Springe nei ynhâld

Bruorren Halbertsma

Ut Wikipedy
Joast Hiddes Halbertsma.
Eeltsje Hiddes Halbertsma.
Tsjalling Hiddes Halbertsma.

De bruorren Halbertsma wiene trije bruorren dy't oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw berne waarden yn Grou en in protte betsjut hawwe foar de Fryske literatuer.[1][2][3] Dêrby giet it om:

Njonken dizze trije skriuwers, dy't ornaris bedoeld wurde as men it oer 'de bruorren Halbertsma' hat, wie der noch in fjirde broer, dy't gjin literêr wurk neilitten hat. Dat wie:

De bruorren Halbertsma waarden berne yn harren âldershûs oan 'e Kowemerk yn Grou,[20] as de soannen fan bakker en keapman[21][22][23] Hidde Joasts Halbertsma (1756-1809)[24][25] en dy syn frou Ruerdtsje (of Riurtk)[26] Tsjallings Binnerts (1767-1809).[27][28][29] Twa letter te wrâld kommen bern stoaren al hiel jong,[30] it jonkje yn 1803,[31] en it famke yn 1805.[32] Joast, Tsjalling en Eeltsje lieken mear op harren heit, wylst Binnert mear útskaaide nei harren mem.[33]

Ruerdtsje Binnerts kaam út in foaroansteand Grouster laach.[34][35] Har famylje wie minnistysk,[36][37] en hoewol't har man fan hûs út herfoarme wie, gied er nei syn houlik oer nei har leauwe.[38] Ut brieven fan Joast komt hja nei foarren as in betûft sakefrou,[39] in leafhawwende mem en in djip leauwich minske.[40] Oer Hidde Halbertsma, de heit, is folle minder bekend. Men wol wol hawwe dat er foar syn trouwen farrensman west hie.[41] Hy moat guodlik fan aard west hawwe, mar wie gau rekke, en dan koed er raar fan him ôfbite.[42] Yn 1784 publisearre er yn it Nederlânsk in lang gedicht mei as titel Schrikkelijke IJsgang en Overstroominge in Gelderland.[43] Ut dat yntrigearjende wurk kin ôflaat wurde dat syn soannen har literêre oanlis net fan in frjemd hiene.[44]

De bruorren Halbertsma hongen sterk oaninoar, mooglik as gefolch fan it feit dat harren âlden beiden yn 1809 jong kamen te ferstjerren, doe't Joast krekt tweintich jier wie, Tsjalling santjin, Binnert trettjin en Eeltsje noch mar alve.[45][46][47] Joast en Eeltsje begûnen neitiid koarte ferhalen en gedichten te skriuwen dy't oanmurken wurde kinne foar folksliteratuer.[48] Om't Joast syn libben lang as besoarger fan it wurk fan Eeltsje fungearre, wiene harren proaza en poëzij fan it begjin ôf oan oaninoar keppele.[49] De taalkundige en frisist Foeke Buitenrust Hettema omskreau Halbertsma sadwaande as de 'ympressario' fan syn bruorren Eeltsje en Tsjalling.[50]

Yn 1822 waard it iere wurk fan Joast en Eeltsje bondele ûnder de titel fan De Lapekoer fan Gabe Skroar, in boekje mei 36 siden dêr't seis gedichten en ien koart ferhaal yn stiene.[51] Dat wurk waard taskreaun oan 'e fiktive, ier stoarne skriuwer út earder tiid 'Gabe Skroar', in boeresoan dy't oer de side rûn en dêrom skroar waard.[52][53] Dat personaazje hat foar 't neist in skepping fan Eeltsje west.[54] Jin te ferskûljen efter sa'n fiktyf auteur wie doedestiden frij normaal.[55][56] In twadde, útwreide printinge fan De Lapekoer fan Gabe Skroar, mei 237 siden, ferskynde yn 1829, folge troch in trêde, tige útwreide printinge yn 1834, mei krapoan 500 siden op grutter formaat.[57][58][59][60]

Dêrnei waarden oanfollings apart publisearre yn 1836 (De Noarger Rún oan Gabe Skroar), 1840 (Twigen út in Alde Stamme), 1854 (Leed en Wille en de Flotgerzen) en 1858 (De Jonkerboer en Teltsjes fan de Wize Mannen fan Esonstêd).[61][62] Meitiid waarden dêryn ek bydragen opnommen fan 'e trêde broer, Tsjalling.[63] Nei it ferstjerren fan alle trije bruorren Halbertsma waard harren proaza en poëzij ûnder tafersjoch fan 'e bibletekaris en argivaris Gerben Colmjon en de boekhannelder en histoarikus Wopke Eekhoff[64][65] gearbrocht en yn 1871 troch útjouwerij fa. J. de Lange te Dimter publisearre ûnder de titel Rimen en Teltsjes.[66][67][68][69][70]

Dat wurk wurdt no beskôge as it nasjonale boek fan 'e Fryske literatuer,[71] en hoewol't de literêre wearde fan 'e bondel neitiid troch guon resinsinten yn 'e kiif steld waard,[72] is it net te ûntstriden dat de Rimen en Teltsjes (en De Lapekoer fan Gabe Skroar, dêr't se út fuortkommen binne) in rol fan krúsjaal belang spilen by it ûntjaan fan in nije literêre Fryske tradysje nei't de taal trije iuwen lang suver allinnich as sprektaal brûkt wie.[73][74] Yn 1949 skreau auteur en literatuerkritikus Anne Wadman dat de Halbertsma's "it Fryske folk in literêr monumint [jûn hiene], dêr't it syn eigen folkslibben yn [...] wjerspegele seach."[75] Ek hjoed de dei steane de Rimen en Teltsjes noch op it earste plak fan 'e ranglist fan Fryske literêre klassikers.[76] Yn 2018 wurdt it Halbertsmajier holden, wêryn't mei in ferskaat oan aktiviteiten omtinken jûn wurde sil oan 'e Halbertsma's en harren wurk.[77]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Breuker, s. 587.
  2. Hemminga, s. 56.
  3. Jensma, s. 197.
  4. Breuker, s. 588.
  5. Breuker, s. 588-591.
  6. Wiersma, s. 10-12.
  7. Breuker, s. 591.
  8. Breuker, s. 591-592.
  9. Wiersma, s. 9.
  10. Breuker, s. 592.
  11. Breuker, s. 592-594.
  12. Wiersma, s. 9-10.
  13. Fryslân Sjongt, s. 10-11.
  14. Oppewal en Boorsma, s. 90-93.
  15. Schroor, s. 2831.
  16. Breuker 1993, s. 587.
  17. Schroor, s. 1125.
  18. Wiersma, s. 9.
  19. Schroor, s. 1124.
  20. Wiersma, s. 7.
  21. Breuker, s. 587.
  22. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  23. Wiersma, s. 7.
  24. Breuker, s. 587.
  25. Terpstra, s. 317.
  26. Wiersma, s. 7.
  27. Breuker, s. 587.
  28. Terpstra, s. 317.
  29. Wiersma, s. 7-8.
  30. Terpstra, s. 316.
  31. Wiersma, s. 7.
  32. Wiersma, s. 7.
  33. Breuker, s. 587.
  34. Breuker, s. 587.
  35. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  36. Breuker, s. 587.
  37. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  38. Breuker, s. 587.
  39. Breuker 1993, s. 587.
  40. Wiersma, s. 8.
  41. Wiersma, s. 8.
  42. Wiersma, s. 8.
  43. Wiersma, s. 8.
  44. Wiersma, s. 8.
  45. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  46. Terpstra, s. 317.
  47. Wiersma, s. 8-9.
  48. Wiersma, s. 11.
  49. Breuker, s. 593.
  50. Wiersma, s. 11.
  51. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  52. Breuker, p. 597.
  53. Twerda, p. 297.
  54. Breuker, p. 597.
  55. Breuker, s. 597.
  56. Twerda, s. 297.
  57. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  58. Terpstra, s. 313.
  59. Twerda, s. 298.
  60. Wiersma, s. 5, 11.
  61. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  62. Bruorren Halbertsma 1958, s. 589-594.
  63. Wiersma, s. 9.
  64. Breuker, s. 604.
  65. Wiersma, s. 5.
  66. Breuker, s. 603-606.
  67. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  68. Oppewal en Boorsma, s. 16.
  69. Terpstra, s. 313.
  70. Wiersma, s. 5.
  71. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  72. Breuker, s. 594-596.
  73. Dykstra en Oldenhof, s. 37.
  74. Jensma, s. 197.
  75. Wadman, s. 14.
  76. Jensma, s. 197.
  77. Vries, Sietse de, Spot en Beschaving van de Gebroeders Halbertsma, yn: de Ljouwerter Krante, 15 jannewaris 2018, s. 21.

  • Breuker, Philippus H., Oer Skriuwers, Boek en Utjeften, yn: Halbertsma, bruorren, Rimen en Teltsjes, Drachten, 1993 (A.J. Osinga Utjouwerij), ISBN 9-06-06-64-892, s. 587-613.
  • Dykstra, Klaes, en Oldenhof, Bouke, Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer, Ljouwert, 1997 (Afûk), ISBN 9-07-00-10-526, s. 37-42.
  • ――, Fryslân Sjongt, Ljouwert, 2000 (Afûk), ISBN 9-06-27-33-611.
  • Halbertsma, bruorren, Rimen en Teltsjes, Boalsert/Ljouwert, 1958 (A.J. Osinga Utjouwerij/R. van der Velde), sûnder ISBN.
  • Halbertsma, bruorren, Rimen en Teltsjes, Drachten, 1993 (A.J. Osinga Utjouwerij), ISBN 9-06-06-64-892.
  • Hemminga, Piet, Fryslân: Fêstens en Feroaring, yn: Hiemstra, Sytze T., De Fryslannen, Ljouwert, 2008 (Fryske Rie/Afûk), ISBN 978-9-06-27-37-734.
  • Jensma, Goffe, Cultuur in Friesland en Friese Cultuur, 1795-1917, yn: Frieswijk, Johan, et al., red., Geschiedenis van Friesland 1750-1995, Amsterdam/Ljouwert, 1998 (Uitgeverij Boom/Fryske Akademy), ISBN 9-05-35-23-685, s. 172-212.
  • Oppewal, Teake, en Boorsma, Pier, Spiegel van de Friese Poëzie: Van de Zeventiende Eeuw tot Heden, Amsterdam, 1994 (J.M. Meulenhoff B.V.), ISBN 9-02-90-47-569.
  • Schroor, Meindert, red., Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9-05-61-53-755.
  • Terpstra, Pieter, Tweeduizend Jaar Geschiedenis van Friesland, Ljouwert, sûnder jier (Utjouwerij M.Th. van Seyen), sûnder ISBN, s. 312-323.
  • Twerda, Hendrik, Fan Fryslâns Forline, Boalsert, 1968 (A.J. Osinga N.V.), sûnder ISBN, s. 296-299.
  • Wadman, Anne, Frieslands Dichters, Leien, 1949 (L. Stafleu), sûnder ISBN.
  • Wiersma, J.P., Foarwurd en De Bruorren Halbertsma, yn: Halbertsma, bruorren, Rimen en Teltsjes, Boalsert, 1958 (A.J. Osinga N.V.), s. 5-14.