Revolver
In revolver is in healautomatysk fûstfjoerwapen mei draaiend magazyn.
In skaaimerk fan de revolver is de silinder mei in tal keamers (faak 6) dêr't de patroanen yn sitte. By in pistoal sitte de kûgels yn in aparte hâlder dy't yn de kolf skood wurdt. In revolver is nei elts skot klear om wer te sjitten. By in saneamde single-action-útfiering moat de hoanne nei it sjitten wer spant wurde; by in double-action-revolver giet dat automatysk by it oerheljen fan de trekker.
Utfiners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Samuel Colt wurdt meastal as útfiner fan de revolver beskôge. Yn 1836 krige er it patint op it wapen en makke der doe talleaze fan yn syn yn 1847 oprjochte wapenfabryk. Syn bekendste model wie de Colt .45, dy't in symboal waard fan it Wylde Westen. Mar ek Elisha Collier út Boston makke oanspraak op de titel 'útfiner fan de revolver'. Hy ûntwikkele al om 1815 hinne in fergelykber wapen, dêr't in pear jier letter troch John Evans & Soan yn Londen, in behoarlik tal fan makke waard.
Gallery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
MAS mle 1873 Chamelot-Delvigne
-
MAS mle 1874 Chamelot-Delvigne
-
Nagant M1895
-
MR 38 Match
-
Korth Combat
-
Colt Anaconda .44 Magnum revolver
-
Colt Python .357 Magnum revolvers
-
Smith & Wesson Model 686 .357 Magnum revolvers
-
Taurus .357 Magnum Model 605
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Revolvers fan Wikimedia Commons. |