Springe nei ynhâld

Oerlis:Pûnsmiet

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dêr hie ik al nei socht, mar ik koe dy net fine. Is dit it iental as it meartal? En as it lêste, wat is dan it iental? Aliter 15 apr 2009, 00.43 (CEST)[beäntwurdzje]

In boarne hjirfoar is de EvF by: "Maten en Gewichten". In einse wurdt hjir omskreaun as: "de einse: 20 kante keningsroeden, yn Westergoa" (dit is de Fryske oersetting..) Der wurdt lykwols ek wolris einzen stavere yn dit artikel--Swarte Kees 15 apr 2009, 17.23 (CEST)[beäntwurdzje]

De side hat no mêd en mud foar deselde mjitte. Ik wit allinnich fan mudde as ynhâld; is mud Frysk, as is it in hollanisme? Aliter 15 apr 2009, 00.43 (CEST)[beäntwurdzje]

It Frysk Wurdboek jout: "mud(de), s. Inhoudsmaat voor droge waren, mudde". Dat hat net folle mei oerflakte te krijen. Wutsje 15 apr 2009, 01.37 (CEST)[beäntwurdzje]
De EvF in boarne: "Maten en Gewichten". "Voor droge waren (aardappels, appels, peren graan enz.):het mud (1hl), de korf of halfmud (1/2 hl), de halve korf of het kynsen (1/4 hl), het heal (half) kynsen (20 l) of kop". Hjiroan falt net te sjen oft it in hollânisme is...--Swarte Kees 15 apr 2009, 17.23 (CEST)[beäntwurdzje]
Niis in "eameltsje" stjoerd oan Karel Gildemacher mei de fraach oft hy syn witten ek tafoegje woe..--Swarte Kees 15 apr 2009, 18.25 (CEST)[beäntwurdzje]

It gie my yn beide gefallen om de Fryske wurden. Dan wie it baas, en wachtsje ôf at Karel Gildemacher dêr mear oer sizze kin. Aliter 15 apr 2009, 23.33 (CEST)[beäntwurdzje]

Gildemacher fielde him net in wikipediaan (ik hie him frege om ek mei te dwaan oan it projekt of dit artikel te hifkjen) mar is wol beskikber om fragen oer ferskate ûnderwerpen te beänderjen, in soarte eksterne deskundige dus. Oer mad/mêd hat G. him net útlitten mar wol: "Oer pûnsmiet en alles wat der om hinne sit is in protte skreaun. Nei it artikel oer pm moat wol goed sjoen wurde, want it sizzen dat (sitaat fan de site):

Yn it noarden fan Fryslân wurdt noch faak as werkenning foar persielen greide in namme brûkt, mei dêrefter in sifer, wat dan wer de grutte fan it bedoelde persiel oanjout. Sa wurdt bygelyks mei "lange 3" in lang en smel stik lân bedoeld ter grutte fan 3 pûnsmiet en is "achttjens hoek" in stik grûn fan 18 pûnsmiet (rom 6,5 bunder of ha.) wat earder út in soad "hoekjes" bestie.

Is yn sa fier ûnsin dat dy gewoante oer hiel Fryslân foarkaam. It giet dan ek net om “werkenning” mar om nammen dy’t op basis fan de gruttens in pm beneamd binne. Der binne noch wol gâns fan sokke nammen bekend.

Wat der oer in “achtjens hoek” stiet, is grif ek mis. It hat mear eigenskip dat it om in hoeke fan 18pm giet. Men soe neigean kinne as dat kloppe troch de namme te lokalisearjen en it bedoelde stik lân op te mjitten". 'k Sil it stikje dit oangeande oanpasse.--Swarte Kees 16 apr 2009, 18.50 (CEST)[beäntwurdzje]