Springe nei ynhâld

Smokey and the Bandit II

Ut Wikipedy
Smokey and the Bandit II
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Hal Needham
produsint Mort Engelberg
senario Michael Kane
Jerry Belson
Brock Yates
kamerarezjy Michael Butler
muzyk Snuff Garrett
filmstudio Rastar
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Burt Reynolds
Sally Field
Jackie Gleason
Jerry Reed
Dom DeLuise
byrollen Paul Williams
Pat McCormick
Mike Henry
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 15 augustus 1980
foarm langspylfilm
sjenre aksjekomeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 100 minuten
budget en resultaten
budget $17 miljoen
opbringst $66,1 miljoen
filmsearje
filmsearje Smokey and the Bandit
● foarich diel Smokey and the Bandit
● folgjend diel Smokey and the Bandit Part 3

Smokey and the Bandit II is in Amerikaanske aksjekomeedzje út 1980 ûnder rezjy fan Hal Needham. It is in ferfolch op it súksesfolle Smokey and the Bandit, út 1977, mei op 'e nij Burt Reynolds, Sally Field en Jackie Gleason yn 'e haadrollen. It ferhaal giet oer smokkelder Bo "Bandit" Darville (Reynolds) en syn maten, dy't in oaljefant nei de nasjonale konvinsje fan 'e Republikeinske Partij ferfiere moatte, wylst sheriff Buford T. Justice (Gleason) harren wer efter de hakken sit. De film wie in produksje fan 'e Amerikaanske filmstudio Rastar, en waard yn it Feriene Keninkryk, Austraalje, Nij-Seelân en ferskate oare lannen útbrocht ûnder de titel Smokey and the Bandit Ride Again. Nettjinsteande de oer it algemien negative resinsjes die de film it poerbêst; it waard lykwols net sa'n grut súkses as de oarspronklike Smokey and the Bandit west hie.

Big Enos Burdette hat him ferkiesber steld foar it amt fan gûverneur fan 'e Amerikaanske steat Teksas. As in konfrontaasje mei in oare kandidaat, John Coen, fan figuerlik moddergoaien oanboazet ta letterlik moddergoaien, wurde beide mannen neitiid danich beskrobbe troch de ôfgeande gûverneur. Burdette siket letter nei in manear om syn imago te reparearjen. Dêrta sjocht er in kâns as er de ôfgeande gûverneur tsjin in assistint roppen heard dat er dy ferantwurdlik hâldt foar it ferfieren fan in grutte kiste fan Miami nei de nasjonale konvinsje fan 'e Republikeinske Partij yn Dallas. Burdette nimt dan de smokkelder Cledus Snow, better bekend as "Snowman", yn 'e earm om 'e kiste mei ûnbekende ynhâld nei Dallas te slûkjen, sadat hy, Burdette, dêrmei pronkje kin.

Snowman wol syn âlde partner Bo Darville, better bekend as "Bandit" by it plan belûke, mar dyselde is oan legerwâl en oan 'e drank rekke sûnt syn freondinne Carrie, byneamd "Frog", it útmakke hat. Sadwaande hat Bandit gjin belangstelling foar de fratsen fan Burdette. Mar Snowman is net ree om it op te jaan (mei't Burdette $400.000 bean hat foar it op 'e tiid ôfleverjen fan 'e kiste), dat hy freget Frog om help. Dy hat krekt foar de twadde kear Junior, de soan fan 'e strange Teksaanske sheriff Buford T. Justice op harren troudei sitte litte. Se is lykwols hielendal klear mei Bandit, en Snowman wit har allinne safier te krijen dat se helpe wol troch har in flink diel fan it jild te ûnthjitten. Om't Bandit syn eigen auto ferdronken hat, keapet se in nije Pontiac Trans Am foar him troch Junior syn auto yn te ruiljen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Sadwaande komme Junior en syn heit op 'e nij efter de smokkelders oan. Underweis nei Floarida ûnderfynt it trijetal gjin swierrichheden; dy begjinne pas as se yn Miami arrivearje, dêr't bliken docht dat harren kiste troch de dûane trije wiken yn karantêne pleatst is, wylst se him oer trije dagen yn Dallas ôfleverje moatte. Harren 'logyske' beslissing is dan om 'e kiste te stellen, wêrby't se ûntdekke dat der in oaljefant yn sit (de oaljefant is de maskotte fan 'e Republikeinske Partij). Se neame it bist Charlotte nei't Snowman opmurken hat dat it like grut is as syn muoike Charlotte en ek krekt itselde rûkt. As Bandit in splinter út 'e soal fan ien fan 'e poaten fan 'e oaljefant hellet, beslút Charlotte dat se him wol lije mei. Dat de oaljefant dêrnei docht wat Bandit wol, helpt in slok op in boarrel by it stellen en smokkeljen fan it bist.

Snowman is lykwols bang dat der wat mei Charlotte is. By in benzinestasjon moetsje se dokter Frederico Carlucci, in Italjaanske gynekolooch, dy't se om help freegje. De dokter poeieret harren earst ôf, om't er wol bettere dingen te dwaan hat, mar as syn ambulânse sûnder him fuortriidt en hy yn nearnehuzen by it benzinestasjon efterlitten driget te wurden, lit er him omkeapje om foar de oaljefant te soargjen. Dat treft alhiel, want Charlotte kin wol in gynekolooch brûke om't se yn ferwachting blykt te wêzen. Dat soarget foar opûnthâld as de dokter hieltyd op 'e rem trapet om 'e oaljefant rêst te gunnen, wylst de smokkelders troch wolle om op 'e tiid yn Dallas oan te kommen.

Underwilens docht Bandit war om fan 'e drank ôf te bliuwen en besiket er suver wanhopich om syn ferlerne rom út it ferline werom te krijen. Ek hâldt de spande sitewaasje tusken him en Frog oan. Yn in restaurant krije se rûzje, wêrby't Frog Bandit tabyt dat se pas wer oer in relaasje mei him tinke wol as er himsels wer lije mei. As er dronken is, makket Bandit fan in net in soarte fan hingmatte, dy't er ûnder Charlotte troch spant, sadat de oaljefant dêr in diel fan it gewicht yn rêste litte kin. De dokter moat tajaan dat dat noch net iens sa'n gek idee is.

Yn 'e tuskentiid hat sheriff Justice de help ynroppen fan syn beide bruorren, Reginald Van Justice, in mountie út Kebek, en Gaylord Justice, in ferweakke Texas Ranger (dy't allebeide ek spile wurde troch Jackie Gleason). Justice lokket Bandit nei in delling ta dêr't in rige mounties (yn reade plysje-auto's) op 'e iene bedelte steane, en in rige Texas Rangers (yn wite plysje-auto's) op 'e oare. Bandit oarderet Snowman om troch te riden en Charlotte yn Dallas ôf te leverjen, mar Snowman keart werom mei in konfoai frachtweinen wêrfan't de sjauffeurs helpe wolle om it tsjin 'e plysje op te nimmen. De konfrontaasje einiget mei de massale ferneatiging fan 'e plysje-auto's, dêr't inkeld sheriff Justice en syn beide bruorren oan ûntsnappe. Bandit en Snowman ûntkomme troch oer in 'brêge' fan oplizzers te riden, mar as de bruorren Justice folgje wol, riidt der ien oplizzer tusken wei, mei as gefolch dat de auto's fan Gaylord en Reginald dochs noch total loss reitsje. De auto fan sheriff Justice riidt noch wol, mar is yn 'e midden opteard en mist alle doarren en it dak. Hy en Junior reitsje dermei fan 'e dyk ôf en ride har fêst yn in wâl. Troch de klap wurdt Junior oer de motorkap yn in wetterpoel smiten. Sheriff Justice jout dan ta dat er oan syn pinsjoen ta is.

Nei de konfrontaasje mei de plysje bringt Charlotte in sûn keal te wrâld. Bandit ynformearret Frog dan dat er himsels wer lije mei. Dêr heakket er oan ta dat er de rest fan syn libben net sûnder har trochbringe wol. As se him nei it jild fan Burdette freget, seit er dat se Charlotte noch hieltyd nei Dallas bringe sille, mar net binnen de deadline, mei't de sûnens fan 'e oaljefant op it earste plak komt. Frog is poergelokkich en krûpt him oan, en Bandit/Reynolds trochbrekt dan de fjirde wand troch him direkt ta it filmpublyk te rjochtsjen mei de wurden: "Se hâldt noch hieltyd fan my." Bandit freget Charlotte oft er mei Frog trouwe moat, dêr't de oaljefant entûsjast en lûdroftich op reägearret. Mei no twa oaljefanten op sleeptou sette de smokkelders wer ôf, efterfolge troch sheriff Justice, dy't in autobus opfoardere hat.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Bo Darville ("Bandit") Burt Reynolds
Carrie ("Frog") Sally Field
sheriff Buford T. Justice Jackie Gleason
Cledus Snow ("Snowman") Jerry Reed
dr. Frederico Carlucci ("Doc") Dom DeLuise


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Gaylord Justice Jackie Gleason
Reginald Van Justice Jackie Gleason
Little Enos Burdette Paul Williams
Big Enos Burdette Pat McCormick
John Coen David Huddleston
Junior Justice Mike Henry
gûverneur John Anderson
freonlike dame Brenda Lee

Smokey and the Bandit II waard, krekt as Smokey and the Bandit, regissearre troch Hal Needham, dy't wurke op basis fan in senario skreaun troch Michael Kane, Jerry Belson en Brock Yates. Produsint wie Mort Engelberg foar de filmstudio Rastar. De distribúsje waard dien troch Universal Pictures. Michael Butler wie ferantwurdlik foar de kamerarezjy en de filmmuzyk waard komponearre troch Snuff Garrett. Smokey and the Bandit II waard foar in grut part opnommen yn it noardlike part fan Palm Beach County, yn Floarida, yn 't bysûnder op 'e Burt Reynolds Ranch (in ranch dy't doe eigendom fan Reynolds wie) yn 'e neite fan Jupiter. De film waard makke mei in budget fan $17 miljoen, en gie op 15 augustus 1980 yn premiêre.

Untfangst en resultaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Smokey and the Bandit II krige suver allinnich mar negative resinsjes, mei't de algemiene miening wie dat de film min útfoel yn ferliking mei de oarspronklike Smokey and the Bandit út 1977. Op 'e filmresinsjewebsite Rotten Tomatoes hat Smokey and the Bandit II in goedkarringspersintaazje fan 17%, dat basearre is op seis ûnderskate resinsjes.

De foaroansteande filmkritikus Roger Ebert joech de film 1 fan 4 stjerren en ljochte dêrby ta dat der "gjin ferlet fan dizze film [wie]. Dat is wier by de measte ferfolchfilms, mar it is yn it bysûnder wier foar Smokey and the Bandit II, dat yn prinsipe gewoan de oarspronklike film op 'e nij is, mar lang net sa goed." Ek skreau Ebert: "[H]oe't ik sizze kin dat it in loaie film is as der stunts yn sitte mei fyftich frachtweinen? Omdat der in stik minder oer neitocht hoecht te wurden om in film fol te stopjen mei stunts as om in komeedzje te meitsjen dy't echt grappich is."

Haadrolspiler Burt Reynolds sei letter dat er der alhiel gjin aardichheid oan hân hie om Smokey and the Bandit II te meitsjen. Hy fûn it fan begjin ôf oan in ûnnedich ferfolch dat troch de filmstudio allinnich mar yninoar flânze wie foar it jild, ynstee fan om in goede film te meitsjen.

Nettsjinsteande alle krityk waard Smokey and the Bandit II yn 'e Feriene Steaten de op sân nei populêrste film fan 1980. Yn Noard-Amearika brocht de film $66.132.626 op, wat foar de studio in winst opsmiet fan goed $49 miljoen. Sadwaande waard der yn 1983 noch in twadde ferfolchfilm makke, Smokey and the Bandit Part 3, dêr't Sally Field hielendal net oan meiwurke en Reynolds allinnich in lyts kameoroltsje yn hie.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.