Springe nei ynhâld

Stasjon Ynskedee

Ut Wikipedy
Stasjon Ynskedee
station Enschede
Stasjon Ynskedee yn 2022
Stasjon Ynskedee yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Ynskedee
plak Ynskedee
adres Stationsplein 33-39
arsjitektuer
stasjonskoade Es
type Kopstasjon
iepening 1 july 1866
boujier 1866 1e stasjonsgebou
1951 2e stasjonsgebou
sloopjier 1952 1e stasjonsgebou
arsjitekt 1866
Karel Hendrik van Brederode
1e stasjonsgebou
1952
Hermanus Gerardus Jacob Schelling
2e stasjonsgebou
monumintale status Gemeentlik monumint
monumintnûmer 0153/WN137 stasjon
oare ynformaasje
perrons 2
perronspoaren 5
spoarline Steatsline D
Sutfen - Ynskedee
Dortmund - Ynskedee
Münster - Ynskedee
busline 14 buslinen
stedsbus 9 stedsbussen
9792 (2018)
offisjele webside
NS stasjonsynformaasje
kaart
Stasjon Ynskedee (Ynskedee)
Stasjon Ynskedee
1e stasjonsgebou stasjon Ynskedee yn de 30'er jierren; allinne de trep foar it stasjon is oerbleaun

Stasjon Ynskedee (Es) is in Nederlânsk stasjon. It waard iepene op 1 july 1866; it hjoeddeiske stasjonsgebou is yn 1950 boud. It stasjon leit oan de râne fan it sintrum fan Ynskedee. It âlde stasjon stie op it plak fan it hjoeddeiske P+R parkweg, boud oan Steatsline D (Stasjon SutfenStasjon Glanerbrug; iepene tusken 1865 en 1868).

Stasjon Ynskedee (Ynskedee)
Alde stasjon
Alde stasjon
Nije stasjon
Nije stasjon
Lokaasjes stasjonsgebouwen

It earste stasjongebou waard ûntwurpen troch de yngenieurs Karel Hendrik van Brederode en Louis Abraham Reuvens en iepene op 1 july 1866 har doarren foar treinreizigers. It is boud as in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen, in stasjon fan it type Hengelo. It stasjongebou waard yn 1950 ferfongen troch in nij stasjon. Fan it âlde stasjonsgebou is allinne de trep nei it eardere gebou bewarre bleaun.

Yn it Ynskedeeske weropbouplan fan nei 1945 waarden grutte wizigingen trochfierd yn de haadweistruktuer. Dêrtroch waard de spoarline yn westlike (Hengelooske) rjochting ophege. In nij stasjon wie sadwaande needsaaklik. Hja wiene fan miening dat it âlde Stasjonsgebou te fier bûten it sintrum fan 'e stêd lei. It nije stasjonsgebou kaam 500 meter westliker te stean op it plak fan de eardere trein remize.

Arsjitekt Schelling ûntwurp it nije stasjon. Typearjend is it brûken fan beton en alle pylders. It haadgebou is rjochte op de kopspoaren. It gebou is opset út modules fan 5,25x5,25 meter. De haadgebou is foar Schelling it belangrykste ûnderdiel fan it stasjon. Net fanwegen de hichte, mar fanwegen syn iepenheid. Dy iepenheid stimulearre er troch iepen slútstiennen te brûken. De heakfoarmige plattegrûn beakent in stasjonsplein ôf dat oarspronklik brûkt waard foar as busstasjon en taksystânplak. Yn de jierren 70 waard it busstasjon ferpleatst nei de sydkant fan it gebou, wêrtroch't de haadyngong amper mear brûkt waard om't reizgers benammen fia de sydyngong it stasjon ynrûnen.

Yn 2000 waard it stasjon yngeand ferboud. De sydyngong ferdwûn en midden yn it haadgebou waard in nije yngong makke.

Treinferbinings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Searje Treintype Rûte Tsjinstroaster
1600 Intercity (NS) Skiphol AirportAmsterdam SúdDuivendrechtHilfertsomAmersfoart SintraalApeldoarnDimterAlmeloHengeloYnskedee In healoeretsjinst
1700 Intercity (NS) De Haach SintraalGoudaUtert SintraalAmersfoart SintraalApeldoarnDimterAlmeloHengeloYnskedee In healoeretsjinst
7000 Sprinter (NS) ApeldoarnDimterAlmeloHengeloYnskedee In healoeretsjinst
RS 23
7900
Stoptrein (Keolis) SwolAlmeloHengeloYnskedee In healoeretsjinst
IC 23
17900
Intercity (Keolis) SwolAlmeloHengeloYnskedee In healoeretsjinst
RB 64 Regionalbahn (DB NRW) MünsterSteinfurt-BurgsteinfurtGronauYnskedee
RB 51 Regionalbahn (DB NRW) DortmundPreußenLünenCoesfeldGronauYnskedee

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: