Ma Rainey
Gertrude "Ma" Rainey, berne Pridgett (Kolumbus, 26 april 1886 - 22 desimber 1939, Rome, Georgia, Feriene Steaten) wie ien fan de earste Amerikaanske beropssjongers fan de blues en ien fan de earsten dy't har wurk op de plaat setten. Sy jildt as Mem fan de Blues
Sy begûn mei optreden doe't sy 12 of 14 jier wie en die opnames ûnder de namme Ma Rainey neidat sy yn 1904 oan Will Rainey boaske wie. Sy treden lanlik op mei F.S. Wolcott syn The Rabbit's Foot Company en hienen letter har eigen groep mei de namme Rainey and Rainey, Assassinators of the Blues. har earste plaatopname wie yn 1923; fiif jier letter hie sy goed 100 opnames dien. Guon dêrfan befetsje Bo-weevil Blues (1923), Moonshine Blues (1923), See See Rider (1924), Black Bottom (1927) en Soon This Morning (1927).
Ma Rainey waard ferneamd om har tige krêftige stimlûd, enerzjyk optreden, majestueuze wurdkar en in ‘kreunjende’ wize fan sjongen sa't it hearde yn de folktradysje fan sjongen. Hoewol't har krêftige stim en ferskining op de plaat net goed útkomme, binne de oare skaaimerken der dúdlik wol, fral op har earste opnames, sa as Bo-weevil Blues en Moonshine Blues. Ma Rainey naam ek wurk op mei Louis Armstrong, nei de omgong mei de Georgia Jazz Band. Ma Rainey gie troch mei optreden en toeren troch it lân oant 1935. Dêrnei joech sy har del yn har wenplak.
Diskografy (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1953 Ma Rainey, Vol. 1 Riverside Records (Jazz)
- 1953 Ma Rainey, Vol. 2
- 1994 Complete Recorded Works: 1928 Sessions Dokumint
- 1998 Complete Recorded Works, Vol. 1 (1923-1924) Dokumint
- 1998 Complete Recorded Works, Vol. 2 (1924-1925) Dokumint
- 1998 Complete Recorded Works, Vol. 3 (1925-1926) Dokumint
- 1998 Complete Recorded Works, Vol. 4 (1926-1927) Dokumint
- 1998 Complete Recorded Works, Vol. 4 (1926-1927) Dokumint
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gertrude “Ma” Rainey yn it African American Registry
- Gertrude “Ma” Rainey yn de New Georgia Encyclopedia
- Mother of the Blues: A Study of Ma Rainey
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|