Tad Hilgenbrink
Tad Hilgenbrink | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tad Davie Hilgenbrinck Quintana | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 9 oktober 1981 | |
berteplak | Quincy (Illinois) | |
etnisiteit | Meksikaansk Nederlânsk | |
jierren aktyf | 2003 – no | |
offisjele webside | ||
Tad Hilgenbrink op Twitter |
Tad Hilgenbrink (wiere namme: Tad Davie Hilgenbrinck Quintana; Quincy (Illinois), 9 oktober 1981) is in Amerikaansk toaniel-, tillefyzje- en filmakteur fan mingd Meksikaansk-Nederlânsk etnysk komôf. Hy waard benammen bekend mei de rol fan Matt Stifler yn 'e filmkomeedzje American Pie Presents: Band Camp.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hilgenbrink waard yn 1981 berne yn Quincy, yn 'e steat Illinois. Hy trochrûn de middelbere skoalle oan 'e pleatslike Quincy Senior High School, dêr't er aktyf belutsen wie by muzyk en teätter. Letter folge er in teäteroplieding oan 'e Universiteit fan Millikin, yn Decatur (Illinois), wylst er yn 'e simmerfakânsjes staazje rûn yn The Little Theatre on the Square yn Sullivan (Illinois). Hilgenbrink studearre ek yn 'e Britske haadstêd Londen, dêr't er him talei op it wurk fan Shakespeare, en ûnder mear spile yn in produksje fan In Midsimmernachtdream. Hy sleat syn stúdzje ôf mei it beheljen fan in bachelortitel.
Yn 2003 makke Hilgenbrink diel út fan 'e akteursploech fan it projekt Summer 2003 yn 'e stêd Wichita, yn Kansas. Yn in skouboarch dêre, it Music Theatre of Wichita, spile er doe yn musicals as Footloose, Oklahoma!, Good News, Chicago en The Scarlet Pimpernel. Nei't er yn 2004 ferskate súksesfolle rollen hân hie yn Londen en New York, reizge er nei Los Angeles om syn lok te beproevjen yn 'e filmyndustry fan Hollywood. Hy joech himsels mar fjirtjin dagen om 'e grûnslach foar in film- en tillefyzjekarriêre te lizzen, mar nei't er sawol in gastrol krige yn 'e tillefyzjesearje It's All Relative as de tillefyzjekwis The Price Is Right wûn, besleat er te bliuwen.
Yn 2005 briek Hilgenbrink nasjonaal en ynternasjonaal troch mei de haadrol yn 'e gross-outfilmkomeedzje American Pie Presents: Band Camp. Hy spile yn dy film Matt Stifler, de jongere broer fan Steve Stifler út 'e oarspronklike American Pie-trilogy, spile troch Sean William Scott. De rol fan Matt Stifler wie earder spile troch Eli Marienthal. Hilgenbrink waard derfoar útkeazen fanwegen syn fysike likenis ta Scott. Yn Band Camp is Matt Stifler in tiner dy't net doge wol en allegeduerigen oaren tefiter nimt op manearen dy't faker al as net op himsels weromslane. Hy wurdt nei in simmerkamp stjoerd foar skoalmuzykkorpsen, dêr't er fereale rekket op Elyse Houston, spile troch Arielle Kebbel.
Yn 2006 hie Hilgenbrink de haadrol yn 'e folle serieuzere film The Curiosity of Chance. Dêryn spile er in homoseksuële learling dy't op in nije middelbere skoalle komt en dêr syn eigen plak feroverje moat. Oare films dêr't Hilgenbrink yn spile, wiene û.m. Epic Movie (2007, Disaster Movie (2008) en Amusement (2009. Hy hie de haadrol yn Lost Boys: The Tribe, út 2008, en ek yn The Last Low Tide en The Hills Run Red, beide út 2009. Sûnt 2010 hat Hilgenbrink benammen toanielrollen hân.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Tad Hilgenbrink op Twitter
- (in) Folsleine filmografy fan Tad Hilgenbrink yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |