Springe nei ynhâld

Sterke drank

Ut Wikipedy
In ferskaat oan sterke drank.

Sterke drank is alkoholhâldend drinken dat oan in wetlik omskreaune definysje foldocht. Dy definysje ferskilt per lân. Sterke drank wurdt faak omskreaun as in boarrel (ek buorrel, burrel, sûpke), in foaritenslokje of foaritentsje, it tinne guod, spraakwetter (of sprekwetter), willewetter of, by túltsjes, as wjirmferskrikker.

Regeljouwing yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân wurdt mei sterke drank eltse foarm fan alkoholhâldend drinken bedoeld, dy't by keamertemperatuer foar 15 folumepersint of mear út alkohol bestiet, mei útsûndering fan wyn, dy't troch folsleine gêsting oan syn folumepersintaazje alkohol kommen is. Foar de tarieding fan wyn is nammentlik ferlet fan gêstsellen dy't pas ôfstjerre by in alkoholpersintaazje fan tusken likernôch 11% en maksimaal 16%, ôfhinklik fan 'e brûkte gêstsoarte.

It hege alkoholpersintaazje fan sterke drank kin op ferskate manearen berikt wurde:

Drinken mei in alkoholpersintaazje fan 15% of heger mei yn Nederlân inkeld troch erkende en fergunninghâldende sliterijen ferkocht wurde. Utsûnderings op dy regel binne port, sjerry en fermût, dy't ek yn 'e supermerk ferkocht wurde meie. Datselde jildt foar swak-alkohoalyske foarmen fan drinken, lykas bier en gewoane wyn. Der besteane plannen om 'e útsûnderingsposysje fan port, sherry en fermût op te heffen, sadat alle sterke drank allinnich noch yn 'e sliterij te krijen wêze sil.

Underskate soarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane wrâldwiid in grut tal ferskillende soarten sterke drank, dy't faak ferbûn binne mei in beskaat lân. Foarbylden binne:

Oare bekende soarten sterke drank binne absint (in sterke krûdelikeur op basis fan alsem en anys), brandewyn (makke troch distillearring fan wyn), mea (gêste hunichdrank) en punch (in fruchtedrinken mei wyn of rum dertrochhinne).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.