Springe nei ynhâld

Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch

Ut Wikipedy
Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch
(ûnderdiel fan 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen)

De Slach by Stirling, yn 1297.
datum: 12961328
plak: Skotlân, noardlik Ingelân, Ierlân
útkomst: Skotlân behold syn selsstannigens
konfliktpartijen
Keninkryk Skotlân
Hege Keninkryk Ierlân
stipe troch:
Keninkryk Frankryk
Keninkryk Ingelân
Hearlikheid Ierlân


befelhawwers
William Wallace
Robert I fan Skotlân
Edwert fan Bruce
Edwert I fan Ingelân
Edwert II fan Ingelân
Edwert III fan Ingelân
sterkte
oant 20.000 oant 100.000
ferliezen
ûnbkend ûnbekend

De Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch wie in Midsiuwsk militêr konflikt tusken it Keninkryk Skotlân en it Keninkryk Ingelân, dat diel útmakke fan 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen. It begûn yn 1296, doe't kening Edwert I fan Ingelân it buorlân Skotlân binnenfoel en himsels dêr master fan makke, en einige yn 1328 mei de Frede fan Edinburch-Northampton, wêrby't de Skotske ûnôfhinklikheid formeel troch Ingelân erkend waard. Dy selsstannigens wie doe lykwols feitlik al feilichsteld troch de grutte Skotske oerwinning yn 'e Slach by Bannockburn, yn 1314. Ut 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch komme ferskaten fan 'e grutte nasjonale helden fan Skotlân, wêrûnder de frijheidsstrider William Wallace, dy't yn 1305 troch de Ingelsen terjochtsteld waard, en kening Robert I fan Skotlân, better bekend as Robert de Bruce, dy't úteinlik de oerwinning behelle.

Tsjin 'e ein fan 'e trettjinde iuw waard Skotlân regearre troch kening Aleksander III, dy't it lân in perioade fan frede en ekonomyske stabiliteit brocht. Yn 1286 kaam Aleksander lykwols om by in fal fan syn hynder, en doe't fjouwer jier letter ek syn iennichste erfgenamte, syn pakesizzer Margareta, byneamd de 'Faam fan Noarwegen', kaam te ferstjerren, ûntstie der in krisis yn Skotlân wêrby't de troan foarearst leech bleau.

Dat machtsfakuum bea in iepening foar kening Edwert I fan Ingelân om syn ynfloed yn Skotlân út te wreidzjen, temear om't him troch de Skotten frege waard om as skiedsrjochter te fungearjen tusken de ûnderskate troanpretendinten, in barren dat bekend kaam te stean as de 'Grutte Kwestje' (Great Cause). Op Edwert syn oanstean waard yn 1292 Jan fan Balliol, byneamd Jan Leechmantel, te Berwick-upon-Tweed ta kening kroane, wylst er by dy gelegenheid sels fan 'e Skotten erkenning ôftwong as "alderheechste hear" (Lord Paramount) fan Skotlân, wat derop delkaam dat hy, as kening fan Ingelân, tenei de lienhear fan 'e kening fan Skotlân wie. Dêrmei ûndermine er daliks elts gesach dat de nije kening hawwe kinnen hie en makke er Jan ta in soarte fan Ingelsk fazal.

It stânbyld fan 'e Skotske frijheidsstrider William Wallace, yn Aberdeen.

Twa jier letter, yn 1294, easke Edwert fan 'e Skotske kening en eallju dat se yn it Ingelske leger tsjinje soene, dat op it Jeropeeske fêstelân tsjin 'e Frânsen focht. Dat gie sels Jan te fier, en ynstee fan oan Edwert syn easken te foldwaan, sleaten de Skotten doe in bûnsgenoatskip mei Frankryk, de saneamde Auld Alliance ("Alde Alliânsje").

De Ingelske ynfaazje fan 1596

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maart 1296 briek de Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch út doe't de Skotten in preëmptive oanfal op Carlisle, yn noarwestlik Ingelân, útfierden, dy't lykwols ôfslein waard troch it garnizoen ûnder befel fan Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, in Skotsk ealman dy't it fanwegen syn rivaliteit mei Jan fan Balliol mei de Ingelsen hold. Yn reäksje dêrop, mar fral op 'e ûnwil fan 'e Skotten om har oan him te ûnderwerpen, die Edwert I koart dêrnei in ynfal yn Skotlân, wêrby't er Berwick-upon-Tweed ferovere en it Skotske leger fersloech yn 'e Slach by Dunbar. Dêrop sette er Jan fan Balliol ôf, dy't er neitiid finzen hold yn 'e Toer fan Londen. Yn Skotlân stelde er Ingelske amtners oan om it lân te bestjoeren. Yn augustus 1296 waarden mear as 1.500 Skotske eallju twongen om te Berwick in eed fan trou oan 'e Ingelske kening te swarren.

De opstân fan William Wallace

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn maaie 1297 briek der yn súdlik Skotlân lykwols in opstân tsjin 'e Ingelske oerhearsking út, doe't de Ingelske hege sheriff fan Lanark, Willem fan Heselrig, deade waard troch William Wallace, in boer of mooglik leech ealman út dy krite. Neitiid joech Wallace him mei syn oanhingers by Willem de Stoute, hear fan Douglas, mei wa't er de Oanfal op Scone útfierde. Dêrnei joegen ferskate oare Skotske eallju, wêrûnder Jakobus Stewart, 5e grutsteedhâlder fan Skotlân, Robert Wishart, de biskop fan Glasgow, en Robert fan Bruce, 7e hear fan Annandale, har by Wallace-en-dy. Yn dyselde snuorje wiene der mear lytsskalige rebûljes yn Skotlân geande, wêrûnder dy fan Andréas fan Moray, yn it noarden.

De brêge fan Stirling, it toaniel fan 'e Slach by Stirling yn 1297.

De Skotske saak krige lykwols in klap te ferwurkjen doe't Stewart, Wishart en Bruce op 7 july in ferdrach mei de Ingelsen sleaten dat bekend kaam te stean as de Kapitulaasje fan Irvine. Wallace en Moray wiene dêr lykwols net by belutsen, en setten har opstannen fuort, en ek Bruce wie al rillegau dêrnei wer yn gefjochtshannelings tsjin 'e Ingelsen behelle. Wallace sette mei syn folgelingen in basis op yn it Wâld fan Ettrick, yn Selkirkshire, dêr't se in útfal wei diene op it biskoplik paleis fan Wishart, te Ancrum. Mooglik ûnder it belis fan Dundee, begjin septimber, metten Wallace en Moray inoar foar it earst en foegen se harren legerkes gear.

Op 11 septimber 1297 giene Wallace en Moray mei harren oanhingers de Slach by Stirling oan mei in Ingelsk leger ûnder lieding fan Jan fan Warenne, greve fan Surrey. Hoewol't de Skotten fier yn 'e minderheid wiene tsjin 'e Ingelsen, dy't in legermacht fan 3.000 man hynstefolk en 8.000 oant 10.000 man fuotfolk yn it fjild brochten, hiene se it slachfjild goed útsocht. Hja foelen de Ingelsen nammentlik oan by de brêge oer de rivier de Forth, nei't se wachte hiene oant de helte fan it Ingelske leger al oer de brêge hinne wie, wylst de oare helte him noch oan 'e oare kant fan 'e rivier befûn. Doe hoegden se mar de helte fan it Ingelske leger te ferslaan. Se twongen de Ingelske ynfantery tebek de brêge op, dêr't doe ûnderwilens de Ingelske kavalery út alle macht besocht om by de Skotten te kommen. Op in stuit beswiek dêrtroch de brêge ûnder it alderferskuorrendste gewicht dat derop kaam te rêsten, mei as gefolch dat in protte fan 'e Ingelsen yn har swiere metalene wapenrissen kamen te ferdrinken.

William Wallace yn in berneboek út 1906.

Yn 'e Slach by Stirling makken de Skotten strategysk gebrûk fan 'e gesteldheid fan it terrein fan it slachfjild om 'e oerwinning te beheljen. Doedestiden waard soks troch de adel beskôge as in gemiene streek (letterlike betsjutting: in streek fan lju dy't net fan adel wiene), mei't men yn 'e Jeropeeske ridderkultuer fan 'e Midsiuwen achte waard om oarloch útslutend te bedriuwen mei mankrêft en eare. Sadwaande rekken de relaasjes tusken Skotlân en Ingelân as gefolch fan dizze Skotske oerwinning noch sterker ferbittere as dat se al wiene.

Nei Stirling waarden Wallace en Moray ta beskermhear fan Skotlân makke. Sokke beskermhearen wiene feitliks reginten, dy't it lân yn 'e oanhâldende ôfwêzichheid fan kening Jan fan Balliol bestjoerden. Moray wie yn 'e slach ferwûne rekke, en beswiek earne yn it neijier fan 1297 oan syn ferwûnings. Omtrint novimber fan dat jier late Wallace in grutskalige ynfal yn noardlik Ingelân, wêrby't de Skotten in plondertocht holden troch de greefskippen Kumberlân en Noardumberlân.

It Wallace Monumint, yn 'e neite fan Stirling.

Yn april 1298 foel in nij Ingelsk leger Skotlân binnen, dat diskear oanfierd waard troch Edwert I sels. De Ingelsen plonderen Lothian (súdeastlik Skotlân) en namen ferskate kastielen yn, mar it slagge harren net en twing de Skotten ta in iepen fjildslach. Wallace wie fan doel om mei syn Skotske troepen it Ingelske leger te folgjen oant Edwert syn foarrieden en jild útput rekken, wêrnei't se him op syn weromtocht mei oanhâldende lytse oanfaltsjes it libben soer meitsje soene. Dat wie in goede strategy, mei't de befoarrieding fan it Ingelske leger te winskjen oerliet. Edwert wie al rillegau twongen om syn kavalery yn te setten tsjin syn eigen troch honger yn opstân kommen fuotfolk. Mar yn july, doe't er op it punt stie en lûk him werom op Edinburch om nije foarrieden gear te bringen, waard him trochdien dat de Skotten har kamp by Falkirk opslein hiene. Hy teach dêr doe gau-gau mei syn leger hinne en kaam Wallace oer it mad. Sa slagge it him op 22 july 1298 dochs noch om 'e Skotten ta in fjildslach te twingen.

Wallace stelde syn mei spearen tariste fuotfolk op yn fjouwer rûne, stikelbaarcheftige formaasjes, dy't omjûn wiene troch in ferdigeningsmuorre fan skean foarútwizende houtene peallen mei skerpe punten. De Ingelsen setten lykwols Welske bôgesjitters yn, dy't harren de taktyske superioriteit joegen. De eigen bôgesjitters fan 'e Skotten waarden fan it fjild fage troch in oanfal fan it Ingelske hynstefolk, en doe't dêrnei de Skotske ridders, ûnder it befel fan Skotske eallju, harren leger yn 'e steek lieten en fuortrieden, wie it Skotske fuotfolk oerlevere oan 'e Ingelsen, dy't fan alle kanten de fjouwer rûne formaasjes begûnen oan te fallen. De Slach by Falkirk rûn sadwaande út op in swiere nederlaach foar de Skotten, dy't ek ferskate lieders ferlearen, wêrûnder Jan fan Graham en Jan Stewart fan Bonkyll. Wallace sels ûntkaam oan sawol dea as kriichsfinzenskip, mar syn reputaasje hie slim fan 'e nederlaach te lijen.

Plakette yn 'e Londenske buert Smithfield ta oantins oan Wallace op it plak dêr't er terjochtsteld is.

Yn septimber 1298 tsjinne Wallace fan gefolgen syn ûntslach yn as beskermhear fan Skotlân. Hy waard opfolge troch Robert fan Bruce, greve fan Carrick (de lettere kening Robert I), dy't sels oanspraak makke op 'e Skotske troan, en Jan III Comyn, hear fan Badenoch, de omkesizzer fan kening Jan fan Balliol. It twatal Bruce en Comyn krige lykwols neat foarinoar, mei't de beide rivalen net oer harren famyljeskeel hinne stappe koene. Uteinlik waard yn 1299 Willem fan Lamberton, de biskop fan St. Andrews, as trêde beskermhear tafoege om as midsman te fungearjen tusken de oare beide. Doe't dat ek net holp, stapte Robert yn 1300 op as beskermhear en waard er ferfongen troch Ingram fan Umfraville. Noch wer in jier letter treden Comyn, Lamberton en Umfraville ek ôf en waarden se ferfongen troch de neutrale Jan fan Soules, in Skotsk patriot dy't útkeazen waard om't er neutraal wie yn 'e striid tusken de huzen Comyn en de Bruce. Soules sette him derfoar yn om Jan fan Balliol wer op 'e Skotske troan te krijen.

Nei't yn 'e simmer fan 1301 in nije Ingelske ynfaazje fan Skotlân mislearre wie, waard der in wapenstilstân fan njoggen moannen ôfkundige. Yn 1303 wist Edwert einlings en te'n lêsten hiele Skotlân te feroverjen, en alle Skotske lieders, mei útsûndering fan William Wallace, joegen har by in plechtichheid yn febrewaris 1304 formeel oan him oer. Hoewol't de Ingelske kening bearde dat Skotlân no weromkeare soe nei de stân fan saken ûnder it regear fan Aleksander III, wie de Skotske ynbring yn it bestjoer fan har eigen lân minym en inkeld foar de foarm, wylst it fannijs Ingelske bestjoerders wiene dy't it foar it sizzen krigen. Doe't op 5 augustus 1305 de fuortflechtige William Wallace troch de Ingelsen oppakt waard yn 'e neite fan Glasgow en op 23 augustus te Londen terjochtsteld waard, liek de Ingelske oerwinning finaal te wêzen.

De opstân fan Robert de Bruce

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens it histoaryske fjirtjinde-iuwske epos Brus, fan John Barbour, dat ien fan 'e seldsume min ofte mear kontemporêne boarnen oer Robert de Bruce is, tekenen en fersegelen Robert en Jan III Comyn, hear fan Badenoch, yn 'e simmer fan 1305 in geheime oerienkomst. Under de betingsten dêrfan joech Comyn syn oanspraken op 'e Skotske troan op yn it foardiel fan Robert, yn ruil foar de ûntfangst fan alle Skotske lânerijen fan it Hûs Bruce yn it gefal dat der op 'e nij in opstân útbrekke soe tsjin 'e Ingelsen. Hoewol't it ûnbekend is oft Barbour de ôfspraken sekuer werjoech, kin it gjin twifel lije dat Edwert I fan Ingelân Robert oppakke litte woe doe't dy letter dat jier oan it Ingelske Hof tahold. Neffens Barbour hie Comyn de geheime oerienkomst oan Edwert ferret, om sa syn rivaal út 'e wei te romjen en sels skjinne hannen te hâlden. Robert syn freon Ralf fan Montermer, dy't mei in dochter fan Edwert I troud wie en sadwaande it fertrouwen fan 'e kening hie, stjoerde Robert lykwols tolve peinjes en in pear spoaren ta. Robert begriep de wink en pykte mei in skyldfeint by neare nacht út.

De dea fan Jan Comyn yn 'e Greyfriars Kirk te Dumfries.

Nei't er op dy wize halje-trawalje weromkeard wie yn Skotlân, beävensearre Robert op 10 febrewaris 1306 in moeting mei Comyn yn 'e kapel fan it fransiskaner kleaster, de saneamde Greyfriars Kirk, te Dumfries. Dêr beskuldige er Comyn fan ferrie, mei as gefolch dat se slaande deilis rekken. Neffens Barbour soe Robert Comyn dêrby lyk foar it heechalter fan 'e kapel deadien hawwe. Neffens in oare boarne, de histoaryske kronyk Scotichronicon, oerlibbe Comyn it earste hângemien en waard er behannele oan syn ferwûnings, doe't Robert-en-dy hearden dat er noch yn libben wie. Roger fan Kirkpatrick soe doe mei de wurden "I mak siccar" ("Ik sil it bewissigje") mei Jan fan Lindsay ôfset wêze om Comyn wier út 'e ljochten te helpen. By Barbour ûntbrekt dit ferhaal. Hoe dan ek, foar Robert de Bruce wie it momint fan 'e moard yn 'e Greyfriars Kirk beslissend, om't er dêrmei syn opsjes werombrocht ta twa: hy moast sjen dat er kening waard, en oars soed er fûgelfaai ferklearre en as misdiediger ferfolge wurde.

Sadwaande spriek Robert noch yn 'e kapel foar syn neiste folgelingen, dy't er dêr by him hie, syn bedoeling út om 'e Skotske troan op te easkjen. Doe't se nei bûten giene, dêr't de folle gruttere eskortes fan himsels en Comyn it oerlis noch altyd ôfwachten, waarden troch beide partijen de swurden lutsen, en feroare it tsjerkhôf fan Dumfries yn in slachfjild dêr't Robert-en-dy de oerwinning behellen. Fuort dêrnei rieden se nei it Kastiel fan Dumfries, dêr't se it Ingelske garnizoen ta oerjefte twongen. Ut Dumfries wei hastige Robert him nei Glasgow, dêr't er by biskop Wishart oangeande de moard en de ûntwijing fan 'e kapel te bycht gie en absolúsje krige. Wishart rôp de geastlikheid yn hiel Skotlân op om Robert te stypjen, mar doe't paus Klemins V fan it barren yn 'e Greyfriars Kirk hearde, ekskommunisearre er Robert dêrfoar.

Robert de Bruce ta kening fan Skotlân kroane troch Isabella MacDuff (modern tablo yn it Kastiel fan Edinburch).

Op 25 maart 1306, seis wiken nei de moard op Comyn, liet Robert him yn Scone, by Perth, troch biskop Willem fan Lamberton fan St. Andrews kroane ta kening fan Skotlân. Dat waard dien mei alle byhearrende pracht en preal, en yn it keningsklaad dat Robert Wishart foar de Ingelsen ferburgen holden hie. Oanwêzich wiene de biskoppen fan Glasgow en Moray en de greven fan Atholl, Menteith, Lennox en Mar. De oare deis arrivearre Isabella MacDuff, de frou fan Jan Comyn, greve fan Buchan (in neef fan 'e fermoarde Jan Comyn), dy't it rjocht fan har famylje, de MacDuff-greven fan Fife, opeaske om 'e Skotske kening te kroanjen, út namme fan har broer, Duncan IV, dy't minderjierrich wie en yn Ingelske hannen ferkearde. Sadwaande waard kroaningsseremoanje doe nochris oerdien.

Yn 'e maityd fan 1306 late Edwert I fannijs in kampanje yn Skotlân. Hy besette de lânerijen fan Robert en dy syn folgelingen, en skonk se oan syn eigen oanhingers. Yn juny 1306 waard Robert ferslein yn 'e Slach by Methven, en yn augustus kamen de Ingelsen him oer it mad te Strathfillan, dêr't er beskûl socht hie, en moast er halje-trawalje flechtsje. Syn frou en dochters en de oare froulju fan syn selskip stjoerde er doe ûnder de beskerming fan syn broer Neil en Jan fan Strathbogie, greve fan Atholl, nei it Kastiel fan Kildrummy, wylst er sels ûndergrûnsk gie mei syn meast fertroude folgelingen, wêrûnder syn bruorren Tomas, Aleksander en Edwert, Jakobus Douglas (better bekend as de Swarte Douglas), Gilbert fan La Hay, Neil Campbell en Malcolm II, greve fan Lennox.

In fiktoriaansk groepsportret fan 'e Skotske lieders yn 'e Unôfhinklikheids-oarloggen. Fan rjochts ôf: William Wallace, Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan, Robert I fan Skotlân, de Swarte Douglas, Tomas Randolph, 1e greve fan Moray en David II fan Skotlân.

Robert syn frou Elizabeth fan Burgh, syn dochter Marjorie, syn susters Kristina en Marije en Isabella MacDuff waarden nei ferrie troch Willem II, greve fan Ross, yn Tain finzen nommen en útsûnderlike ûnmeilydsum behannele. Dat wie benammen it gefal mei Marije fan Bruce en Isabella MacDuff, dy't op it binnenplak fan 'e kastielen fan Roxburgh, resp. Berwick-upon-Tweed yn 'e iepen loft yn koaien ophongen waarden en sa de folgjende fjouwer jier trochbrochten. Ek Robert syn broer Neil krigen de Ingelsen te pakken doe't it garnizoen fan it Kastiel fan Kildrummy ta oerjefte twongen waard, en hy waard neitiid terjochtsteld yn Berwick-upon-Tweed.

Yn febrewaris 1307 kearden Robert-en-dy yn twa groepkes werom nei it Skotske fêstelân. Ien legerke, ûnder lieding fan himsels en syn broer Edwert, gie oan lân by it Kastiel fan Turnberry en sette yn Galloway útein mei in guerrilja-oarloch. It oare legerke, mei oan it haad Robert syn bruorren Tomas en Aleksander, kaam súdliker oan lân, by Stranraer. De leden fan dy troepemacht waarden lykwols nei de Slach by Loch Ryan ynsletten en oppakt, en de beide bruorren Bruce waarden letter eksekutearre yn Carlisle. Yn april behelle Robert in lytse oerwinning yn 'e Slach by Glen Trool, en koart dêrnei fersloech er Aymer fan Valence, 2e greve fan Pembroke, in favoryt fan Edwert I, yn 'e Slach by Loudoun Hill. Yn dyselde snuorje sette de Swarte Douglas útein mei syn eigen ferneamde guerrilja-oarloch yn súdwestlik Skotlân, wêrby't er syn eigen (troch de fijân besette) kastiel yn Douglasdale oanfoel en platbaarnde. Koarte tiid letter, op 7 july 1307, kaam Edwert I fan Ingelân te ferstjerren, en liet er de oarloch tsjin 'e Skotten oer oan syn folle minder krêftdiedige soan Edwert II.

Nei de oerwinning by Loudoun Hill joech Robert syn broer Edwert it befel oer de opstân yn Galloway, en sette doe sels ôf nei it noarden, dêr't er de kastielen fan Inverlochy en Urquhart ynnaam, de kastielen fan Inverness en Nairn platbaarnde en doe in mislearre wraam op Elgin die. Yn it neijier fan 1307 befûn Robert him yn Aberdeenshire, oan 'e Skotske noardeastkust, dêr't er Banff bedrige en doe slim siik rekke, mar meitiid wer opbettere. Hy liet Jan Comyn, greve fan Buchan, ûnferslein efter him gewurde, wylst er nei it westen ta sette om 'e kastielen fan Balvenie en Duffus te feroverjen en doe dat fan Tarradale, op it Swarte Eilân. Mei in omwei fia Inverness en in twadde mislearre wraam op Elgin kearde er doe begjin 1308 wer yn it noardeasten werom, dêr't er yn maaie yn 'e Slach by Inverurie einlings ôfweefde mei de greve fan Buchan. Dêrnei naam er Buchan sels yn en fersloech er it Ingelske garnizoen fan Aberdeen.

De kop fan it stânbyld fan Robert de Bruce foar it Marisschal Kolleezje te Aberdeen.

Ien fan Robert syn minder fraaie episoaden folge op 'e ferovering fan it noardeasten, doe't er it befel joech ta de Ferwuostging fan Buchan, om der wis fan te wêzen dat alle Comyns útrûge en harren oanhing yn bloed smoard waarden. Dy praktyk omfette net inkeld Buchan sels, mar hast alle Comyn-kastielen yn Moray, Aberdeenshire en it greefskip Buchan. Dêrmei ferneatige Robert foargoed de frijwol ûnbegrinzge macht dy't it Hûs Comyn mear as hûndertfyftich jier lang oer grutte dielen fan it noarden en noardeasten fan Skotlân útoefene hie. Neitiid sette Robert ôf nei Argyll, oan 'e Skotske westkust, dêr't er de Clan MacDougall, ûnder Jan MacDougall fan Lorn, in trouwe bûnsgenoat fan 'e Comyns, fersloech yn 'e Slach yn 'e Pas fan Brander. Nei dy oerwinning koed er it Kastiel fan Dunstaffnage ynnimme, it lêst oerbleaune Comyn-bolwurk.

Yn maart 1309 rôp Robert foar it earst in parlemint gear te St. Andrews, en tsjin augustus fan dat jier behearske er hiel Skotlân benoarden de rivier de Tay. Yn 1310 waard er troch de hiele Skotske geastlikheid as kening erkend, nettsjinsteande it feit dat er feitliks noch altyd ekskommunisearre wie. Dy kar fan 'e Tsjerke wie fan grut polityk belang, mei't in foech oanpart fan 'e Skotske befolking syn stipe ôfhingje liet fan wat de geastlikheid sei. Yn 'e folgjende trije jier ferovere Robert it iene nei it oare Ingelske garnizoensplak, lykas Linlithgow yn 1310, Dumbarton yn 1311 en Perth yn jannewaris 1312. Yn dyselde snuorje fierde er ek plondertochten út yn noardlik Ingelân, en yn 1313 lâne er mei in leger op it strategysk wichtige eilân Man, yn 'e Ierske See, dêr't er letter dat jier Castletown ynnaam en yn 1314 de rest fan it eilân ferovere.

Robert de Bruce sprekt syn troepen ta foarôfgeande oan 'e Slach by Bannockburn.

Yn it foarjier fan 1314 sloech Edwert fan Bruce mei in leger belis foar it Kastiel fan Stirling. De kastlein, Filips fan Mowbray, stimde deryn ta om dy fêsting oer te jaan as er foàr 24 juny net ûntset wie. Underwilens ferovere de Swarte Douglas yn maart fan dat jier Roxburgh, wylst Tomas Randolph, greve fan Moray, it Kastiel fan Edinburch ynnaam. Doe't Edwert II fan Ingelân letter dat jier persoanlik in leger nei Skotlân ta late om it Kastiel fan Stirling te ûntsetten, waard er yn 'e ferneamde Slach by Bannockburn beslissend ferslein troch in Skotsk leger ûnder lieding fan Robert de Bruce, in oerwinning wêrmei't de Skotske ûnôfhinklikheid foar krapoan trijehûndert jier (oant 1603) feilichsteld waard.

Oarloch yn Ierlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Skotske ynfaazje fan Ierlân, yn 1315, moat yn it ljocht sjoen wurde fan 'e Ierske famyljerelaasjes fan Robert en Edwert fan Bruce. Sa wie Robert troud mei Elizabeth fan Burgh, de dochter fan Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster, mar folle wichtiger wie dat beide bruorren oan heitekant ôfstammen fan leden fan ferskate Ierske keningshuzen, wêrûnder Eva fan Leinster (†1188), kening Brian Boru fan Munster en de keningen fan Leinster. Oan memmekant skaaiden de bruorren út 'e âlde keningen fan Galloway, dy't sels wer in tûke wiene fan 'e keningen fan Man en de Eilannen (deselde oarsprong dêr't ek Skotske clans as de MacDonalds en de MacDougalls út fuortkamen). Yn dy tiid bestie der noch gjin dúdlik etnysk of taalkundich ûnderskie tusken de Ieren en de Gaelen fan westlik Skotlân. Sadwaande propagearre Robert in pan-gaelyske uny fan Skotlân, Ierlân en it eilân Man.

Op polityk-militêr flak hie de ynfal yn Ierlân ta doel om in twadde front yn 'e oarloch tsjin 'e Ingelsen te iepenjen, dat Ingelân derta bringe soe syn gruttere mankrêft en materieel yn 'e boaiemleaze put fan in Iersk konflikt te smiten. Doe't de Ingelsen yn jannewaris 1315 it strategysk wichtige eilân Man weroveren, waard it Ierske front foar de Skotten bittere needsaak. Dêrby kaam noch dat der in formeel fersyk om stipe binnenkommen wie fan Donal mac Brian O'Neill, de kening fan Tyrone (in krite yn Ulster), dy't yn 'e benearing kommen wie troch ynfallen fan Anglo-Ierske eallju yn syn gebiet.

It stânbyld fan Robert I fan Skotlân op it slachfjild fan Bannockburn.

Sadwaande lâne Edwert fan Bruce op 26 maaie 1315 mei in leger fan mear as 6.000 man op 'e kust fan Ulster. Dêr loeken de ferskate Anglo-Ierske eallju út dy krite in leger tsjin gear, dat ûnder befel pleatst waard fan Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster, de skoanheit fan syn broer. In diel fan it Skotske leger ûnder Tomas Randolph, 1e greve fan Moray, makke lykwols koarte metten mei harren. Yn july krige de greve fan Ulster fersterking fan Felim mac Aedh Ua Conchobair, de kening fan Konnacht. Mar Edwert wegere snoad genôch om it op in iepen fjildslach oankomme te litten. Ynstee stokele er yn it Konnachtske kamp, dêr't er de rivalisearjende troanpretendint Cathal Ua Conchobair syn stipe ûnthiet, wat yn Konnacht ta in boargeroarloch late. Dat ûntsei de greve fan Ulster de stipe fan sawol kening Felim as fan 'e Anglo-Ierske eallju út Konnacht, dy't har nei hûs ta hastigen om har besittings te beskermjen. Neitiid koe Edwert yn septimber ôfweve mei de restearjende troepen fan 'e greve fan Ulster.

Begjin novimber fersloech Edwert fierders Roger Mortimer, 1e greve fan March, yn 'e Slach by Kells. Dyselde hie ek diel útmakke fan it Ingelske leger dat by Bannockburn ferslein wie; hy wie dêrby troch de Skotten kriichsfinzen makke, mar op frije fuotten steld om it Ingelske keninklike segel, dat ek troch de Skotten bútmakke wie, oan kening Edwert II werom te jaan, by wize fan teken fan goede wil. Fanwegen de Skotske oerwinning by Kells begûn de Ingelske gûverneur fan Ierlân, Jan fan Hothum, biskop fan Ely, de stêd Dublin neitiid op in Skotske belegering ta te rieden. Doe't se de stêd Kells plondere hiene, diene de Skotten itselde mei Granard en oare plakken. Nei in relatyf rêstige rite yn it winterskoft en de maityd fan 1316 waard Edwert fan Bruce yn juny ta hege kening fan Ierlân kroane. Syn macht soe lykwols altyd beheind bliuwe ta it gebiet dat er militêr behearske, mei't de súdlike Ieren mar kwealk ferskil seagen tusken in Ingelske en in Skotske oerhearsking.

De Ferklearring fan Arbroath.

Om't tsjin dy tiid de Grutte Ierske Hongersneed fan 1315-1317 it lân 'e greep begûn te krijen, en grutte legers fan gefolgen suver net befoarriede wurde koen, fûnen der yn 1316 en 1317 mar amper gefjochtshannelings yn Ierlân plak. Oan 'e ein fan 'e simmer fan 1318 marsjearre Jan fan Bermingham, 1e greve fan Louth, lykwols mei farske Ingelske troepen op tsjin 'e Skotske legermacht fan Edwert. Op 14 oktober troffen de beide legers inoar yn 'e Slach by Faughart, dy't útrûn op in nederlaach foar de Skotten. Edwert sneuvele op it slachfjild, en dat betsjutte de ein foar de Skotske oarloch yn Ierlân. Dizze Skotske nederlaach waard yn 'e measte doetiidske Ierske annalen omskreaun as in geweldich ding foar Ierlân, mei't it in ein makke oan 'e geduerige plondertochten en hongersneden dêr't it miene folk fan Ierlân troch de oanhâldende striid ûnder litte.

Ein fan 'e oarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare kant de Ierske See, op it eilân Grut-Brittanje, wie de oarloch ûnderwilens útrûn op in rige skermutselings by de Skotsk-Ingelske grins lâns, en ferskate Skotske plondertochten troch de Noardingelske greefskippen Kumbria, Noardumberlân, Yorkshire en Lancashire. Boppedat hie Robert I ferskate opstannige fazallen ta de oarder roppen, dy't fan it machtsfakuum gebrûk makke hiene om lytse rykjes foar harsels te skeppen, benammen yn 'e noardwestlike Skotske Heechlannen en op 'e Hebriden. Yn 1320 liet Robert fierders, wierskynlik troch syn kânselier Bernard fan Kilwinning, de Ferklearring fan Arbroath opstelle, wrâlds earste dokumintearre ûnôfhinklikheidsferklearring.

Dêrmei wist er úteinlik de stipe te winnen fan paus Jehannes XXII, dy't yn 1328 syn ekskommunikaasje ynloek. Fan gefolgen moast doe ek Ingelân, dêr't in jier earder Edwert II opfolge wie troch syn soan Edwert III, him tsjin heuch en meuch yn by in selsstannich Skotlân dellizze. Yn maaie 1328 tekene de nije kening sadwaande einlings en te'n lêsten it Ferdrach fan Edinburch-Northampton, wêryn't Skotlân erkend waard as in ûnôfhinklik lân mei Robert de Bruce as kening.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.