She Flies on Strange Wings
Appearance
She Flies on Strange Wings | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | She Flies on Strange Wings (diel 2) | |
artyst | Golden Earring | |
album | Seven Tears | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Rock | |
útbrocht | 11 septimber 1971 | |
doer | 7:25 album 4:30 single | |
label | Polydor | |
skriuwer | George Kooymans | |
produsint | Golden Earring, Fred Haayen | |
resultaten | ||
hitlisten | Top 40 - 4, 1 |
She Flies on Strange Wings is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Golden Earring en útbrocht op Seven Tears. She Flies on Strange Wings wie it fyfde nûmer op it album en waard op 11 septimber 1971 útbrocht as iennichste single fan it album. She Flies on Strange Wings waard by de single-útjefte fanwegen de lingte opdield yn diel 1 en diel 2. It earste part hat in lingte fan fjouwer minuten en tritich sekonden en hâldt op flak foar de brêge fan it nûmer, wêryn't sjonger Hay somtiden ôfwiksele wurdt troch Kooymans. Diel 2 befettet de rest fan it nûmer en duorret trije minuten en fjirtich sekonden.
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Barry Hay – Sang & Gitaar
- George Kooymans – Gitaar & Sang
- Rinus Gerritsen – Bas & Toetsen
- Cesar Zuiderwijk - Drums