Springe nei ynhâld

Sansibar (betsjuttingsside)

Ut Wikipedy

"Sansibar" of "Zanzibar" hat yn de Wikipedy ferskate betsjuttings:

  • Sansibar, in autonome republyk binnen it Eastafrikaanske lân Tanzania (sûnt 1964)
  • Sansibareilannen, de eilannegroep dêr't de autonome republyk út bestiet
  • Sansibar (eilân) (of Unguja), ien fan 'e trije haadeilannen fan 'e Sansibareilannen
    • Sansibar-Noard, in bestjoerlike regio op it eilân Sansibar mei as haadstêd Mkokotoni
    • Sansibar-Sintraal/Súd, in bestjoerlike regio op it eilân Sansibar mei as haadstêd Koani
    • Sansibar-Stêd/West, in bestjoerlike regio op it eilân Sansibar mei as haadstêd Sansibar (stêd)
  • Sansibar (stêd), de grutste stêd op it eilân Sansibar en de haadstêd fan 'e autonome republyk
  • Kanaal fan Sansibar, de seestrjitte dy't de Sansibareilannen skaat fan it fêstelân fan Afrika
  • Sultanaat Sansibar, in ûnôfhinklike histoaryske steat dy't bestie fan 1856 oant 1964 (fan 1890 oant 1964 as Britsk protektoraat)
  • Folksrepublyk Sansibar en Pemba, in ûnôfhinklike histoaryske steat dy't bestie fan jannewaris oant april 1964, foar't Sansibar opgie yn it nij-foarme Tanzania
  • Hilgelân-Sansibar-ferdrach, in ferdrach út 1890 wêrby't Dútslân ôfseach fan syn oanspraken op Sansibar yn ruil foar it eilân Hilgelân, yn 'e Dútske Bocht, dat doedestiden ûnder Britsk bestjoer stie
  • Sansibaroarloch, in koarte oarloch yn 1896 tusken Grut-Brittanje en it sultanaat Sansibar


Dit is in betsjuttingsside, bedoeld om ûnderskied te meitsjen tusken ferskillende siden mei de namme Sansibar (betsjuttingsside).

Op dizze side stean koarte beskriuwings fan de ferskate siden, mei keppelings dêrhinne. At jo hjir belâne binne fia in side op de Wikipedy, dan kinne jo dêr de ferwizing nei dizze side oanpasse, dat takomstige lêzers fuort op de goede side telâne komme.