Springe nei ynhâld

Provinsjale wei 910

Ut Wikipedy
N910
Langte: 12,7 km
Kaart

De provinsjale wei 910 (N910) is in provinsjale wei yn Fryslân yn de gemeenten Noardeast-Fryslân en Achtkarspelen. De dyk foarmet in ferbining tusken de N355 benoardeasten Gerkeskleaster en de N361 by Dokkum. De dyk ûntstie yn de rin fan de 20e iuw troch opwurdearring fan besteande weidielen. De dyk wurdt fanâlds Trekwei neamd.

De dyk begjint yn de gemeente Achtkarspelen benoardeasten Gerkeskleaster. Fan dat krúspunt ôf mei de N355, ek wol bekend as De Lêste Stoer, om't it it lêste plak wie dêr't in stoer foar de pont betelle wurde moast op it paad fan Grins nei Ljouwert, rint de trekwei de gemeente Noardeast-Fryslân yn. De trekwei rint oer Lytsewâld, Kollum en Westergeast, by Driezum del nei it westen nei Dokkum ta. De trekwei rint gâns de rûte by de Strobosser Trekfeart del.

Ynearsten wie de dyk in rykswei. De dyk wie lykwols nea in part fan it rykswegeplan en hie altyd in sekundêre funksje. Oant 1992 wie de dyk administratyf nûmere as Rykswei 858. Yn it ramt fan de Wet fan it fannijs ferpartsjen fan it Wegebehear waard de dyk oerdroegen oan de provinsje Fryslân, dy't de dyk nûmere as 910.

Diken yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
Rykswegen: A6A7A31/N31A32/N32
Provinsjale diken: N351N353N354N355N356N357N358N359N361N369N380N381N383N384N390N392N393N398N910N913N917N918N919N924N927N928N979N981
Jeropeeske wei: E22
Knooppunten: Knooppunt De JouwerKnooppunt It HearrenfeanKnooppunt OerterperfallaatKnooppunt SurchKnooppunt Werpsterhoeke
Rûnwegen: Ring LjouwertRing Snits
· · Berjocht bewurkje