Springe nei ynhâld

Vesoul

Ut Wikipedy
Vesoul
Emblemen
Bestjoer
Lân Frankryk
Regio Boergonje-Franche-Comté
Departemint Haute-Saône
Arrondissemint Vesoul
Kanton Vesoul-1 en Vesoul-2
Sifers
Ynwennertal 14.866
Oerflak 9,07 km²
Befolkingsticht. 1600 /km²
Hichte 213-375 m
Oar
Postkoade 70000
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 47° 37' N 6° 09' E
Offisjele webside
www.vesoul.fr
Kaart
Vesoul (Frankryk)
Vesoul

Vesoul is in stêd en gemeente yn de regio Boergonje-Franche-Comté (Frankryk). It is de haadstêd fan it departemint Haute-Saône.

Vesoul leit yn it easten fan Frankryk, likernôch hûndert kilometer fan de grinzen fan Switserlân en Dútslân, tusken de bergen fan de Sjuera en de Fogezen. De stêd leit yn it sintrum fan it departemint Haute-Saône, yn it noarden fan 'e regio Boergonje-Franche-Comté. De stêd leit 45 kilometer fan Besançon en 314 kilometer eastlik fan Parys en leit oan it spoar fan Parys nei Mulhouse. It grûngebiet fan 'e stêd hat in oerflak fan 9,07 km²[1].

Vesoul waard foar it earst neamd yn in oarkonde yn 899. Dy oarkonde neamt in boarch boud op 'e heuvel fan La Motte, Castrum Vesulium. Castrum betsjut "boarch" en Vesulium hat it wurdlid ves itjinge "heuvel" of "berch" betsjut yn in taal dy't foar de Kelten sprutsen waard. Hjoed-de-dei foarmet de boarch it sintrum fan de stêd. De earste hûzen waarden binnen de muorren fan de boarch boud. Yn de 13e iuw waard de stêd in wichtich kommersjeel sintrum. Haadstêd fan it baljuwskip fan Amont yn' e 14e iuw, ûnder Spaansk gesach yn de 16e en 17e iuw, waard it de prefektuer fan Haute-Saône op 12 maart 1800[2]

Hjoed-de-dei is ien fan de haadfabriken fan PSA Peugeot Citroën by Vesoul fêstige.

Ferneamde ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Befolking (Vesoul)[6]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vesoul (carte)
  2. Louis Monnier, Histoire de la ville de Vesoul : avec de nombreuses reproductions de monuments et de portraits, Vesoul, Louis Bon, 1909, Tome 1, Tome 2
  3. Jean-Léon Gérôme
  4. Édouard Belin
  5. Edwige Feuillère
  6. INSEE
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vesoul fan Wikimedia Commons.