Springe nei ynhâld

Penarth

Ut Wikipedy
Penarth
Penarth (2006)
Penarth (2006)
Bestjoer
Lân Feriene Keninkryk
Wales
Greefskip Vale of Glamorgan
Sifers
Ynwennertal 22.083 (2011)
Offisjele webside
Webstee fan de stêd

Penarth is in plak yn het Welske greefskip Vale of Glamorgan. Penarth hie 51.502 ynwenners yn 2011.

Pier fan Penarth

It plak leit likernôch 8,4 km súdwestlik fan it stedssintrum fan Cardiff, de haadstêd fan Wales, oan 'e noardkust fan it estuarium fan de Severn (Môr Hafren) oan 'e súdlike útein fan Cardiff Bay. Penarth is it wolfarrendste baaiplak yn it stedsgebiet fan Cardiff, en de op ien nei grutste stêd yn de Vale of Glamorgan, nei it administrative sintrum fan Barry.

Yn it Fiktoriaanske tiidrek wie Penarth in tige populêre fakânsjebestimming, nasjonaal oanpriizge as "De tún by de see" en waard drok besocht troch besikers út de Midlands en de West Country en deitoeristen út de dellingen fan Súd-Wales, dy't meastal mei de trein kamen. Hjoed-de-dei is de stêd, mei har tradisjonele kust, noch altyd in regelmjittige simmerfakânsjebestimming (benammen foar âldere besikers ), mar har oantal is folle leger as wenst wie fan it Fiktoriaanske tiidrek ôf oant de jierren 1960, doe't goedkeape oerseeske all-infakânsjes yntrodusearre waarden.

Hoewol't it tal fakânsjegongers bot omleech gien is, hat de stêd noch altyd in grutte pinsjonearre befolking, dy't mear as 24% fan de ynwenners útmakket, mar Penarth is no benammen in sliepstêd foar pindelers út Cardiff. By de folkstelling fan 2001 yn it Feriene Keninkryk hie de stêd 20.396 ynwenners. De beboude kom hie 27.226 ynwenners, mar yn dat sifer is de foarstêd Dinas Powys net meirekkene.

Yn in soad parten fan de stêd is de Fiktoariaanske en Edwardiaanske arsjitektuer goed bewarre bleaun.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sjoch de ynlieding fan it Ingelsktalige lemma: en:Penarth