Pyt van der Zee
Appearance
Pyt van der Zee | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Pieter Johannes Cornelis van der Zee | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1915 | |
berteplak | Stiens (Fryslân) | |
stoarn | 1998 | |
stjerplak | Ljouwert (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | hierknipper, toanielregisseur | |
aktyf as | oersetter | |
jierren aktyf | 1955 – 1998 | |
reden bekendheid |
● syn artistyk liederskip fan Tryater ● syn toanieloersettings | |
bekendste wurk(en) |
It Kersehôf De Dea fan in Hannelsreizger | |
prizen | dr. Obe Postmapriis 1987 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Pieter (Pyt) Johannes Cornelis van der Zee (Stiens, 1915 - Ljouwert, 1998) wie in toanielregisseur en adviseur by de NATU (letter Nederlânsk Sintrum Amateurtoaniel) sûnt 1960. Teffens wied er de earste artistyk lieder fan Tryater. Hy wie troud mei oersetster Tryntsje van der Zee, en wie fan berop frouljuskapper te Stiens. Nei him is de Pyt van der Zee-priis neamd. De priis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt oan ien dy't in soad docht foar it amateurtoaniel. Yn 1987 wûn Van der Zee de dr. Obe Postmapriis. Hy joech ek kursussen en les oer toaniel, regisearre en makke oersettings fan ûnder oaren Arthur Miller, August Strindberg en Tennessee Williams.
Rezjy (in kar)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Tsien jier letter (Piter Terpstra, 1955)
- In slet fan tsien dollar (Jean Paul Sartre, 1962)
- De breid yn 'e moarn (Hugo Claus, 1966)
- De Jonkerboer (opera, tekst Ype Poortinga, muzyk Paulus Folkertsma, 1967)
- Sjoen op in distânsje (Arthur Miller, 1972)
- Kiezzige kronkels (Barillet en Gredy, 1974)
- Thús (Oene Spoelstra, 1974)
Oersettings (in kar)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- allinnich
- 1982 - De Les (nei La Leçon, fan Eugène Ionesco)
- yn 'e mande mei Tryntsje van der Zee
- 1992 - It Kersehôf (nei Višnevyj, fan Anton Tsjechov)
- 1994 - De Mieu (nei Čajka, fan Anton Tsjechov)
- 1998 - De Dea fan in Hannelsreizger (nei Death of a Salesman, fan Arthur Miller)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|