Springe nei ynhâld

Piip (smookark)

Ut Wikipedy
Piip
Tabakspiip fan briarhout
In merskûmen piip
Piip fan klaai

In piip is in ynstrumint om smeuljende tabak te konsumearjen (smoke). De piip bestiet yn essinssje út in langere of koarte stâle mei in komfoarmige hâlder (kop) foar de tabak.

De earste pipen waarden makke fan wytbakte klaai. Letter kamen der ek pipen yn porselein, merskûm en bruyêrehout (woartelhout fan de beamheide = Erica Arborea). Der binne in soad ferskillende modellen, ûnderferdield yn soarten en maten, dochs is der yn grutte linen in ûnderferdieling te meitsjen.

Klassike modellen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ta meast súksesfolle model yn de rin fan de tiden is de BILLARD. In rjocht of bûgde, strak útbalansearre model fan minimaal gewicht. Fanút dit basistype binne in bulte nuânses makke. Oare klassike basisfoarmen binne "POT", "DUBLIN " en "APPLE".

Moderne modellen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neist dat dizze in ôflate foarm hawwe fan de klassike modellen sjogge dizzen der wat sportiver út. Binne faak bûgd, hawwe in breed mûlstik, mar bliuwe foldwaan oan in estetysk ferantwurde útstrieling.

Yn de tweintichste iuw binne ferskate musea ûntstien dy 't de skiednis fan de piip sjen litte. Nei 2000 binne in pear dêrfan sletten. In pear net mear besteande tabaksmusea binne: Douwe Egberts pipekeamer, kofje- en teekabinet yn Utert (1939-2000), Niemeyer Tabaksmuseum, earst yn Amsterdam, letter yn Grins (1964-2011), Pipe- en ierdewurkmuseum De Moriaen yn Gouda (1938-2009). It Amsterdam Pipe Museum is in museum mei in nasjonale kolleksje op it mêd fan de piip. It museum toant in wrâldwiid oersjoch fan alle mooglike soarten pipen.