Saskatchewan
Saskatchewan Saskatchewan | |
---|---|
flagge | wapen |
Latyn: Multis e gentibus vires ("Krêft fan mannich folk") | |
lokaasje yn Kanada | |
algemien | |
ôfkoarting | SK |
lân | Kanada |
status (jier) | provinsje (1905) |
haadstêd | Regina |
grutste stêd | Saskatoon |
offisjele taal | Ingelsk |
sifers | |
ynwennertal | 1.033.381 (2011) |
befolkingstichtens | 1,8 / km² |
oerflak | 651.900 km² (ynkl. wetter) 591.670 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC -6 |
webside | www.gov.sk.ca |
Saskatchewan (Ingelske útspr.: [sə'skætʃəwɑːn]) is ien fan 'e tsien provinsjes fan Kanada. It leit yn it middensuden fan it lân, en heart ta de regio's fan 'e Kanadeeske Prêrjes en Westlik Kanada. De provinsje is wat oerflak oanbelanget ien fan 'e middenmoaters ûnder de Kanadeeske gewesten, mei 6,5% fan it nasjonaal grûngebiet. De haadstêd fan Saskatchewan is Regina, mar de grutste stêd is Saskatoon. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie de provinsje doe goed 1 miljoen ynwenners, wat delkomt op 3,1% fan 'e totale Kanadeeske befolking.
Etymology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme "Saskatchewan" komt fan 'e rivier de Saskatchewan. De oantsjutting dêrfan is ôflaat fan 'e namme dy't dy rivier yn 'e taal fan 'e Kry-Yndianen hat: Kisiskāciwani-sīpiy, of "fluchstreamende rivier".
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Saskatchewan hat in oerflak fan 651.900 km², wêrfan't 591.670 km² út lân bestiet en 59.366 km² út wetter. De provinsje grinzget yn it westen oan 'e Kanadeeske provinsje Alberta en yn it easten oan 'e provinsje Manitoba. Yn it noarden wurdt Saskatchewan begrinzge troch de Noardwestlike Territoaria, wylst it yn it suden swettet oan 'e Feriene Steaten, om persiis te wêzen de steaten Montana en Noard-Dakota. It is ien fan mar twa Kanadeeske gewesten (it oare is Alberta) dat alhiel troch lân omsletten wurdt en gjin seekust hat.
It oergrutte part fan 'e befolking fan Saskatchewan libbet yn it suden fan 'e provinsje, súdlik fan 'e 53ste parallel. De grutste stêd, Saskatoon, telt sa'n 260.000 ynwenners, wylst de haadstêd Regina 210.000 ynwenners hat. Oare grutte plakken binne Prince Albert, Moose Jaw, Yorkton, Swift Current en North Battleford. It suden fan Saskatchewan, dat in prêrjelânskip hat en ûnderdiel útmakket fan 'e Grutte Flakten, is teffens it iennichste diel fan 'e provinsje dêr't lânbou mooglik is.
Noardlik Saskatchewan is fierhinne begroeid mei nullewâlden, útsein de Sândunen fan 'e Atabaskamar, it grutste aktive sânferstowingsgebiet fan 'e wrâld benoarden de 58ste parallel, dat oan 'e súdigge fan 'e middelgrutte Atabaskamar leit. It heechste punt fan 'e provinsje, mei in hichte fan 1.392 m, leit yn 'e Cypress Hills, deun by de grins mei Alberta, wylst it leechste punt, op 213 m, oan 'e kust fan 'e Atabaskamar leit.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de komst fan 'e blanken waard it grûngebiet fan Saskatchewan bewenne troch ferskate Yndiaanske folken, wêrûnder de Swartfuotten (Blackfeet), Assiniboin (Assiniboine), Kry (Cree), Odjibwe (Ojibwe), Sarsy (Sarcee), Gro Wânt (Gros Ventre), Tsjippewaien (Chipewyan) en Sû (Sioux). Foarsafier bekend wie de earste Jeropeaan dy't Saskatchewan berikte, de Ingelsman Henry Kelsey, dy't yn 1690 streamop by de rivier de Saskatchewan lâns reizge mei as doel om pelzen te keapjen fan 'e lânseigen befolking yn it gebiet. De earste permaninte Jeropeeske delsetting yn 'e provinsje wie Cumberland House, in hannelspost fan 'e Britske Hudsonbaaikompanjy, dy't yn 1774 stifte waard troch Samuel Hearne.
Saskatchewan hearde yn dy tiid hast hielendal ta Rupertslân, it gebiet yn noardlik en westlik Kanada dêr't de Hudsonbaaikompanjy by syn oprjochting yn 1670 folsleine sizzenskip krigen hie fan it Ingelske regear. Yn 1803 krigen de Feriene Steaten troch de Louisiana-oankeap, fan 'e Frânske koloanje Louisiana, in stripe fan wat no súdlik Saskatchewan en Alberta is, yn 'e hannen. Dat gebiet waard yn 1818 ruile mei Grut-Brittanje foar de súdlike punt Rupertslân, dy't dielen omfette fan wat no de Amerikaanske steaten Noard-Dakota en Minnesota binne. De rest fan Rupertslân waard úteinlik yn 1869 troch de Hudsonbaaikompanjy oan Kanada oerdroegen, en krige doe de nije namme fan 'e Noardwestlike Territoaria.
Yn dyseldichste snuorje waarden de saneamde Nûmere Ferdraggen tekene mei de ûnderskate Yndiaanske folken yn it gebiet, mei as resultaat dat dy harren lân opjoegen yn ruil foar jierjilden en reservaten. Dêrby diene har geregeldwei skrinende ûngeregeldheden foar, wêrby't de mûnlinge ûnthjitten of sels de yn 'e ferdraggen fêstleine betingsten troch de blanken lang net altyd neikommen waarden. Dat late letter ta in langjierrige juridyske striid fan 'e Yndianen foar harren lânrjochten, dy't yn in protte gefallen noch altyd trochgiet of noch mar koartby beëinige is.
Nei't yn 'e iere 1880-er jierren de Canadian Pacific Railway troch it suden fan Saskatchewan oanlein wie, naam de kolonisaasje fan it gebiet foar it earst in grutte flecht. It lân waard opdield en fergees útparte oan lykfol hokker kolonist oft ek mar in stikje hawwe woe, sûnder dêrby rekken te hâlden mei de oarspronklike bewenners. Dêrûnder wiene de Métis, in heal-blanke, heal-Yndiaanske befolkingsgroep, dy't foar it meastepart Frânsktalich wie. Hja wiene earder al, by in selde soarte barren, fierhinne út it eastliker leine Manitoba ferdreaun, en hiene no har nocht. Yn 1885 briek ûnder harren de Noardwestlike Opstân út, wêrby't se oanfierd waarden troch de yn Kanada noch altyd kontroversjele figuer fan Louis Riel. De Flakte-Kry, Assiniboin en Flakte-Odjibwe fan 'e Izeren Konfederaasje, dy't troch it ynstoarten fan 'e pelshannel en de útrûging fan 'e bizon marzjinalisearre wie, sleaten har by de Métis oan. Troch harren de nûmerike mearderheid, gruttere mobiliteit en bettere bewapening koene de Britten de rebûlje lykwols binnen in pear moannen delslaan. Riel, dy't himsels oerjûn hie, waard feroardiele foar heechferrie en op 16 novimber 1885 ophongen te Regina. Foar de Métis, de oare lânseigen groepen en de Frânsk-Kanadezen is er in held en ien fan harren grutste histoaryske lieders, wylst de Ingelsktalige Kanadezen him oer it algemien noch altyd as oproerling en ûnrêststokelder sjogge.
Hoe dan ek, it tij fan 'e kolonisaasje wie net te kearen, en tsjin it begjin fan 'e tweintichste iuw hie Saskatchewan safolle ynwenners, dat it yn 1905 losmakke waard fan 'e Noardwestlike Territoaria om as in folweardige provinsje lid te wurden fan 'e Kanadeeske Konfederaasje. Oan 'e ein fan 'e tweintiger jierren genoat de rasistyske Ku Klux Klan, dy't ymportearre wie út 'e Feriene Steaten, in pear jier lang grutte populariteit yn beskate blanke fermiddens yn Saskatchewan. De organisaasje hold it koarte tiid mei de Konservative Partij fan Saskatchewan, fanwegen harren mienskiplike fijânskip foar de liberale provinsjaal minister-presidint James G. Gardiner, dy't him fûleindich tsjin 'e ynfloed fan 'e Klan fersette. Uteinlik waard de wjerstân yn 'e provinsje tsjin 'e KKK sa grut dat de organisaasje mei troch guon yn 'e media breed útmetten finansjele ynterne skandalen ynstoarte en weiwaard.
Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw waarden de lânseigen groepen yn Saskatchewan assertiver yn harren striid om ferhaal te heljen foar it ûnrjocht dat harren yn it ferline oandien wie. Dat late úteinlik, yn 1992, ta in histoarysk lânrjochte-akkoart tusken de lânseigen mienskip, de provinsje en de Kanadeeske federale oerheid, wêrby't it de ûnderskate first nations ("earste naasjes", sa't de stammen yn Kanada neamd wurde) tastien waard om op 'e iepen merk grûn oan te keapjen en dat by harren reservaten te foegjen. Op dy manear is it reservaatlân, dêr't spesjale wetjouwing foar fan krêft is, sûnt yn Saskatchewan tanommen mei 761.000 acres.
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Saskatchewan hat in provinsjaal parlemint mei 58 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt (riding), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde systeem as yn Grut-Brittanje). De provinsje wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint. Yn Kanada is it trouwens wenst (mar gjin wet) dat de minister-presidinten fan 'e ûnderskate provinsjes oantsjut wurde as premier, wylst de federale minister-presidint de prime minister is. Yn it federale Kanadeeske parlemint yn Ottawa wurdt Saskatchewan yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 6 fan 105 sitten (5,7%), en yn it Legerhûs troch 14 fan 308 sitten (4,5%).
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Histoarysk stipe de Saskatchewaanske ekonomy fierhinne op 'e lânbou, mar diversifiëarring hat der sûnt de 1960-er jierren foar soarge dat lânbou, boskbou, fiskerij en jacht tsjintwurdich noch mar 6,8% fan it bruto provinsjaal produkt útmeitsje. Likegoed is de lânbou noch wol fan belang, al wie it mar om't in grut part fan alle Kanadeeske weet út Saskatchewan komt. Oare wichtige lânbougewaaksen binne koalsied, flaaks, rogge, hjouwer, koarn, earten en linzen. Ek wurdt der in protte dien oan fleisfeehâlderij.
Yn it noardlike part fan 'e provinsje is fral de boskbou fan belang, mei de papieryndustry as wichtichste ôfnimmer, en fierders de mynbou, mei't der nei potjiske en uranium dold wurdt. Fierders is ek de oalje- en gasyndustry fan grut belang foar de provinsjale ekonomy. Fan alle Kanadeeske provinsjes produsearret inkeld Alberta mear oalje as Saskatchewan. De grutste wurkgelegenheid sawol as ynkomsten biedt lykwols de tsjinstesektor, mei as wichtichste ûnderdielen it bank- en fersekeringswêzen, it ûnderwiis, de sûnenssoarch, de grut- en detailhannel, de transportsektor en de oerheidstsjinsten.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie Saskatchewan doe 1.033.381 ynwenners, wat 6,7% mear is as yn 2006. De befolkingstichtens wie yn 2011 1,8 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 (dy't basearre binne op selsidentifikaasje, wêrby't men mear as ien etnisiteit oanfinke koe) is de mearderheid fan Saskatchewaanske befolking fan Noardjeropeesk komôf, mei in grutte minderheid dy't Eastjeropeeske foarâlden hat. De grutste etnyske groep wiene de Dútsers (28,6%), folge troch de Ingelsen (24,9%), de Skotten (18,9%), de Ieren (15,5%), de Oekraïners (13,5%), de Frânsen (12,2%), de Noaren (6,9%) en de Poalen (5,8%). Alle lânseigen Yndiaanske folken en de Métis mei-inoar wiene yn 2011 goed foar 12,1% fan 'e befolking.
Op it mêd fan godstsjinst bestie neffens sifers út 2001 81,1% fan 'e befolking fan Saskatchewan út kristenen, wêrfan 48,4% protestanten, 29,8% roomsen, 1,8% eastersk-katoliken en 1,1% eastersk-otterdoksen. De grutste protestanstske denominaasjes wiene de feriene protestantske United Church of Canada (19,5%), anglikanen (6,8%), luteranen (8,2%), minnisten (2,5%), baptisten (1,7%) en pinksterkristenen (1,5%). Ateïsten en agnosten foarmen 15,4% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene, yn folchoarder fan grutte: de islaam (0,2%); it boedisme (0,2%); it joadendom (0,1%); it hindoeïsme (0,1%); it sikhisme (0,1%); en it Westersk heidendom (0,1%). De oanhingers fan 'e lânseigen religyen fan 'e ûnderskate Yndiaanske folken foarmen mei-inoar 0,6% fan 'e befolking.
Taal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Ingelsk is de offisjele taal fan Saskatchewan, en is as sadanich by wet fêstlein. De Frânsktalige minderheid, de saneamde Fransaskanen, foarmje mei krapoan 56.000 minsken 5,4% fan 'e befolking. Under de Saskatchewaanske wet hawwe de Fransaskanen it rjocht op Frânsktalich ûnderwiis.
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it suden en de midden fan Saskatchewan hearsket in wiet lânklimaat, wêrby't de measte delslach yn 'e súdeasthoeke fan 'e provinsje falt, wylst de súdwesthoeke tsjin in steppeklimaat oanskoarret, sa drûch is it dêr. It noardlike trêdepart fan 'e provinsje hat in toendraklimaat mei in folle koarte simmerseizoen. Simmerdeis kin it yn súdlik Saskatchewan soms mear as 38 °C wurde, wylst it by 't winter yn deselde krite wikenlang soms net waarmer is as –17 °C. Saskatchewan is it diel fan Kanada dat it measte te lijen hat fan tornado's. Yn 1912 waard de haadstêd Regina troffen troch sa'n wynhoas, wêrby't 28 minsken omkamen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|