Springe nei ynhâld

Tom Doherty

Ut Wikipedy
Tom Doherty
Tom Doherty yn 2006.
Tom Doherty yn 2006.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Thomas Doherty
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 23 april 1936
etnisiteit Iersk
wurkpaad
berop/amt útjouwer
jierren aktyf 1972 – ±2005
reden
  bekendheid
oprjochter fan Tor Books

Tom Doherty (23 april 1936) is in súksesfol Amerikaansk útjouwer en redakteur fan science fiction- en fantasy-boeken.

Nei't Doherty yn 'e fyftiger en sechstiger jierren as boekeferkeaper wurke hie, waard Doherty yn 1972 útjouwer fan Tempo Books. Yn 1975 waard er dêrnjonken ek noch útjouwer fan 'e science fiction- en fantasy-ymprint Ace Books, dy't yn 'e hannen fan deselde eigner (Grosset & Dunlap) wie. Yn 1980 ferliet er Ace Books om syn eigen útjouwerij, it tige súksesfolle Tor Books op te setten.[1]

Tor waard yn 1987 in dochterûndernimming fan St. Martin's Press; beide binne no dochterûndernimmings fan Holtzbrinck Publishers, dat better bekend is as Macmillan Publishers. Tom Doherty is noch altiten direkteur en útjouwer fan Tom Doherty Associates, LLC, dêr't de ymprints Tor, Forge, Orb, Starscape en Tor Teen ûnder falle.[2]

Yn 2005 waard oan Doherty op 'e World Fantasy Convention te Madison, yn 'e Amerikaanske steat Wisconsin, in World Fantasy Award yn 'e Lifetime Achievement-kategory takend foar syn bydrage oan fantasy-literatuer.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten:

  1. Clute, John, en Nicholls, Peter, The Encyclopedia of Science Fiction.
  2. Clute, John, en Nicholls, Peter, The Encyclopedia of Science Fiction.

Boarnen:

  • Clute, John, en Nicholls, Peter, The Encyclopedia of Science Fiction, Londen, 2011 (fergees te rieplachtsjen op http://sf-encyclopedia.com/).