Duinrell
Duinrell is in fakânsjepark yn Wassenaar, yn de provinsje Súd-Hollân dat oprjochte is yn 1935. Der lizze in bungalowpark en in camping, mar Duinrell is dochs foaral bekend om har attraksjepark mei it byhearrende swimbad it Tikibad.
Duinrell hat in kikkert as maskotte en har reklamekreet is "Duinrell, dêr kikkertst fan op". De maskotte hjit Rick de Kikkert en komt geregeld werom yn de reklames fan it park.
Attraksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oersjoch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Aqua Shute. Hjirby rûtst in boatsje fan in helling ôf. Underoan stiet op in boerd de snelheid te lêzen.
- Aqua Swing. In sweefmole. Op de grûn steane inkele fonteinen.
- Botsboatsjes. Giele, reade, griene en blauwe boatsjes. In soarte fariaasje op de bekende botsauto's.
- Bumperfrogs. Dit binne botsauto's.
- Karrûssel. In karrûssel út de 19e iuw.
- Ivich baarnende kears. In stadich draaiende kears mei dêroan sitsjes foar twa persoanen. Troch in tou kinne besikers harsels op-en-del gean litte
- Falcon. Is in stielen achtbaan dy't yn 2009 iepene is.
- Keabelbaan in keabelbaanstuoltsje wurdt oer it wetter takele, en giet wer werom.
- Kikkertachtbaan. In berne-achtbaan.
- Klimwand. in klimmuorre mei in hichte fan 16 meter.
- Locomotion. In treintsje yn de styl fan it Wylde Westen.
- Mad Mill. Dit is in "frisbee", in rûne, draaiende skiif, dy't hinne-ende-wer slingert.
- Midgetgolf. In midgetgolfbaan.
- Minitrein. In treinritsje troch in "trollegrot".
- Monorail. In monorail, wêrby't sels trape wurde moat.
- Kattepûl. Yn dizze betelle attraksje wurdt in boatsje efterút in helling oplutsen, it boatsje belannet nei ôfsjitten "op" it wetter.
- Rick's Avontoerenburcht. In eilân dêr't it hûs fan Rick de Kikkert stiet, en der binne in oantal shows.
- Play Kwek Show. In show wêryn't in soad bekende artysten yn kikkertfoarm te sjen binne.
- Rick's Fun Factory. In oerdekt boartersparadys.
- Rodelbaan. In soarte rodelbaan,
- Schip Ahoi. In skommelskip
- Splash. In grutte boat - dêr't plak is foar sa'n 20 persoanen, giet earst in helling op en giet dan nei ûnderen ta en feroarsaket op it wetter rekket in grutte "splash".
- Tikibad. It bekende swimparadys, dat yn gebrûk is sûnt 1984.
- Boarterstún.
- Wetterspin. In "top spin"-attraksje. Men stapt yn in grutte gondel, dy't dan foar- en efterút begjint te draaien en ek oer de kop giet.
Rick's Delight
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Duinrell hie plannen om yn 2007 in nije achtbaan fan de Dútske firma Gerstlauer te iepenjen, mar krige gjin fergunning fan de gemeente. De fergunningsoanfraach foar de Rick's Delight is op 7 maaie 2008 troch de Ried fan Steat ôfwiisd fanwege fouten by ferskate mjittings yn it ûntwerp. Op 7 jannewaris 2009 is it bestimmingsplan dochs goedkard, wat betsjut dat der begûn wurde kin mei de bou fan de achtbaan, wêrnei't de bou útein sette. Op 14 maaie 2009 is de achtbaan iepen gien ûnder de namme: Falcon.
Batflyer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Batflyer wie in hingjende achtbaan (Single Suspended Coaster) mei ien inkele rail en 850 meter lang. De Batflyer wie oplevere yn 1997, mar is yn 2002 sloopt, wylst er nea iepen west hat. De karkes (yn de foarm fan in flearmûs) gienen op sommige punten te hurd, en by de bocht foar it stasjon te stadich, sadat de karkes nea it stasjon berikten. De attraksje waard meardere kearen oanpast, mar koe net foldwaan oan de feilichheidseasken, en is sloopt yn 2002, mei in úteinlike skeapost fan 2 miljoen gûne. De firma fan de achtbaan, Caripro, gie by de bou fallyt.
Der binne wurkjende modellen fan it type Batflyer, mar mei dy yn Duinrell gie it mis, omdat dizze oars wie (mooglik om sa min mooglik beammen kappe te hoegen).
Fan de Batflyer is allinnich noch it stasjon oer, wêryn't no in stasjontsje sit foar in trein en der siet in souvenirwinkel. Yn it stasjon is noch in komplete regelynstallaasje te sjen.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan begjin 2009 ôf wurdt de hiele catering yn Duinrell, fersoarge troch La Place. Alle ytgelegenheden yn it park geane fia La Place.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |