Sondel
Sondel | ||
PKN-tsjerke De Haven | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 400 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 9,63 km² (9,31 km² lân, 0,32 km² wetter) | |
Befolkingsticht. | 42 ynw. /km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N359 | |
Postkoade | 8565 | |
Netnûmer | 0514 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 52' NB 5° 36' EL | |
Offisjele webside | ||
Webside Sondel | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Sondel (grien) yn de eardere gemeente Gaasterlân-Sleat |
Sondel is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, eastlik fan de bosken. Oan de súdkant fan Sondel lizze de grutte pleatsen dy't grinzgje oan de seedyk dêr’t de Iselmar efter leit. Westlik fan Sondel lizze de Gaasterlânske bosken, besuden leit it natoergebiet "de Leien". Yn de himrik fan it doarp leit de buorskip Delbuorren en in part fan de buorskip Teakesyl.
Sondel hat 400 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp Sondel is tusken 1200 en 1300 ûntstien en ûntlient syn namme oan in sânich plak by in boskje. Yn âlde geskriften wurdt it ek Sendel, Senderaland, Sindel, Syndel, Sonderaland, Sundel en Sûndel neamd. Yn 1429 hat der in fjildslach west by Sondel tusken Skieringers en Fetkeapers. Yn Sondel stie it ferneamde slot Beuckenswyk. Hjoed-de-dei stiet op it stee in pleats mei twa grutte wapenstiennen út de eardere iuwen.
Yn de Twadde Wrâldkriich wie dêr in Dútsk barakkekamp mei ôfhark- en radarapparatuer en twa militêre stellingen.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat in feriening foar Doarpsbelang dy't syn gearkomsten hat yn it doarpshûs De Bining. Sûnt 2004 is der in feestkommisje. Fjouwer kear yn 't jier ferskynt it boekje "Praat".
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De basisskoalle, kristlike bassiskoalle "Op 'e Terp", dy't yn 1921 iepene waard, waard yn 2020 sletten. Der is in pjutteboarterplak, "Hummelterp".
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side De Haven (Sondel).
De Haven is de eardere herfoarme tsjerke fan Sondel. Sûnt 2007 is it ien fan de trije tsjerken fan de PKN-Aldemardum-Nijemardum-Sondel. De tsjerke datearret út de 19e iuw en ferfong in âlder tsjerkegebou. De skiednis fan de tsjerke giet werom op in grutte tsjerke út de 12e of 13e iuw, dy't oan de apostel Andréas wijd wie.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Histoarysk Sondel
- Toanielferiening "It Begjin"
- Begraffenisferiening "De Laatste Eer"
- Biljertklub Sondel
- Bilsjongers - koar
- "De Tsjasker" - toulûken
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 382 | 488 | 466 | 284 | 249 | 390 | 400 |
Berne yn Sondel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pieter Boomsma (1941), predikant
- Freark Smink, akteur, toanielspiler en regisseur
- Jacobus Q. Smink (1954), skriuwer en ûnderwizer
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Sondeler Bil is in middenstânsbeurs foar de Súdwesthoeke dy't om de twa jier yn Sondel holden wurdt.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Oan de Noarderreed, tichteby de Bremer Wyldernis, is in selspluktún. It Gaasterlânsk Streekmuseum is yn 'e Eppinga Sate fêstige.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Beamkamp, nei in allinnichsteand bosk
- Beuckenswijkstrjitte, nei it eardere slot Beuckenswijk
- Delbuorsterwei, paad nei Delbuorren.
- It Gaestdykje, nei de geastgrûn dêr't it dykje op leit
- Heechpaed, in heger lizzend earder sânpaad
- Jacobus Boomsmastrjitte, nei Jacobus Boomsma, in fersetstrider yn 'e Twadde Wrâldkriich
- Krúspaed, nei in krusing fan diken
- De Leijen, nei de Sondeler Leien
- Noarderreed,
- Sondelerdyk, in âlde slieperdyk om tsjin it wetter fan de Sudersee te beskermjen
- Sondelerleane, earder 'Sintel neamd, eartiids in sânpaad
- Swaaigat, nei de eardere haven oan de Sondeler Feart
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|