Tako Hajo Jelgersma
Appearance
Tako Hajo Jelgersma (29 oktober 1702, Harns - 24 maart 1795, Haarlim), wie in 18e iuwsk Nederlânsk keunstskilder.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de RKD ferfear er earst yn 1757 nei Haarlim.[1] Hy wie learling fan Frans Decker en Wigerus Vitringa. Yn it earstoan skildere er skippen en seegesichten, letter skildere er lânskippen, portretten en kopiearre ek wol wurk fan âlde masters. Syn grisailles makke er yn de trant fan Jacob de Wit.[1] Johan Bernard Brandhoff, Johannes Petrus fan Horstok, Cornelis fan Noarde, Martinus fan der Jagt en Johannes Swertner wienen syn learlingen.[1]
Jelgersma stoar as frijfeint yn de âldens fan benei 93 jier.
-
Grisaille foar it Hofje van Noblet, 1763
-
Wigerius Vitringa troch Cornelis fan Noarde nei in tekening fan Jelgersma
-
Portret fan Hendrik Fabricius, 10 jier, 1748 troch Jelgersma
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|