Waldshut (Landkreis)
Lânkring Rottweil | ||
wapen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 173.460 (2022) | |
Oerflak | 1.131,13 km² | |
Befolkingsticht. | 153 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
Regierungsbezirk | Freiburg | |
Oar | ||
Adres bestjoer | Kaiserstraße 110 79761 Waldshut-Tienen | |
Koördinaten | 47° 37' N 8° 12' E | |
Oprjochting | 1973 | |
Yndieling | 32 gemeenten | |
Kenteken | WT, SÄK | |
NUTS-koade | DE13A | |
Kreiskaai | 08 3 37 | |
Webside | landkreis-waldshut.de |
Waldshut is in bestjoerlik distrikt yn it suden fan 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. De lânkring grinzget yn it suden oan Switserlân en waard yn it ramt fan in weryndieling fan 'e distrikten yn 'e dielsteat yn 1973 oprjochte.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant 1803 hearde Waldshut by Eastenryk en wie de krite in ûnderdiel fan Vorderösterreich. Waldshut waard bekend troch dûmny Balthasar Hubmaier, in oarspronklik roomke preester dy't yn 'e reformaasje op it protestantisme oergyng en dêrnei al gau de menniste kant op gie.
Stêden en gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Stêden | |
---|---|
Gemeenten | |
---|---|
Waldshut-Tiengen is de iennige Große Kreisstädte fan 'e lânkring.
Gearwurkingsferbannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e lânkring binne twa ferskillende soarten gearwurkingsferbannen:
- Gemeindeverwaltungsverbände (GVV).
- Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften (VVG).
Gemeindeverwaltungsverbandbinne:
- GVV Jestetten mei de sit yn Jestetten; oansletten gemeenten binne: Dettighofen, Jestetten en Lottstetten.
- GVV Küssaberg mei de sit yn Küssaberg; oansletten gemeenten binne: Küssaberg en Hohentengen am Hochrhein.
- GVV Oberes Schlüchttal mei de sit yn Ühlingen-Birkendorf; oansletten gemeenten binne: Grafenhausen en Ühlingen-Birkendorf.
- GVV St. Blasien mei de sit yn St. Blasien; oansletten gemeenten binne: de stêd St. Blasien en de gemeenten Bernau, Dachsberg (Südschwarzwald), Häusern, Höchenschwand, Ibach en Todtmoos.
Vereinbarte Verwaltungsgemeinschaften binne:
- VVG fan 'e stêd Bad Säckingen mei de gemeenten Herrischried, Murg en Rickenbach.
- VVG fan 'e stêd Bonndorf im Schwarzwald mei de gemeente Wutach.
- VVG fan 'e stêd Waldshut-Tiengen mei de gemeenten Dogern, Lauchringen en Weilheim.
- VVG fan 'e gemeente Wutöschingen mei de gemeente Eggingen'.
In GVV is in gearwurking tusken teminsten twa gemeenten yn Baden-Wuertemberch mei it doel om yn it ramt fan gemeentlik selsbestjoer yn in grutter ferbân publike taken út te fieren, sûnder dêrby selsstannigens yn te leverjen. Sa wurde bygelyks de administraasjes fan 'e yn in VVG oansletten gemeenten gearfoege, itjinge jild útsparret. In oar foarbyld fan in taak kin bygelyks it ferstjoeren fan belestingoanslaggen oan ynwenners fan 'e oansletten gemeenten wêze. Yn oare Dútske dielsteaten binne soartegelikense gearwurkingsferbannen tusken gemeenten ûnder oare nammen bekend.[1]
De VVG is in foarm fan yntergemeentlike gearwurking yn Baden-Wuertemberch. Yn dat gefal nimt in gemeente (yn it Dútsk in erfüllende Gemeinde of ferfangende gemeente) taken fan in GVV oer, sûnder dat in GVV de juridyske selsstannigens ferliest. De VVG hat sels dus gjin juridysk foech en is likemin in gemeenteferbân. In VVG wurdt troch in bestjoersoerienkomst oprjochte en bestiet út meardere oanbuorjende gemeenten yn in mienskiplike lânkring.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Waldshut, ferzje 28 maaie 2024.
|
Baden-Wuertemberch | ||
---|---|---|
Regierungsbezirke | ||
Landkreise Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis | ||
Kreisfreie Städte Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm | ||
· · |