Springe nei ynhâld

Blaustirns

Ut Wikipedy
blaustirns
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje seefûgels (Laridae)
skaai blaustirnzen (Chlidonias)
soarte
Chlidonias niger
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast
     trochtrekker

De blaustirns (Chlidonias niger) is in fûgel út de ûnderfamylje fan de stirnzen (Sterninae).

De Blaustirns wurdt yn Fryslân ek wol blausterns, blaustarring, skierstirns, skierstjirring as wetterswel neamd.

In folwoeksen eksimplaar is 20 oant 25 sintimeter grut en is dêrmei like grut as de Lytse Stirns. It lichemsgewicht is 60 oant 75 gram. De fûgel hat in swarte snaffel en swartreade poaten. Yn syn briedkleed hat de fûgel in swarte kop, boarst en búk, de boppekant is griis. Beide geslachten hawwe in selde fearrekleed.

De blaustirns is in trekfûgel dy't yn Noard- en Midden-Amearika, it noarden fan Súd-Amerika, Euraazje en Afrika foarkomt. Yn it briedseizoen is de blaustirns ek yn in Fryslân en Nederlân te sjen, de fûgels binne oan de râne fan wetter te finen bygelyks by sompen en marren. De fûgels oerwinterje oan de westkust fan Afrika.

De blaustirns yt fisken, amfibyen en ynsekten. De fûgels pakt syn iten yn de flecht as fan it wetteroerflak.

Aaien fan 'e blaustirns.

Blaustirnzen briede fan maaie oant july yn lytse kloanjes. It nêst wurdt oan de râne fan it wetter as op driuwende planten oanlein. Yn Nederlân wurde ek wol flotsjes útset om troch de fûgels brûkt te wurden. It wyfke leit twa oant trije aaien mei donkere flekken. De aaien wurde dan yn trije wiken bebret foardat de piken útkomme. Nei noch sa'n trije wike fleane de jongen út.

De elektryske boat fan It Fryske Gea hat ek de namme Blaustirns.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Chlidonias niger fan Wikimedia Commons.