Proast
Appearance
In proast (Latyn: praepositus) is in geastlik lieder fan in roomsk-katolike ynstelling, hjoed-de-dei yn Flaanderen, dochs yn it ferline yn Nederlân. In proast hat in amtstitel en foech oer:
- as preester en geastlike lieder dy't in katolike organisaasje liedt of foar it spiritueel mêd fan in feriening soarget.
- as preester foar in geastlike ynstelling dy't sels gjin preesters hat, sa as in priorij fan kleastersusters of in wrâldlik kapittel. De ynstelling hjit dan in proasdij.
- in abt fan in manljuskleaster fan de norbertinen waard yn de midsiuwen ornaris "proast" neamd.
- as domproast en foarsitter fan it domkapittel.
- as plakferfanger fan in lieder fan in geastlike mienskip.
- as synonym fan in aalmoezenier mei in bredere mienskipstaak, sa as bygelyks preester yn in boargerlike organisaasje sa as yn in finzenis, legerienheid of in sikehûs.
- as deken fan in dekanaat of proasdij yn de Grinslanner Ommelannen en westlik East-Fryslân oant de ein fan de sechtjinde iuw. De measte dekanaten, mei útsûndering fan Humsterlân, Baflo, Hatzum en Weener, wiene partikulier eigendom en waarden bestjoerd troch wrâldlike proasten út aadlike famyljes wei. Yn it Ferdrach fan Coevorden fan 1530 waard lykwols fêstlein dat harren taak waarnommen wurde soe troch tsjerklike kommissarissen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|