Springe nei ynhâld

Sâltkamp

Ut Wikipedy
Sâltkamp
Himrik fan Sâltkamp
Provinsje Grinslân
Gemeente It Hegelân
Ynwenners (2020) 1.195
Koördinaten 53°20'17.1"N 6°18'05.6"E
Netnûmer 0595
Postkoade 9974
Webstee zoutkamp.net

Sâltkamp[1] (Grinslânsk: Soltkamp, Nederlânsk en offisjeel: Zoutkamp) is in doarp yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. It doarp hat 1.200 inwenners. De namme ferwiist nei de lizzing oan de eartiidke Lauwerssee (kamp = fjild). De ynwenners hiene eartiids de bynamme Skylfiskkoppen of Flintboksems.

It plak wurdt foar it earst neamd yn 1418 as Soltcampum. Faaks hat de namme te krijen mei it winnen fan sâlt út sâltfean. De earste ynwenners wienen wierskynlik soldaten, dy't letter folge waarden troch fiskers. Om 1580 hinne, yn de Tachtichjierrige Oarloch wie der in skâns Soltecampe, boud oan de mûning fan it Reitdjip yn de Lauwerssee, as bolwurk fan de Spaanske Nederlannen. Yn de jierren dêrnei waarden út Fryslân wei, doe al part fan de lettere Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen, plondertochten troch wettergeuzen makke yn de omkriten fan Sâltkamp en waarden doarpen as Warfhuizen en Zuurdijk yn de brân set. Yn de neifolgjende jierren waarden plannen makke om de ferdigeningswurken yn de Ommelannen opnij te ferôverjen om sa de stêd Grins oanfalle te kinnen. Op 15 oktober 1589 sylde Willem Loadewyk fan Nassau mei 800 man út De Skâns nei de Soltkamp en ferôvere dat plak yn de saneamde Slach om de Soltkamp.

It plak bleau dêrnei noch iuwenlang in militêre festing. Ein 18e iuw, yn de Frânske tiid, waard in fersterke kustbatterij oanlein, sadat it bolwurk doe in bastion mei in batterij oan de eastkant hie. Yn 1882 waard de militêre festing opheft.

Haven fan Sâltkamp yn 1936.
Reitdjip mei Sâltkamp op de eftergrûn.

De befolking bestie lange tiid meast út soldaten en foel bestjoerlik diels ûnder Fjouwerhuzen en foar in part ûnder Houwersyl. Yn 1835 waard de earste tsjerke boud. Yn 1851 wienen der 660 ynwenners. Yn 1858 waard it Hunzegoakanaal groeven en ferbettere de posysje fan it plak mei't skippen der better komme koene. Oant 1877 hie it doarp in fearferbining oer it Reitdjip. Yn dat jier waard it Reitdjip tusken Sâltkamp en Nittershoeke lykwols ôfsletten mei sluzen en krige it doarp in ferbining mei de oare kant troch in brêge en lei it doarp minder isolearre.

De yndustry wie foaral op de fiskerij rjochte; de froulju arbeiden yn de pleatslike fabriken. Begjin 20e iuw berikte de Sâltkampske ekonomy syn hichtepunt. Efkes earder, yn 1883, fergiene 3 fiskersskippen yn in swiere stoarm, dêr't njoggen minsken it libben by ferlernen. Ta harren neitins waard letter in monumint op de dyk set. Nei 1920 makke de grenatefiskerij opgong. Twa jier letter kaam der in spoar nei Grins, sawol foar it ferfier fan persoanen as fisk. Tusken 1930 en 1933 waard in grut haventerrein oanlein en waard in fiskhal boud.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Twadde Wrâldkriich waard Sâltkamp beset troch 80 oant 100 man Dútske troepen; tusken de beide sluzen waarden foar harren grutte barakken set. Ek waard yn 1942 it spoar wer ôfbrutsen wêrby allinne it stasjon oerbleau. It reizgersferfier, dat al yn 1938 dien wie (útsein in skoftke yn 1940), waard sûnt fersoarge troch de bussen fan de Marnetsjinst. De kade by it Reitdjip waard yn de oarloch rekke troch twa bommen en oan de ein fan de oarloch waard de brêge oer it Reitdjip opblaasd. Op 15 april 1945 waard it dorp befrijd troch Kanadeeske troepen.

Ein fiskerij en Heiploeg

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant de ôfsluting fan de Lauwerssee yn 1969, wie Sâltkamp in fiskershaven. De fiskersskippen hiene de koade ZK. Yn it ferline wie it in wichtige oanfierhaven foar grenaten. Dêrtroch krige it plak in grenateferwurkjende fabryk, Heiploeg; de grenaten waarden troch de minsken thús peld. Troch strange regeljouwing op it mêd fan hygiëne koe dat net meat út en wurdt dit wurk no yn Marokko dien. Heiploeg is út it sintrum wei ferhuze en hat no in hypermoderne fabryk bûten it doarp, dy't op it heden de grutste fan Jeropa is. In fiskferwurkjende ôfdieling fan it bedriuw sit yn Lauwerseach. Eartyds waarden grenaten en fiskpuf foar de fiskmoalyndustry bûtendoar drûge en dat stonk dat der waard wolsein: as Soltkamp nait stinkt wordt er niks verdaind ('as Sâltkamp net stjonkt, wurdt der neat fertsjinne'). Tsjintwurdich stjonkt it net mear yn Sâltkamp.

Resinte ûntwikkelings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't Heiploeg ferhuze wie kaam der in protte romte frij yn it sintrum. Der waard in revitalisearingsplan ûntwikkele; in part fan de âlde festing Soltkamp waard wer sichtber makke en it winkelsintrum waard opknapt. Fierders waard de slieperdyk trochstutsen om it haventerrein út it doarp wei berikber te meitsjen. It havenkantoar waard doe yn de dyk boud.

Sâltkamp hie oant 2008 twa skûtelantennes fan de NSO, mei de namme Grûnstasjon Sâltkamp, foar it ôflústerjen fan tillefoanferkear oer de Intelsatsatelliten. It Ministearje fan Definsje krige yn 2004, nei protesten fan bewenners, gjin tastimming fan de Ried fan Steat om it tal skûtels te fergrutsjen, dat doe is it hiele stasjon yn 2008 oergien nei Boerum.

Simmers wie der eartiids, foar de ôfsluting fan de Lauwerssee, feartsjinst (fa. Wagenborg) fia De Skâns nei Skiermûntseach. De boat komt no oan op Lauwerseach.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kaart van Friesland / Kaart fan Fryslân, 1986, in útjefte fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân, de Fryske Akademy, de Ljouwerter Krante, VVV Fryslân-Ljouwert, Falkplan-Suurland B.V. Eindhoven