Springe nei ynhâld

Skin-walker

Ut Wikipedy

Skin-walker (letterlik: "hûd-rinner") is de gongbere Ingelske oantsjutting foar in yee naaldlooshii, in kweadaardich mytysk wêzen út 'e leginden fan 'e Navaho-Yndianen fan it Amerikaanske Súdwesten. It is in soarte fan boasaardich tsjoender of hekse, dy't him- of harsels feroarje kin yn of foardwaan kin as in bist of dy't bisten besette kin. De oantsjutting wurdt nea brûkt foar goedaardige tsjoenders, lykas medisynlju.

Yn it Navaho betsjut de term yee naaldlooshii safolle as "it beweecht him fuort op fjouwer poaten". Hoewol't de yee naaldlooshii ek bekendheid genietet bûten Yndiaanske fermiddens, om't sa'n wêzen gauris brûkt wurdt as antagonist yn fiksje fan it horrorsjenre, is it eins ien fan ferskate fariëteiten boasaardige tsjoenders út 'e folkloare fan 'e Navaho. Spesifyk is it in type ’ánti’įhnii. It krekte aard fan sokke skin-walkers is mank bûtensteanders net in protte oer bekend, benammen om't de Navaho noch altyd yn it bestean fan dizze wêzens leauwe en ûnwillich binne om harren kennis oer sokke saken oan net-Navaho oer te dragen. Faak wolle se der überhaupt net oer prate, ek net binnen it eigen fermidden, om't se miene dat it trochfertellen fan sokke kennis de yee naaldlooshii sterker makket.

Navaho-tsjoenders wurde ornaris oantsjut as 'heksen', hoewol't dat begryp by harren in oare lading hat as dy't yn 'e Westerske kultuer gebrûklik is. Sokke heksen, skin-walkers ynbegrepen, fertsjintwurdigje de antyteze fan 'e kulturele noarmen en wearden fan 'e Navaho. Medisynlju en rituële genêzers meitsje yn 'e opfetting fan 'e Navaho ek gebrûk fan magy, mar dogge dat om 'e mienskip te tsjinjen; heksen ferwringe it gebrûk fan magy yn in omkearing fan sokke goede wurken dy't ta stân komt troch de tradysjes en seremoanjes te ferdraaien. Om goede magy brûke te kinnen, moat men needsaaklikerwize ek witte wat kweade magy is; de Navaho leauwe dat guon lju sadwaande troch it kwea ferlaat wurde om heksen te wurden.

Skin-walkers kinne sawol manlik as froulik wêze. Bisten dy't troch de Navaho mei harren assosjearre wurde, binne almeast ek bisten dy't as bedragers sjoen wurde, lykas de prêrjewolf. Mar it kin ek om oare bisten gean, yn 'e regel soarten dy't assosjearre wurde mei de dea of faaie foartekens. Men leaut dat skin-walkers harrensels fan stal feroarje kinne troch de foarm fan sokke bisten oan te nimmen of harren op in oare wize as sokke bisten foar te dwaan. Soms is it ek mooglik dat se libbene bisten of sels minsken geastlik besette kinne troch harren slachtoffer djip yn 'e eagen te sjen.

Folksferhalen dy't omgeane mank Navajo-bern ferhelje soms oer lju dy't troch in skin-walker oanfallen wurde en mei de skrik frijkomme, mar faak giet it om in wrakseling op libben en dea, dy't einiget mei it omkommen fan 'e Navaho of it deadzjen fan 'e skin-walker. Der binne ek ferhalen oer skin-walkers dy't besykje in hogan (tradisjonele Navaho-wente) binnen te kringen, mar troch de bewenners ôfskrikt wurde. Ynterpretaasjes fan skin-walker-ferhalen dy't betocht binne troch bûtensteanders nimme faak de foarm oan fan in oanfal ûnderweis, as de protagonist tydlik kwetsber is, mar wit te ûntkommen oan 'e skin-walker op in wize dy't men net tsjinkomt yn tradisjonele Navaho-leginden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.