skinkt oan in poppe.

Mei har en de poppe by him keart Jack werom nei it kamp fan Old Lodge Skins, dêr't er de man fan Sunshine en de heit fan har twadde bern wurdt. Jack moetet op 'e nij Younger Bear, dy't no gjin tsjinstelde mear is, mar folslein oerhearske wurdt troch syn blanke frou, dy't nimmen oars blykt te wêzen as Jack syn eardere frou Olga. Sy ken Jack net werom, en Jack beslút de saak fierder mar gewurde te litten en docht dêrom gjin muoite om har begripe te litten wa't hy is. Sunshine freget Jack om har trije susters, dy't widdo binne, yn syn húshâlding op te nimmen en mei harren te trouwen. Jack is dêr yn 't earstoan huverich foar, mar úteinlik jout er ta. Yn novimber 1868, as Jack 29 jier is, dogge Custer en syn 7e Kavalery in ferrassingsoanfal op it Sjajinske kamp oan 'e rivier de Washita. Jack rêdt it libben fan 'e no bline âldman Old Lodge Skins, mar Sunshine en har bern en al har susters wurde troch de Amerikanen deade. Neitiid besiket Jack it kamp fan Custer te ynfiltrearjen om wraak te nimmen op 'e man, mar op it lêste momint ûntsinkt de moed him en naait er út.

Dêrnei rekket Jack oan 'e drank en libbet er ferskate jierren in isolearre bestean yn Deadwood, yn Súd-Dakota. As er himsels wer ris hielendal dronken sûpt hat, wurdt er sjoen troch Wild Bill Hickok, dy't him weromken. Hy jout Jack wat jild om nije klean te keapjen en himsels ris waskje en skeare te litten. Net folle letter wurdt Hickok yn it bywêzen fan Jack deasketten as er poker spilet yn in saloon. Mei syn lêste siken freget er Jack om de rest fan syn jild nei de widdo ta te bringen mei wa't er in relaasje ûnderhold. Jack docht wat him frege wurdt en siket de widdo op, dy't eins in prostituee is en nimmen oars as Louise Pendrake blykt te wêzen, Jack syn eardere pleechmem. Jack jout har it jild dat Hickok foar har ornearre hie, mar as se it wer mei him besiket oan te lizzen, wiist er har fannijs ôf.

Jack lûkt him dêrnei alhiel werom út 'e minsklike maatskippij, en libbet in skoft as jager en klúzner yn 'e wyldernis. As er in lege fâle fynt mei in ôfskuorde bistepoat deryn, rekket er geastlik alhiel yn 'e war. Hy beslút om selsmoard te dwaan, mar op it lêste stuit betinkt er him om't er Custer en dy syn rezjimint foarbykommen sjocht. Hy nimt him foar om diskear troch te setten en wraak op Custer te nimmen. Dêrom meldt er him oan by it 7e Kavaleryrezjimint, en Custer nimt him oan as ferkenner. Hy wit wa't Jack is en wêr't Jack syn sympatyen lizze, mar ornearret dat er Jack brûke kin as in treflike omkearde barometer: fan alles dat Jack him fertelt, leaut Custer tenei persiis it tsjinstelde, en hannelet dêr ek nei. It duorret net lang ear't Jack dat trochhat, en as it 7e Kavaleryrezjimint oan 'e rivier de Little Bighorn in Yndiaansk kamp ûntdekt, bringt Jack Custer op 'e doele troch nei wierheid te fertellen dat der in oermacht oan krigers yn it kamp oanwêzich is en dat Custer beslist net oanfalle moat.

As syn troepen yn 'e dêropfolgjende Slach oan 'e Little Bighorn ôfslachte wurde troch de Lakota en de Sjajinnen, begjint Custer sels ûngearhingjende wartaal út te slaan. Jack rekket yn 'e striid ferwûne, en as er de geastlik net mear spoarende Custer tabyt dat er him stilhâlde moat, wol Custer him deasjitte. Ear't dat barre kin, wurdt Custer sels deade troch Younger Bear, dy't Jack dêrnei fan it slachfjild draacht. No't er einlings en te'n lêsten de skuld oan Jack (dy't him ommers as jonge it libben rêden hie) lykmakke hat, seit Younger Bear tsjin Jack dat er him de folgjende kear dat er him tsjinkomt, mei in gerêst hert deameitsje sil. Yn it Yndiaanske kamp, dêr't Younger Bear him hinne brocht hat, moetet Jack syn pleechheit Old Lodge Skins wer. Hy beselskippet it âlde opperhaad nei in heuveltop yn 'e neite fan it kamp, dêr't in Yndiaansk begraafplak leit. De âldman, dy't besletten hat en beëinigje syn libben mei weardichheid, biedt dêr syn geast oan 'e Grutte Geast oan en jout him dan del op 'e grûn, wachtsjend op 'e dea. Ynstee begjint it te reinen. Old Lodge Skins seit: "Soms wurket it en soms net," en komt wer oerein. Mei Jack keart er werom nei it Yndiaanske kamp om in hapke te iten.

Yn 1970 breidet Jack dêrmei in ein oan syn ferhaal, wêrnei't de histoarikus fuort giet. De âlde Jack bliuwt allinnich efter mei syn oantinkens oan in wrâld dy't net mear bestiet.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Jack Crabb (ek bekend as Little Big Man) Dustin Hoffman


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Louise Pendrake, Faye Dunaway
Old Lodge Skins Dan George
Allardyce T. Meriweather Martin Balsam
luitenant-kolonel George Armstrong Custer Richard Mulligan
Wild Bill Hickok Jeff Corey
Sunshine Aimée Eccles
Olga Crabb Kelly Jean Peters
Caroline Crabb Carole Androsky
Little Horse Robert Little Star
Younger Bear Cal Bellini
ds. Silas Pendrake Thayer David
Shadow that Comes in Sight Ruben Moreno
Burns Red in the Sun Steve Shemayne
de histoarikus William Hickey
de sersjant James K. Anderson

Little Big Man waard regissearre troch Arthur Penn, nei in senario fan Calder Willingham op basis fan 'e roman Little Big Man fan Thomas Berger, út 1964. De filmprodusint wie Stuart Millar foar Cinema Center Films. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Harry Stradling jr. en de filmmuzyk waard fersoarge troch John P. Hammond. De distribúsje waard dien troch National General Pictures. Foar de film wie in budget beskikber fan $15 miljoen.

De haadrol fan Jack Crabb, oftewol Little Big Man, waard fertolke troch Dustin Hoffman yn syn sechsde filmoptreden. Om 'e stim fan in 121 jier âlde man te krijen raasde Hoffman yn syn klaaikeamer in oere lang sa lûd as er koe. De make-up foar de âldman waard fan skomlateks makke troch grimeur Dick Smith, en omfieme revolúsjonêre falske eachlidden dy't meibewege koene as Hoffman mei de eagen knippere. Fanwegen de filmmontaazje, en ta argewaasje fan Smith, komt dat yn 'e film net ien kear foar. Hoffman sei oer de make-up: "Ik daagje jim út om dy make-up op te dwaan en jim net âld te fielen."

Aktrise Faye Dunaway spile de rol fan Louise Pendrake. Foar de rol fan Old Lodge Skins waarden Marlon Brando, Paul Scofield en Laurence Olivier frege, mar allegear wiisden se him ôf. Uteinlik waard Dan George, in wier Yndiaansk opperhaad fan 'e Tsleil-Wautût, ree fûn om 'e rol op him te nimmen. De Yndiaanske figuranten waarden allegear troch wiere Yndianen spile, mar de oare Yndiaanske rollen net. Aimée Eccles, dy't Sunshine spile, wie eins fan Sineesk komôf, wylst Cal Bellini, dy't de rol fan Younger Bear fertolke, in Maleier út Singapoer wie.

Guon binnendoarsênes en oare opnamen waarden makke op sets yn Hollywood, wylst guon bûtendoarsênes yn stedsjes opnommen waarden yn Nevada City, yn 'e Amerikaanske steat Montana. Dat wie yn 1970 in plak dat foar it meastepart bestie út histoaryske njoggentjinde-iuwske gebouwen, dy't út oare plakken yn Montana dêrhinne oerbrocht wiene. De sênes dy't ferbân holden mei de Slach oan 'e Little Bighorn waarden op lokaasje filme yn 'e neite fan it Nasjonaal Monumint Slachfjild oan 'e Little Bighorn, by Crow Agency (Montana). Alle oare Yndiaanske sênes waarden opnommen deunby Calgary, yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta.

Ferskil mei de roman

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e roman Little Big Man komt it âlde opperhaad Old Lodge Skins oan 'e ein fan it ferhaal te ferstjerren, mar yn 'e film bart dat net. Yn in fraachpetear sei regisseur Arthur Penn dêr letter oer: "We hawwe dêr lang en yngeand oer prakkesearre, en yn 'e earste ferzje fan it senario giet er wol deeglik dea, mar syn dea soe in elemint fan drôvens yntrodusearre hawwe yn 'e film, en dat woene we net. [...] Ik woe [...] sjen litte dat de Yndianen net inkeld ferneatige waarden, mar dat se ek feroardiele waarden om dêrmei te libjen."

De film, en de roman dêr't de film op basearre is, hawwe hielendal neat te meitsjen mei de histoaryske persoan Little Big Man of Lytse Grutte Man. Dat wie in opperhaad fan 'e Lakota dat meifocht yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn, mar benammen bekendheid krige fanwegen syn belutsenens by de mislearre finzennimming en de dêrby feroarsake dea fan (of mooglik moard op) it ferneamde opperhaad Mâl Hynder (Crazy Horse), yn Fort Robinson, yn 1877.

De werjefte yn 'e film fan 'e Slach oan 'e Washita as in klearebare slachtpartij fan Yndiaanske froulju en bern troch Amerikaanske soldaten ûnder lieding fan Custer, is net 100% korrekt, mei't der wol deeglik Yndiaanske krigers yn it kamp fan it Sjajinske opperhaad Swarte Tsjettel oanwêzich wiene. Dat nimt net wei dat it in ferriedlike ferrassingsoanfal wie fan Amerikaanske soldaten op in kamp fan freedsume Yndianen dy't harsels feilich waanden. De film jout datoangeande in byld dat oerienkomt mei oare histoaryske gefallen, wêrby't de Amerikaanske kavalery wachte oant de krigers op jacht gien wiene of wêrby't de krigers aktyf by harren kamp weilokke wiene, om dêrnei it warleaze kamp oan te fallen dêr't dan inkeld froulju, bern en âlden fan dagen oanwêzich wiene.

Little Big Man jout fierders in net alhiel akkuraat byld fan 'e dea fan Wild Bill Hickok. Dy stoar nammentlik net foàr, mar hast twa moannen nei de Slach oan 'e Little Bighorn, op 2 augustus 1876. Hy wie op dat stuit oan it pokerjen yn Nuttal & Mann's Saloon yn Deadwood (Súd-Dakota), wêrby't er tsjin syn gewoante yn mei de rêch nei de doar siet. Middeis om 16.15 oere stapte der in revolverman nei binnen ta dy't Jack McCall hiet. Dyselde skeat Hickok yn 'e efterholle, sadat er op slach dea wie. Ferneamd is dat Hickok op dat stuit twa pearen yn 'e hân hie, twa swarte asen en twa swarte achten, in stel kaarten dat sûnt bekendstiet as de "Deademanshân".

De represintaasje fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer yn Little Big Man, en yn 't bysûnder de foarstelling fan him as in heale gek yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn, wie bedoeld as in foarm fan satire. Dêrby moat oantekene wurde dat in grut tal fan 'e yn 'e film werjûne oanwensten en idelheden fan 'e man basearre wiene op wiere dingen. Custer syn fatale strategy oan 'e Little Bighorn wie folle yngewikkelder as yn 'e film werjûn wurdt, en hy waard beslist net troch in ferkenner yn 'e fâle lokke. Hoewol't it wol wer wier is dat syn ferkenners him mei klam ûntretten om it Yndiaanske kamp oan te fallen en Custer dy goede rie yn 'e wyn sloech. Yn 'e film wurdt Custer foarsteld as immen dy't dreaun wurdt troch in siedende hate foar de Yndianen, mar yn wurklikheid waard er benammen dreaun troch syn eigen withoe hege ambysje, dêr't alles foar wike moast. Guon histoarisy suggerearje sels dat er eins wol in beskate sympaty hie foar de Yndianen en harren lot.

De ûnderfinings fan it personaazje fan Jack Crabb as ferkenner foar it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint binne foar in diel basearre op 'e wiere ûnderfinings yn dy funksje fan Krolhier (Curley), ien fan Custer syn Krieske ferkenners. Krolhier bleau allinnich efter op in hichte, dêr't er wei taseach hoe't Custer en syn fiif kompanjyen troch in oermacht fan fijannen ûnder de foet rûn waarden. Nei't er tsjûge west hie fan 'e finale nederlaach fan Custer, ried Krolhier fuort om ferslach út te bringen oan Custer syn superieuren. Neitiid giene oer Krolhier ferskate ferhalen, bygelyks dat er him by Custer jûn hie en letter mei in Sjajinske tekken as momkape om fan it slachfjild ûntkomd wie. Hy waard yn lettere jierren ferskate kearen befrege troch histoarisy, en joech ferskillende ferslaggen fan 'e fjildslach. Guon fan syn lettere bewearings binne troch saakkundigen yn 'e kiif steld.

Doe't Little Big Man op 23 desimber 1970 yn premiêre gie, krige de film rûnom loovjende kritiken. Sa fong regisseur Penn neffens Vincent Canby fan The New York Times yn 'e "grappige en bittere [...] aventoeren" fan Jack Crabb "de essinsje fan it Amerikaanske erfskip." Yn 'e Chicago Sun-Times joech Roger Ebert Little Big Man fjouwer fan fjouwer stjerren, wylst er de film omskreau as "einleas ûnderhâldend" en "in epos yn 'e foarm fan in sterk ferhaal." Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't filmresinsjes sammelet, hat Little Big Man it ekstreem hege goedkarringspersintaazje fan 96% op basis fan 15 resinsjes. It Amerikaansk Film Ynstitút (AFI) hat de film mei 399 oaren nominearre foar de top 100 bêste Amerikaanske films aller tiden.

It is ûnbekend hoefolle oft Little Big Man wrâldwiid opbrocht, mar de opbringst yn 'e Feriene Steaten allinnich al bedroech $31.559.552. Ofset tsjin in budget fan $15 miljoen kaam de film dêrmei rom út 'e kosten.

Dan George waard foar syn rol fan Old Lodge Skins nominearre foar in Oscar yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur. Hy wûn der ferskillende oare prizen mei, wêrûnder de National Society of Film Critics Award en de New York Film Critics Circle Award, beide foar bêste manlike byrol. Dustin Hoffman waard foar syn rol fan Jack Crabb nominearre foar in BAFTA Award foar bêste akteur.

Calder Willingham waard foar syn senario nominearre foar de Writers Guild of America Award foar bêste adaptearre drama. Little Big Man krige yn 1971 in earfolle fermelding op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Moskou. Yn 2014 waard de film troch de Amerikaanske Library of Congress fan kulturele, histoaryske of estetyske wearde achte, en dêrom útornearre om foar it neigeslacht preservearre te wurden as diel fan it Nasjonaal Film Register.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.