Pius V
Pius V (Bosco, 17 jannewaris 1504 – Rome, 1 maaie 1572), berne as Antonio Ghislieri (sûnt 1518 bekend as Michele Ghislieri), wie paus fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke en hearsker oer de Tsjerklike Steat fan 1566 oant syn dea yn 1572. Hy wurdt yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke as hillige fereare. Hy is fral bekend fanwegen syn rol yn it Konsylje fan Trente, de kontrareformaasje en syn krewearjen foar de standerdisaasje fan 'e Romeinske ritus yn 'e Latynske tsjerke, dy't bekend stiet as de Tridentynske Misse. Pius V ferklearre Tomas fan Akwino ta tsjerkfaar.
As kardidaal Ghislieri krige er de reputaasje it belang fan 'e otterdokse lear boppe syn eigen belang te setten en hy ferfolge acht Frânske biskoppen fanwegen ketterij. Hy wie fûl tsjinstanner fan nepotisme en hie iepenlik krityk op syn foargonger, paus Pius IV, doe dy in 13 jier âld famyljelid ta kardinaal beneame woe en in omkesizzer mei jild út de pauslike skatkiste holp.
Mei de pauslike bul Regnans in Excelsis fan 1570 ekskommunisearre Pius V Elisabeth I fan Ingelân fanwegen ketterij en har ferfolging fan Ingelske katoliken yn har regear. Hy wie ek de paus dy't de Hillige Liga by inoar brocht, in militêre alliânsje fan katolike lannen om de ekspânsje fan it Osmaanske Ryk op te kearen. Alhoewol minder sterk wist de Hillige Liga de Ottomanen by de Slach by Lepanto yn 1571 te ferslaan. Pius V skreau de oerwinning ta oan de foarspraak fan 'e Jongfaam Marije en stelde sûnt it Feest fan Us-Leaffrou fan 'e Oerwinning (letter omneamd ta it Feest fan Us-Leaffrou fan 'e Roazekrâns) yn.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Antonio Ghislieri waard yn 1504 berne yn Bosco yn it hartochdom Milaan (no Bosco Marengo yn 'e Italjaanske provinsje Alessandria, Piëmont) as soan fan earme âlders út Bologna, Paolo Ghislieri en Domenica Augeria. Hy paste op 'e skiep oant er yn 'e âldens fan 14 him by de Dominikanen joech en naam dêr de kleasternamme Michele oan. It liket der op dat er syn stúdzjes filosofy en teology yn 'e kleasters fan Vigevano, Bologna en Genua foltôge. Yn Genua krige er de prysterwijing yn 1528 en letter it foech om les te jaan mei de titel lêzer yn 'e teolgogy. Syn oarder stjoerde him dêrnei nei Pavia, dêr't er sechtjin jier les joech. Yn Parma skreau Ghislieri 30 útstellen foar it pausdom en tsjin it protestantisme.
Ghisliere waard ferskillende kearen ta prior fan meardere Dominikaanske priorijen keazen. Yn in tiid fan moreel ferfal stie er op dissipline en krewearre er om de kleasternoarmen heech te hâlden. Hy fêste, die boete en bestege nachts in soad tiid oan meditaasje en gebed. As er reizge die er dat yn stilte en sûnder mantel; mei oare reizgers prate er allinne oer religieuze saken. Om 't syn krewearjen ek wjerstân oprôp, waard er yn 1550 twongen nei Rome werom te gean, dêr't er in skoft meiwurke yn missy's fan 'e ynkwisysje oant er beneamd waard ta lid fan it Suprema Congregatio Sanctae Romanae et Universalis Inquisitionis. By de ynkwisysje krige Ghislieri it foech dat earder allinne foar de kardinalen ornearre wie (1 septimber 1555). Hy waard dêrnei lid fan 'e kommisje dy't oprjochte wie om de kuery te herfoarmjen (jannewaris 1556). Op 4 septimber 1556 waard Ghisliere ta biskop fan Nepi en Sutri beneamd en op 15 maart 1557 waard er ta kardinaal beneamd. Op 14 desimber 1558 waard Ghislieri grutynkwisiteur fan 'e hiele kristenheid. Syn ferdigening fan Bartolomé Carranza, aartsbiskop fan Toledo, dy't troch de Spaanske ynkwisysje fan ketterij fertocht waard, levere him in skrobbearring fan 'e paus op.
Under paus Pius IV (1559–65) waard er biskop fan Mondovi yn Piëmont. Hy waard faak nei Rome roppen en liet him dêr altiten wer kenne as in stânfêst man, dy't yn alle saken dêr't him om ried frege waard hoek hold. Sa fersette er him tsjin Pius IV doe't dy Ferdinando I de Medici, noch mar 13 jier âld, ta kardinaal beneame woe. Syn ferset tsjin de paus late ta syn ferballing út it Fatikaan. De paus rjochte in kommisje fan kardinalen op, dy't de lieding krige fan 'e Romeinske ynkwisysje en dêrmei waard Ghislieri praktysk út it amt fan grutynkwisiteur set.
Paus
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foardat Michele Ghislieri nei syn bisdom werom gean koe, ferstoar paus Pius IV en moast der in opfolger keazen wurde. Fral de Spaanske klearus stipe de kandidatuer fan Ghislieri. Wat mear de kardinalen meiïnoar oerleinen, wat mear stipe syn kandidatuer krige. Dat late ta de ferkiezing fan Ghislieri op 8 jannewaris 1566 ta de opfolger fan Pius IV. Ghislieri naam de namme Pius V oan. Tsien dagen letter, yn 'e âldens fan 62 jier, folge de kroaning.
Nei syn ferkiezing as paus sette Pius fuortendaliks útein mei it skrassen fan alle lúkse oan it pauslike hôf. Ien fan 'e earste besunigingen wie it dien jaan fan 'e pauslike hofnar, dy't ek nei Pius V nea werom kaam. Ek ferbea er de hynstewedstriden op it Sint-Piterplein. Der folgen strange straffen foar Godslastering, troubrek en sodomy. Dy wetten makke de paus net populêr yn Rome en hy waard derfan beskuldige dat er fan 'e stêd ien ûnbidich grut kleaster meitsje woe. De paus wie lykwols net in hypokryt; hy joech sels it foarbyld en ek yn it deistige libben wie Pius V tige asesysk; hy droech it ienfâldige habyt fan in Dominikaanske muonts en rûn faak op bleate fuotten.
Yn tiden fan grutte hongersneed yn Rome ymportearre de paus op eigen kosten nôt út Sisylje en Frankryk; in grut part dêrfan joech er oan 'e earmen en de rest ferkocht er ûnder de kostpriis oan it publyk.
Yn har boek "The Waters of Rome: Aqueducts, Fountains, and the Birth of the Baroque City" skreau Katherine Rinne dat Pius opdracht joech ta de bou fan publike wurken om de wetterfoarrieden en it rioelsysteem fan 'e stêd te ferbetterjen. Dat wie fral yn 'e legere dielen fan Rome in grutte ferbettering, dêr't alle simmers útbraken fan búktyfus en malaria tasloegen.
Ek foar de fersprieding fan it leauwe wie it pontifikaat fan Pius V fan grut belang. Under de fertsjinsten is de oprjochting fan in kommissy fan kardinalen, dy't lieding jaan moast oan 'e evangelisaasje fan 'e folken fan Amerika, Afrika en Aazje. De paus moedige ek inisjativen oan, dy't de fêstiging fan ynhiemske mienskippen op aparte plakken mooglik makke, om se sa te befrijen fan 'e ûnderdrukking troch blanken. Yn guon lannen lykas Perû, Meksiko, Kolombia en Goa hie de missy goede resultaten, wylst yn oare gefallen de paus de siedder wie en syn opfolgers rispje koene.
Tsjerklike tucht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om fan syn pontifikaat in sukses te meitsjen wist Pius V dat der in restauraasje fan 'e dissipline en moraal yn Rome komme moast. Ien fan 'e earste saken dy't er oppakte wie it ferleechjen fan 'e kosten fan it pauslike hôf neffens de Dominikaanske oarder dêr't er by hearde. Ek twong er de geastlikheid om ûnder de geastliken te ferbliuwen, hy regele herbergen en lei de klam op it belang fan seremoanieel yn it algemeen en de liturgy fan 'e Hillige Misse yn it bysûnder.
Paus Pius V fierde in strang belied en joech foarrang oan it hanthavenjen en fergrutsjen fan 'e effektiviteit fan 'e ynkwisysje en it handhavenjen fan 'e kanons en dekreten fan it Konsylje fan Trente boppe oare saken.
Liturgy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om in beslút fan it Konsylje fan Trente út te fieren brocht Pius V in standerdisaasje fan 'e Hillige Misse troch yn 1570 de útjefte fan it Romeinsk Missaal ôf te kundigjen. Pius makke it brûken fan it missaal ferplichte foar de hiele Latynske tsjerke, útsein dêr't de liturgy fan foar 1370 noch yn gebrûk wie. Dy liturgy bleau 400 jier lang itselde, oant paus Paulus VI yn 1969-1970 it missaal oanpaste. Hjoed-de-die stiet de litury fan Pius V bekend as de Tridentynske Misse. Dat missaal wurdt noch yn likernôch 90 lannen troch ferskillende religieuze oarders brûkt.
Tomas fan Akwino
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pius V foege yn 1567 Tomas fan Akwino ta as fyfte tsjerkfaar fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Hy joech opdracht ta it útjaan fan 'e earste edysje fan Akwino's "opera omnia", fakentiden ta eare fan 'e paus ek de editio Piana neamd. It wurk waard yn 1570 produresearre yn it studium generale fan 'e Dominikaanske oarder fan 'e Santa Maria sopra Minerva, dat yn 1577 it Sint-Tomaskolleezje waard en yn 'e 20e iuw de Pauslike Universiteit fan Sint-Tomas fan Akwino, ek bekend as it Angelicum.
Hillige Liga
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under de enerzjike lieding fan Pius V waard de Hillige Liga foarme om in ein te meitsjen oan 'e ekspânsje fan it Osmaanske Ryk. De Hillige Liga helle mei de Slach by Lepanto (7 oktober 1571) ûnder lieding fan Don Juan de Austria in oerwinning op de Osmaanske float. Ut de hillichferklearring fan Pius V docht bliken dat hy op in wûndere wize wist wannear't de striid foarby wie, wylst Pius V op dat stuit yn Rome wie. Om de oerwinning te betinken stelde Pius V it Feest fan Us-Leaffrou fan 'e Oerwinning yn, dat hjoed-de-dei bekend stiet as it Feest fan Us-Leaffrou fan 'e Roazekrâns. Pius V holp ek finansjeel by de bou fan Valetta, de Malteeske haadstêd, troch syn militêre ingenieur Francesco Laparelli te stjoeren om de fêstingmuorren te ûntwerpen. Yn 1892 waard in brûnzen buste fan Pius by de Poarte fan Valetta delset.
Reformaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjin de tiid dat Pius paus waard, hie it protestantisme Ingelân, Skotlân en grutte dielen fan Frankryk, Dútslân en de Nederlannen yn 'e besnijing. Allinne Spanje, Ierlân, Portegal en Itaalje bleaune trou oan Rome. Pius V woe hoe dan ek it protestantisme yn Itaalje keare.
Yn it earste jier fan syn pontifikaat trune Pius der by Maria, keninginne fan Skotlân, oan om it katolisisme yn har ryk de âlde status werom te jaan troch jild beskikber te stellen de jezuyt Vincenzo Lauro as nunsius nei Skotlân te stjoeren om dy saak te befoarderjen, mar de politike omstannichheden wiene net geunstich. Maria's protestantske healbroer James Stewart, 1e greve fan Moray, siet nammentlik yn it yn in sintrum fan 'e macht, wylst Maria's katolike man Henry Stuart him skandalich gedroech en net populêr wie.
Hugenoaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op Frankryk hie de paus in gruttere ynfloed as yn Grut-Brittanje. Dêr naam hy ferskillende maatregels om de hugenoaten oan te pakken. Sa regele Pius V it ûntslach fan 'e ta it protestantisme bekearde kardinaal Odet de Coligny en sân biskoppen, ferneatige er it keninklike edikt dat de hagepreken fan 'e herfoarmers tolerearre, fierde hy de Romeinske kategisme yn, werstelde er de pauslike dissipline en fersette er him fûleindich tsjin alle kompromissen mei de hugenoate-adel.
Ingelân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei't Elisabeth I fan Ingelân harsels as it haad fan 'e Tsjerke fan Ingelân beneamde, joech paus Pius V syn stipe oan 'e finzennommen Maria, keninginne fan 'e Skotten, en har oanhingers. In koarte Ingelske katolike opstân wie krekt wat earder mislearre. Pius joech de op 27 april 1570 datearre pauslike bul Regnans in Excelsis út. Dêryn waard Elisabeth I as ketter feroardiele en ûntsloech er har ûnderdanen om de keninginne noch langer trou te bliuwen. De bul betsjutte de ekskommunikaasje fan Elisabeth en tagelyk ek de ekskommunikaasje foar elkenien dy't har stipe. As reaksje op de bul begûn Elisabeth no aktyf de katoliken te ferfolgjen op beskuldiging fan ferrie.
List fan bullen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De paus feardige in grut tal bullen út. De meast opfallende en progressive bul wie faaks wol de Super prohibitione agitationis Taurorum & Ferarum, dy't in ein makke yn 'e Tsjerklike Steat oan 'e bollefjochterijen en oare soartegelikense sporten mei bisten.
jier | namme bul | omskriuwing |
---|---|---|
1565 (17 jannewaris) | Æquum reputamus ("wy beskôgje it as lykweardich") |
Organisearre de religieuze jurisdiksje fan it opkommende Portegeeske koloaniale ryk. |
1566 | Cum nobis ex parte | Werhelle de feroardieling fan dyjingen dy't skipswrakken plonderje. |
1567 | Super prohibitione agitationis Taurorum & Ferarum | Ferbod op bollefjochterijen en ferlykbere sporten by bisten. |
Ex omnibus afflictionibus | Feroardieling 79 stellingen fan Michel de Bay. | |
1567 | Etsi Dominici gregis | Ferbod ferkeap ôflaten. |
1567 (19 jannewaris) | Cum nos nuper | Opdracht oan joaden om harren besit te ferkeapjen yn 'e Tsjerklike Steat. |
1568 (7 juny) | Quod a nobis | Oanpassing Romeinsk brevarium |
1569 (febrewaris) | Hebraeorum gens sola | Beheining fan joaden yn 'e Tsjerklike steat ta Rome en Ancona. |
1569 (27 augustus) | Magnus Dux Etruriae | Befoardere Cosimo I de' Medici ta gruthartoch fan Toskane. |
1569 (17 septimber) | Consueverunt Romani Pontifices | Oer de krêft fan 'e roazekrâns. |
1569 (12 desimber) | "Oangeande it primaat fan it Lateraan" | Befêstiging fan in beslút fan 'e Rota Romana. |
1570 (25 febrewaris) | Regnans in excelsis (Hearskje fan boppe) |
Ferklearret Elisabeth I fan Ingelân as ketter en makket har ûnderdanen frij fan ferplichtingen. |
1570 (14 july) | Quo primum (Fan 'e earste ôf) |
Fêststelling fan 'e Tridentynske Misse; ferbod op alle oare liturgyske rituelen wêrfan't net fêststeld wurde kin dat se langer as 200 jier (sûnder tuskentiids belet) brûkt waarden. |
Hillichferklearringen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Pius V hat mar ien persoan hillich ferklearre: Ivo fan Chartres op 18 desimber 1570.
Dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Paus Pius V ferstoar op 1 maaie 1572. Pius V hie lêst fan blaasstiennen en hy wegere in operaasje. Dêrnjonken fêste de paus de lêste jierren fan syn libben lang, itjinge yn sûnens en wjerstân net goed die. Nei syn dea waarden der trije stiennen yn syn blaas fûn. De paus waard begroeven yn 'e kapel fan S. Andrea yn it Fatikaan, tichteby it grêf fan Pius III. Alhoewol't de paus yn syn testamint fêstlein hie dat er graach yn Bosco begroeven wurde woe, boude paus Sikstus V in monumint yn 'e kapel SS. Sacramento yn 'e Libeariaanske basilyk. It omskot fan paus Pius V waard dêr op 9 jannewaris 1688 hinne brocht.
Hillichferklearring
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1696 waard it proses fan 'e hillichferklearring fan Pius V yn gong set op oantrunen fan 'e Master fan 'e Oarder fan Predikers, Antonin Cloche. Hy joech ek fuort opdracht oan 'e byldhouwer Pierre Le Gros de Jonge om yn 'e Sikstynske kapel fan 'e Santa Maria Maggiore in nij grêfmonumint te bouwen. It lichem fan 'e paus waard dêr yn 1698 byset. Paus Klemens X ferklearre Pius V yn 1672 sillich en de hillichferklearring folge troch paus Klemens XI (1700-1721). Yn 1713 waard syn feestdei op 5 maaie ynfierd yn 'e Algemene Romeinske Kalinder. Dy datum ferhûze yn 1969 nei 30 april, ien dei earder as de datum foar syn dea.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|