Springe nei ynhâld

Hearakles

Ut Wikipedy
Hearakles of Herakles
Ἡρακλῆς (Hēraklês)
De Farneeske Herkules, in Romeinske stânbyld fan moarmer út 216 (op basis fan in orizjineel troch Lysippos), no yn it Nasjonaal Argeologysk Museum yn Napels.
De Farneeske Herkules, in Romeinske stânbyld fan moarmer út 216 (op basis fan in orizjineel troch Lysippos), no yn it Nasjonaal Argeologysk Museum yn Napels.
persoanlike bysûnderheden
religy Gryksk heidendom
Romeinsk heidendom (as Herkules)
domein gjint
wente Olympus
famyljerelaasjes en oare besibskip
oarehelte Megara, Omfale, Deianira, Hebe
heit Seus
mem Alkmene
broer Apollo, Ares, Dionysus, Hefaistos, Hermes, Minos, Perseus e.o.
suster Afrodite, Artemis, Eris, Hebe, Pallas Atene, Perséfoné, de Graasjes, de Muzen e.o.
soan Aleksiarus, Anisetus, Hyllus, Telefus, Tlepolemus e.o.
dochter Eukleia e.o.
ekwifalint Herkules, Herkle
attributen
foarwerp gnodze, pylk-en-bôge, liuwehûd
bist Nemeeske Liuw
Dizze side giet oer de healgod Hearakles. Foar oare betsjuttings, sjoch: Hearakles (betsjuttingsside).

Hearakles (mei de klam op it 1e wurdlid) of Herakles (mei de klam op it 2e wurdlid) – beide útspraken komme foar – (Gryksk: Ἡρακλῆς, Hēraklês, útspr.: ['e:raklɛ:s], likernôch "ee-rak-lês") is yn 'e Grykske mytology in held en healgod. Hy wie de soan fan 'e oppergod Seus en de minsklike frou Alkmene. Neffens de myten waard er berne as Alkeus (Ἀλκαῖος, Alkaios, faak latinisearre ta Alcaeus) of mooglik as Alsides (Ἀλκείδης, Alkeidês, latinisearre ta Alcides), mar letter omneamd ta 'Hearakles', dat "Gloarje fan Heara" betsjut, yn in besykjen om 'e grime fan 'e goadinne Heara, de oarehelte fan Seus, wei te nimmen. Dat wie lykwols om 'e nocht; de jaloerske Heara seach it bestean fan Hearakles as bewiis fan 'e oerhoer fan Seus, en hold fêst oan in bittere fijânskip.

Hearakles ûntjoech him ta de grutste held fan 'e Grykske mytology en de foarfjochter fan 'e Olympyske oarder tsjin 'e ktoanyske meunsters. Hy stiet bekend om in grut tal heldedieden, wêrfan't de Tolve Wurken fan Hearakles de bekendste binne. Letter krong er fia de Grykske koloanjes yn Súd-Itaalje ûnder de namme Herkules troch yn it leauwe fan 'e Romeinen, wylst er mank de Etrusken bekend kaam te stean as Herkle. Romeinske keizers as Kommodus en Maksimianus identifisearren harrensels mei de godlike Herkules. De Grykske ferzje fan syn libben en wurken waard troch de Romeinen eins yn syn gehiel oernommen, hoewol't se der neitiid eigen anekdoates oan tafoegen.

Hearakles waard yn 'e myten ôfskildere as in man mei boppeminsklike krêft, in aktyf libido en grutte moed en fernimstigens. By de seldsume gelegenheden dat inkeld brute krêft net foldie, brûkte er syn ferstân, lykas by it útmjuksjen fan 'e stâl fan kening Augias fan Elis of doe't er de titaan Atlas safier wist te krijen dat dy de loft wer op syn skouders weromnaam. Tegearre mei syn healbroer Hermes, de boadskipper fan 'e goaden, wie Hearakles de patroan fan 'e gymnasia. Syn attributen wiene de gnodze en de liuwehûd.

In Romeinske ferguld sulveren skaal mei de jonge Herkules (Hearakles) dy't de slangen fan Heara smoart.

Myten oer Hearakles

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hearakles wie de soan dy't fuortkaam út in affêre fan 'e oppergod Seus mei de stjerlike frou Alkmene, in pakesizzer fan 'e healgod Perseus. Dy Perseus wie ek in soan fan Seus, en Alkmene, mei wa't Seus it oanlei, wie dus eins Seus syn eigen oerpakesizzer. Seus bedreau mei har de leafde nei't er de foarm oannommen hie fan har man Amfitryon, dy't ier thúskaam fan it slachfjild. De wiere Amfitryon kaam letter dyselde jûns thús en bedreau doe ek de leafde mei Alkmene. Yn in gefal fan heteropaternale superfekundaasje (wêrby't in frou twa bern fan ferskillende heiten draacht) rekke hja doe swier mei in twilling, wêrfan't de iene broer de soan fan Seus en de oare de soan fan Amfitryon wie. De twillingbroer fan Hearakles wie Ifikles, dy't letter heit waard fan Iolaus, de selskipsman fan Hearakles.

As it libbene bewiis fan in gefal fan Seus syn ûntrou helle de poppe Hearakles him al ier de haat en fijânskip fan 'e goadinne Heara, de oarehelte fan Seus, op 'e hals. Op 'e jûn dat de twillingen Hearakles en Ifikles berne waarden, beprate Heara, dy't har bewust wie fan Seus syn oerhoer, Seus om in eed te swarren dat it bern út it Hûs fan Perseus dat dy jûns te wrâld kaam, hege kening wurde soe. Want hoewol't Hearakles in ôfstammeling fan Perseus wie, gou itselde foar Eurysteus, waans mem ek op alle dagen rûn. Sadree't Seus de eed sward hie, hastige Heara har nei de wente fan Alkmene ta, dêr't se de berte fan Hearakles en Ifikles fertrage troch Ilitia, de goadinne fan 'e befalling, te twingen om mei de skonken oerinoar te sitten en har klean gear te knoopjen. De twilling kaam doe finzen te sitten yn it limoer fan Alkmene, wylst Heara ûnderwilens de berte fan Eurysteus krekt flugger gean liet. Sa koe it dat dy it earst te wrâld kaam en dêrom hege kening foar Hearakles yn 't plak waard. Heara soe makke hawwe dat Hearakles yn it limoer fan syn mem stoarn wie, as se koe, mar Galantis, de tsjinstfaam fan Alkmene, liigde tsjin Ilitia mei de wurden dat Alkmene al befallen wie. Dêrop sprong Ilitia kjel oerein en kamen de knopen yn har klean los, sadat Alkmene einling en te'n lêsten har beide soannen te wrâld bringe koe.

De oarsprong fan 'e Molkewei, op in skilderij fan Jacopo Tintoretto.

Ut eangst foar Heara liet Alkmene de lytse Hearakles neitiid yn 'e wyldernis efter, mar hy waard rêden troch syn healsuster, de goadinne Pallas Atene, dy't yn 'e myten faker de rol fan beskermster fan helden spile. Hja brocht de poppe by Heara, dy't har ûnbewust wie fan syn identiteit. Ut begrutsjen joech Heara him it boarst, mar Hearakles sûgde sa hurd dat it har der sear oer die. Se treau him fuort, en de tatemolke spuite út har boarst oer de himel en foarme dêr de Molkewei (dêrfandinne de namme). Mei de godlike tate hie Hearakles ek boppenatuerlike krêften ynnommen. Pallas Atene brocht him neitiid werom by syn mem, en hy waard grutbrocht troch Alkmene en Amfitryon. Se feroaren syn namme, dy't oarspronklik Alkeus of Alsides west hie, yn 'Hearakles', dat "Gloarje fan Heara" betsjut. It wie in besykjen om Heara tefreden te stellen, mar it helle neat út.

Hearakles en Ifikles wiene noch mar acht moannen âld doe't Heara twa grutte gifslangen stjoerde om Hearakles te deadzjen. Doe't de slangen de keamer ynkrongen dêr't de twilling wie, kriet Ifikles it út fan eangst, mar Hearakles griep mei elts hantsje in slange beet en smoarde de bisten. Doe't de minne letter yn 'e keamer kaam, wied er mei de kadavers oan it boartsjen as wiene de slangen boartersguod. Yn ferbjustering rôp Amfitryon de sjenner Tiresias derby, dy't in ûngebrûklike takomst foar de jonge Hearakles seach en foarsei dat er noch withoefolle meunsters ombringe soe.

De lytse Hearakles smoart de slangen dy't Heara stjoerd hat om him te deadzjen. Detail op in Grykske faas yn it Louvre te Parys.

Nei't er syn learaar Linus fan Traasje fermoarde hie mei in lier, waard Hearakles troch syn pleechheit Amfitryon in berch op stjoerd, dêr't er by wize fan straf yn iensumens kij hoedzje moast. Neffens de allegoaryske likenis The Kar fan Hearakles, dy't om 400 f.Kr. optocht waard troch de filosoof Prodikus en dêr't Ksenofon nei ferwiisde yn syn Memorabilia, waard Hearakles op 'e berch besocht troch twa allegoaryske figueren, Deugd en Undeugd, dy't him de kar joegen tusken in noflik en maklik libben of in dreech mar glorieus libben. Hearakles keas foar it lêste. Dit ferhaal wie ûnderdiel fan in patroan fan it etisearjen fan Hearkles yn 'e fyfde iuw f.Kr.

Letter troude Hearakles yn Tebe mei Megara, de dochter fan kening Kreön. Mei har krige er fjouwer bern. Yn in bui fan sljochtsinnigens, dy't yn him oproppen wie troch Heara, fermoarde er lykwols syn eigen bern, en, neffens alteast guon ferzjes fan it ferhaal, Megara ek. Syn sljochtsinnigens waard genêzen troch Antikyreus, de stifter fan Antikyra, wêrnei't Hearakles, beseffend hokfoar skriklike misdie oft er begien hie, nei it Orakel fan Delfi flechte.

Sûnder dat er it wist stie dat orakel ûnder ynfloed fan Heara. It die de útspraak dat Hearakles tsien jier lang kening Eurysteus, syn aartsfijân, tsjinje moast en eltse taak folbringe dy't Eurysteus him oplei. As dat him slagge, soed er fan syn sûnde reinige wêze en in god wurde en sa ûnstjerlikens bemachtigje. De falske Eurysteus betocht lykwols tsien frijwol ûnmooglike opdrachten foar Hearakles. Nei't er se allegear ôfwurke hie, kaam Hearakles bedragen út doe't Eurysteus mei nochris twa oaren op 'e lapen kaam. Sa ûntstiene de Tolve Wurken fan Hearakles.

Hearakles befjochtet de Nemeeske Liuw. Detail op in faas yn it Louvre te Parys.

De Tolve Wurken fan Hearakles

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Net alle ferzjes fan 'e myte jouwe de Tolve Wurken fan Hearakles yn deselde folchoarder. Hjirûnder wurdt de folchoarder fan 'e Bibliotheca fan Pseudo-Apollodoarus oanholden.

1. It deadzjen fan 'e Nemeeske Liuw
Hearakles fersloech mei syn bleate hannen in reuseftige liuw dy't allegeduerigen de stêd Nemeä oanfoel. Neitiid droech er de liuwehûd as in mantel as symboal fan syn krêft en macht.
2. It deadzjen fan 'e njoggenkoppige Lerneeske Hydra
Hearakles naam it op tsjin in fjoerblazend meunster mei njoggen koppen, dat, as ien kop ôfslein waard, dêr twa foar yn 't plak weromgroeide. It libbe yn in sompe yn 'e neite fan Lerna, en it wie stjoerd troch Heara yn 'e hope dat it Hearakles syn thússtêd ferneatigje soe. Mei de help fan syn omkesizzer Iolaus fersloech Hearakles it meunster lykwols troch de nekkestompen ticht te brânen foar't der nije koppen út groeie koene. Neitiid dipte er syn pylken yn it giftige bloed fan 'e hydra, sadat it tige deadlike wapens waarden.
3. It fangen fan 'e Gouden Hine fan Artemis
Hearakles siet in jier lang efter dizze wetterflugge hine (in wyfkeshart) oan, mar putte it bist dêrmei op 't lêst sa út dat er it fange en libben oan Eurysteus oerdrage koe.
4. It fangen fan it Erymantyske Swyn
It Erymantyske Swyn wie in reuseftich everswyn dat alles op syn paad ferwoastge. Hearakles wie der lange tiid mei besteld, mar hy wist it bist te finen, te fangen en it oer te bringen nei Mysene.
5. It útmjuksjen fan 'e Augiasstâl yn ien inkele dei
Yn 'e stâlen fan kening Augias fan Elis libben 3.000 kij dy't giftige dong skieten. Augias hie se krigen fan syn heit, de sinnegod Helios. Hearakles waard opdroegen de stâlen yn ien inkele dei út te mjuksjen. Der wie gjin begjinnensein oan it wurk, mar Hearakles groef in djippe greppel nei de stâlen ta en by de stâlen wei, en liet doe de rivieren de Alfeios en de Pineios troch de stâlen hinne streame, sadat alle dong fuortspield waard.
6. It deadzjen fan 'e Stymfalyske Fûgels
De aggressive minskeslinende fûgels terrorisearren in wâld yn 'e neite fan 'e Stymfalia-mar yn noardlik Arkaadje. Hearakles jage se op 'e flecht mei in rattel dy't er fan Pallas Atene krigen hie. Doe't se ienris op 'e wjuk wiene, koed er mei pylk-en-bôge in grut tal delsjitte, dy't er mei werom naam nei Eurysteus.
7. It fangen fan 'e Kretinzyske Bolle
De gefaarlike bolle, dy't de heit fan 'e minotaurus wie, ferwoastge it lân om Knossos hinne, op Kreta, mei't it bist de razernij fan Poseidon belicheme. De seegod wie nammentlik lulk oer it feit dat kening Minos de bolle, dy't er him ta geskink jûn hie, net oan him weromoffere hie (wat de hiele bedoeling fan it geskink west hie). Hearakles fong de bolle en droech it bist op syn skouders nei Eurysteus yn Tiryns. Eurysteus liet de bolle frij, wêrnei't it bist Maraton terrorisearre oant it deade waard troch Teseus.
8. It stellen fan 'e Merjes fan Diomedes
De hynders út 'e stâl fan Diomedes, de kening fan Argos, wiene troch harren eigner beleard ta it iten fan minskefleis. Hearakles fuorre Diomedes sels oan 'e bisten op, wêrnei't er harren de bek tichtbûn en meinaam om se oan Eurysteus te presintearjen.
In byldhouwurk fan 'e lytse Hearakles dy't in slange smoart, yn 'e Kapitolynske Museä te Rome.
9. It stellen fan 'e gurdle fan Hippolyta
Hippolyta, de keninginne fan 'e Amazônes, hie in gurdle dy't har jûn wie troch har heit. Hearakles en syn selskipslju waarden net bepaald gastfrij troch de Amazônes ûntfongen, want Heara hie de froulike kriichsters oardere om harren oan te fallen. Nettsjinsteande dat slagge it Hearakles dochs de gurdle te bemachtigjen en dy by Eurysteus te bringen.
10. It stellen fan 'e kij fan it meunster Geryon
De keppel kij fan Geryon, in reus mei trije hollen en seis earms, waard bewekke troch himsels, syn twakoppige hûn Ortrus en de hoeder Erytion. Hearakles sloech de hûn en de hoeder dea mei syn gnodze en brocht de reus sels om mei in giftige pylk. Dêrnei dreau er de kij mei muoite nei Eurysteus ta.

Hoewol't Hearakles alle tsien taken, dy't him troch Eurysteus oplein wiene, folbrocht hie, wegere Eurysteus it súkses fan Hearakles te akseptearjen oangeande twa fan 'e taken. It deadzjen fan 'e Lerneeske Hydra hie Iolaus by holpen wylst Hearakles de wurken sels dwaan moast. En foar it útmjuksjen fan 'e Augiasstâl hied er ôfpraat om him betelje te litten troch kening Augias (hoewol't dy dêr letter op weromkaam en net betelje woe). Sadwaande joech Eurysteus oan Hearakles twa nije taken, wêrmei't it tal wurken op tolve kaam.

11. It stellen fan 'e gouden apels fan 'e Hesperiden
De gouden apels fan 'e Hesperiden (in groep nimfen) wiene hillige fruchten yn in geheime tún, dy't op 'e noed wie fan Heara. Dy hie Ladon, in skriklike hûndertkoppige draak, oanwiisd as bewekker. Mei de help fan Prometeus en Atlas ûntdiek Hearakles wêr't de tún wie. Atlas, de ûnderstiper fan it himelferwulft, bea oan om 'e apels foar him te stellen as hy dan sa lang de loft omheech hâlde woe. Atlas koe by de apels komme om't er de heit fan 'e Hesperiden wie. Mar hy bedreach Hearakles mei't er hielendal net fan doel wie om 'e loft werom te nimmen. Doe't er de apels ienris hie, kundige er oan dat er se sels wol by Eurysteus bringe soe. Dêrop bedreach Hearakles Atlas werom troch dêrmei yn te stimmen, salang't Atlas de loft eefkes fêstpakke koe wylst hy syn ôfglydzjende mantel oploek. De ûnnoazele Atlas die wat him frege waard, en Hearakles rûn by him wei en kearde mei de apels werom nei Mysene.
12. It fangen en mei werombringen fan Serberus
Fan alle wurken wie dit it meast riskante. Eurysteus wie sa frustrearre oer it feit dat Hearakles oanhâldend taken folbrocht dy't er foar ûnmooglik holden hie, dat er him úteinlik wat opdroech dat nimmen oprêde koe. Hearakles moast delgean nei de ûnderwrâld Hades om dêr de ferskuorrende trijekoppige hellehûn Serberus te fangen, dy't de poarten fan Hades bewekke. Hearakles gie yndie nei Hades ta en ûnderhannele dêr mei syn omke, de Grykske god fan 'e dea dy't ek Hades hiet en oer de ûnderwrâld mei deselde namme regearre. Hades stimde deryn ta om Serberus oan Hearakles mei te jaan as er it bist sûnder wapens oerwinne koe. Doe't dat Hearakles slagge, koed er Serberus meinimme nei Eurysteus, dy't fan dat stuit ôf benaud wie foar de macht en krêft fan Hearakles.
Hearakles en Omfale op in fresko yn it Nasjonaal Argeologysk Museum yn Napels.

Fierdere aventoeren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't er syn Tolve Wurken foltôge en syn tsien jier as tsjinstfeint fan kening Eurysteus úttsjinne hie, rekke Hearakles fereale op prinsesse Iole fan Oechalia. Kening Eurytus fan Oechalia hie de hân fan syn dochter ûnthjitten oan lykfolwa dy't him en syn soannen yn in bôgesjitwedstryd ferslaan koe. Doe't Hearakles dat die, briek Eurytus syn ûnthjit. Hy en al syn soannen útsein Ifitus woene neat fan Hearakles witte. Dêrop deade Hearakles de kening en syn soannen útsein Ifitus, en skaakte er Iole. Ifitus ûntjoech him ta ien fan Hearakles syn bêste freonen. Doe't se seach dat Hearakles nij lok fûn hie, dreau Heara him fannijs ta sljochtsinnigens, mei as gefolch dat er Ifitus oer de stedsmuorre smiet, dat dy it bestoar.

Op 'e nij bejoech Hearakles him nei it Orakel fan Delfi, dat him as straf foar de moard op Ifitus nochris trije jier fan tsjinstberheid oplei om him fan dy sûnde te reinigjen. Diskear waard er slaaf fan keninginne Omfale fan Lydje. Yn har tsjinst wied er twongen om frouljuswurk te dwaan mei frouljusklean oan, wylst sysels de hûd fan 'e Nemeeske Liuw droech en omrûn mei syn oliifhoutene gnodze. Omfale rekke lykwols fereale op Hearakles, en nei ferrin fan tiid joech se him syn frijheid werom en troude mei him. Guon boarnen fernije dat der út harren relaasje in soan berne waard, hoewol't se it net iens binne oer de namme fan 'e jonge. It wie yn dyselde snuorje dat de serkopen, ûndogenske wâldgeasten, útnaaiden mei Hearakles syn wapens. Hy bestrafte harren troch harren oan in stôk fêst te binen mei harren gesichten nei ûnderen ta.

Hearakles mei syn soan Telefus, in Romeinske kopy út 'e 1e of 2e iuw fan in earder wurk dat ferlerngien is.

Wylst er ris troch de wyldernis reizge, waard Hearakles oanfallen troch de Dryopen. Yn 'e Argonautica fan Apolloanius fan Roados wurdt ferhelle dat Hearakles op ûnmeilydsume wize harren kening Teiodamas deade hie, fanwegen in skeel oer ien fan dy syn bollen. Neitiid fierde er oarloch tsjin 'e Dryopen "om't dy yn harren libbens gjin romte oan rjochtfeardichheid joegen." Nei't Hearakles harren ferslein hie, droegen de Dryopen úteinlik harren prins Hylas oan him oer. Hy naam de opslûpte jonge oan as syn skyldfeint en letter ek as minner. Jierren letter namen Hearakles en Hylas har by de bemanning fan 'e Argo, in skip dat út Grikelân ôfsette om it Goudene Flues út Kolchis te heljen. Se fearen lykwols inkeld mei oant in tuskenstop yn Mysje, dêr't Hylas ûntfierd waard troch de nimfen fan in pleatslike boarne (hoewol't er yn oare ferzjes fan it ferhaal simpelwei ferdronk). Hearakles, waans hert brutsen wie, socht him lange tiid, mar Hylas wie fereale rekke op 'e nimfen en kearde nea werom. De Argo fear fierder sûnder harren beiden.

Rêding fan Prometeus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sawol yn 'e Teogony, fan Hesiodos, as yn it toanielstik Prometeus Los, fan Aiskylos, wurdt ferteld hoe't Hearakles de earn deaskeat dy't de titaan Prometeus tramtearre. (Prometeus hie it fjoer fan 'e goaden stellen en oan 'e minsken jûn, en Seus hie him dêrfoar straft troch him mei keatlings oan in rots fêst te klinken, dêr't eltse dei in earn kaam dy't syn búk iepenskuorde en syn lever opfriet, wêrnei't Prometeus geandewei de nacht genies en in nije lever oangroeide.) Hearakles befrijde Prometeus ek fan syn keatlings. Dêrop die Prometeus foarsizzings oer de fierdere dieden fan Hearakles.

De Kar fan Herkules, fan Annibale Carracci.

It stjerrebyld fan Hearakles

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underweis werom nei Mysene út Kaukazysk Ibearje wei, dêr't er de keppel kij fan 'e reus Geryon stellen hie foar syn tsiende wurk, kaam Hearakles twa reuzen tsjin, Alebion en Bergion (of Dersynus), dy't de soannen fan 'e seegod Poseidon wiene. Hy rekke slaande deilis mei harren, en syn beide tsjinstanners waarden him suver oermânsk. Nei't Hearakles in gebed oan syn heit Seus rjochte hie, wist er it gefjocht lykwols dochs te winnen. De delknibbeljende lichemshâlding fan Hearakles (foar it gebed oan Seus) joech de namme Engonasin (Gryksk: Εγγόνασιν, "de Knibbelder", fan εν γόνασιν, en gonasin, "op 'e knibbels") oan it stjerrebyld dat hjoed de dei yn West-Jeropa bekend stiet as Herkules.

Plondering fan Troaje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In generaasje foar de Trojaanske Oarloch stjoerde Poseidon in seemeunster dat de kust fan Troaje teheistere. Laomedon, de kening fan Troaje, risselwearre om syn dochter Hesione oan Poseidon te offerjen, om 'e seegod tefreden te stellen. Op dat stuit arrivearre Hearakles yn Troaje yn it selskip fan Telamon en Oikles. Hy kaam mei Laomedon oerien dat er it seemeunster deadzje soe yn ruil foar de hynders dy't de kening fan Seus ûntfongen hie as kompinsaasje foar de ûntfiering fan Ganymedes. Nei't Hearakles mei it seemeunster ôfweefd hie, briek Laomedon lykwols syn wurd. Dêrop brocht Hearakles in legerke fan syn folgelingen op 'e foet, wêrmei't er Troaje oanfoel en plondere. Se deaden alle soannen fan Laomedon, útsein Podarses, dy't neitiid Priamus hiet, en dy't it faaie libben derôf rêde troch Hearakles in gouden wale te jaan dy't makke wie troch syn suster Hesione. Hesione sels waard as oarlochsbút troch Telamon fuortfierd, mei wa't se in soan krige dy't Teuser hiet.

Opsomming fan oare dieden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Faas mei in ôfbylding fan Hearakles dy't de tsjinstfeinten fan 'e Egyptyske kening Bûsiris befjochtet.
  • Hy fierde oarloch tsjin kening Augias fan Elis, doe't dy him net betelje woe (sa't se yn 't foar ôfpraat hiene) foar it útmjuksjen fan syn stâl. Augias koe net ferslein wurde troch de betûftens fan syn beide legeroersten, de Molioniden, en nei't Hearakles siik rekke, litte syn leger in slimme nederlaach. Letter liet er de Molioniden yn in mûklaach rinne en deade harren, wêrnei't er Elis binnentriek en plondere, en Augias en syn soannen deamakke.
  • Hy besocht it hûs fan Admetus op deseldichste dei dat Alsestis, de frou fan Admetus, tasein hie foar har man yn 't plak te stjerren. Om't er Hearakles net by de doar wegerje woe, en om't er him likemin opsealje woe mei syn fertriet, ferburch Admetus wat der bard wie. Sadwaande dronk Hearakles wyn yn it hûs fan Admetus en fierde feest, wêrmei't er de tsjinners lulk makke, dy't om harren masteresse rouje woene. Op in stuit foel ien fan harren nei him út en beskrobbe him foar syn dwaan, en Hearakles rekke beskamme. Om it goed te meitsjen ferburch er himsels by it grêf fan Alsestis, en doe't de Dea dêr delkaam om har geast op te heljen, sprong Hearakles him op 'e hûd en kniep mei al syn krêft ta oant de Dea belies joech en Alsestis weromjoech oan har man.
  • Hy dage syn healbroer Dionysus, de god fan 'e dronkenskip, út ta in drinkwedstryd en ferlear, wêrnei't er him in skoft by de folgelingen fan Dionysus joech.
  • Hy rjochte twa massive pylders op oan 'e westlike útein fan 'e Middellânske See, ien op 'e súdpunt fan it Ibearysk Skiereilân en ien yn oan 'e noardpunt fan wat no Marokko is. Dêrmei stabilisearre er dat gebiet, sadat it feilich waard foar skippen om tusken de beide lânmassa's troch te farren. De Strjitte fan Gibraltar, sa't de oangeande seestrjitte no hjit, stie dêrom yn 'e Aldheid bekend as de Pylders fan Hearakles of de Pylders fan Herkules.
  • Yn 'e komeedzje Kikkerts, fan Aristofanes, wurdt er opsocht troch de god Dionysus, dy't fan him witte wol hoe't er yn 'e ûnderwrâld komme kin. Hearakles fermakket himsels in skoft troch syn healbroer ferskate ideeën oan 'e hân te dwaan oer hoe't er himsels fan kant meitsje kin (om't de deaden nei de ûnderwrâld geane), mar úteinlik helpt er him troch te fertellen hoe't er dêr libben en wol komme kin.

De dea fan Hearakles wurdt beskreaun yn it toanielstik De Froulju fan Trachis en ek yn 'e Feroarings fan Stal fan Ovidius. Nei't er mei Achelous, de god fan 'e rivier mei deselde namme, wraksele en fan him wûn hat, nimt er Deianira ta frou. As se nei Tiryns reizgje, biedt de sintaur Nessus oan om Deianira te helpen by it oerstekken fan in gefaarlike rivier, wylst Hearakles op eigen krêft nei de oare kant swimt. Nessus, dy't fierwei it earst de oare kant berikt, besiket lykwols Deianira te stellen troch mei har op syn rêch út te naaien. Fergrime sjit Hearakles him del mei pylken dy't er jierren earder yn it giftige bloed fan 'e Lerneeske Hydra dipt hat. As er beseft dat er stjerrende is, nimt Nessus wraak troch Deianira ta te flústerjen dat se syn beblette himd oan Hearakles jaan moat, om't dat de leafde yn him oplôgje litte sil.

Dea fan Herkules, in skilderij fan Francisco de Zurbarán út 1634. Yn it Prado te Madrid.

Ferskate jierren letter heart Deianira derfan grútsjen dat se yn Iole in rivale hat foar de leafde fan Hearakles. Dan komme har de wurden fan Nessus yn 't sin, dat se lit de boadskipper Lichas it beblette himd fan Nessus, dat se al dy tiid bewarre hat, nei him ta bringe. Behalven Nessus syn bloed sit op it himd lykwols ek it bloed fan 'e Lerneeske Hydra, en as Hearakles it sûnder euvelmoed oandocht, fergiftiget er himsels. Syn hûd skuort iepen en syn bonken komme bleat te lizzen. Ear't er stjert, smyt er Lichas yn 'e see, mei't er mient dat dy dejinge is dy't him fermoarde hat. Lichas feroaret dan yn stien en wurdt de út 'e weagen oprizende rots dy't nei him ferneamd is.

Hearakles ûntwoartelet in pear beammen en boud dêrmei op 'e berch Oeta in funerêre brânsteapel foar himsels. Dy wurdt oanstutsen troch syn freon Filoktêtes, of yn oare ferzjes fan it ferhaal troch Poeas, de heit fan Filoktêtes, of soms troch Hearakles syn omkesizzer Iolaus. Inkeld Hearakles syn stjerlike kant ferbrânt, mar syn ûnstjerlike kant net. Likegoed stjert er en riist troch de apoteoaze fan Seus op nei de Olympus, de wente fan 'e goaden. Poeas of Filoktêtes kriget de bôge en giftige pylken fan Hearakles taparte, dy't Filoktêtes letter yn 'e Trojaanske Oarloch brûkt om 'e Trojaanske prins Paris te deadzjen.

Neffens de Aldgrykske histoarikus Herodoatus, dy't Hearakles foar in wier besteand persoan hold, soe Hearakles 900 jier foar syn tiid libbe hawwe, wat betsjut omtrint 1300 f.Kr.

Hearakles troude neffens de myten fjouwer kear. De earste kear wie mei Megara, de dochter fan kening Kreön fan Tebe. Mei har krige er fjouwer bern, dy't er fermoarde nei't er troch Heara ta sljochtsinnigens dreaun wie. Neffens Pseudo-Apollodoarus (Bibliotheca 2.4.12) died er Megara sels neat; neffens Hyginus (Fabulae 32) fermoarde er har ek. Mear as tsien jier letter troude Hearakles mei Omfale, de Lydyske keninginne fan wa't er tydlik slaaf wie. Syn trêde houlik wie mei Deianira, om wa't er fjochtsje moast mei Achelous, de god fan 'e rivier mei deselde namme. Nei't er Achelous deade hie, skuorde Hearakles ien fan syn hoarnen los, dy't er oan 'e nimfen joech sadat se der de hoarn fan oerfloed fan meitsje koene. Doe't Deianira jierren letter by fersin syn dea bewurkmastere troch nei de falske wurden fan 'e sintaur Nessus te harkjen, fear Hearakles op nei de berch Olympus, de wente fan 'e goaden, dêr't er syn fjirde en lêste frou troude, de goadinne Hebe, dy't in healsuster fan him wie.

Herkules (Hearakles) en Iolaus op in fonteinmozayk út it Nymfeum fan Anzio.

Ferneamde affêres

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de jierren hinne hie Hearakles neffens de myten ek geregeldwei românses mei froulju dêr't er net mei troud wie. Ien fan 'e mear opfallende barrens yn dy kontekst foel foar doe't er ris yn it paleis fan Tespius, de kening fan Tespiai, te gast wie. Dyselde woe dat er de Liuw fan Sitairon foar him deade, en as beleanning foar dy tsjinst bea er Hearakles oan om yn ien nacht seksuële omgong te hawwen mei al syn fyftich dochters. Hearakles gie dêr grif op yn, en neitiid waarden alle fyftich prinsessen swier en skonken it libben oan soannen. Syn nacht mei de fyftich dochters fan Tespius wurdt soms omskreaun as it 'Trettjinde Wurk' fan Hearakles. Yn 'e Grykske Aldheid holden in protte keningen út dat se ôfstammen fan ien fan 'e dochters fan Tespius (en dus ek fan Hearakles), yn 't bysûnder de keningen fan Sparta en Masedoanje.

In oare nuveraardige myte omtrint it libido fan Hearakles wol hawwe dat er it lân fan 'e Skyten oandie nei't er de keppel kij fan 'e reus Geryon stellen hie. Doe't er dêr op in nacht yn 'e wyldernis lei te sliepen, waarden syn hynders stellen troch in lamia (in wêzen dat heal frou, heal slange is), soms neier identifisearre as Echidna. Hy wist har úteinlik yn in grot op te spoaren, mar se wegere him syn hynders werom te jaan oant er seksuële omgong mei har hân hie. Nei't er dat dien hie, krige er yndie syn hynders werom. De lamia rekke swier en brocht neitiid Hearakles syn soannen Agatyrsus, Gelonus en Skytus te wrâld. Foar't er ôfsette, joech Hearakles ynstruksjes oangeande hokker fan 'e trijeling de kening fan in nije folk wurde soe: dat wie Skytus, dy't neitiid stamfaar waard fan it folk fan 'e Skyten.

Sa't yn 'e Grykske Aldheid hiel gewoan wie (doe't men omsloech mei manlju om seks te hawwen en mei froulju inkeld om bern te krijen), hie Hearakles ek ferskate leafdesrelaasjes mei manlju. Plutarchus skreau yn syn Eroticos dat de manlike minners fan Hearakles ûntelber wiene, mar neffens de myten wie syn nauste bân mei Iolaus, dy't syn skyldfeint en striidweinmenner wie, en teffens syn omkesizzer. Uteinlik holp Hearakles Iolaus om in frou te finen. Oare manlike minners fan Hearakles wiene neffens de myten syn lettere skyldfeint Hylas; Admetus, dy't him holp by de jacht op it Kalydoanske Swyn; Ifitus, de prins fan Oechalia dy't in boezemfreon fan 'e healgod waard; Filoktêtes, in oare goede freon; Elakatas, dy't neitiid yn Sparta fereare waard; en Abdearus, dy't opfretten waard troch de minskeslinende hynders fan kening Diomedes. Oare minners binne inkeld bekend út 'e lettere literatuer, lykas Eurysteus, Adoanis, Korytus en Nestor.

Frijwol al Hearakles syn relaasjes mei froulju resultearren yn 'e berte fan ien of mear bern. Hjirûnder in opsomming fan 'e neiteam fan Hearakles.

mem bern
Megara
  1. Terimachus
  2. Kreöntiades
  3. Ofitus
  4. Deikoön
Omfale
  1. Agelaus
  2. Tyrsenus
Deianira
  1. Hyllus
  2. Ktesippus
  3. Glenus
  4. Oneites
  5. Makaria
Hebe
  1. Aleksiarus
  2. Anisetus
Astydameia, dochter fan Ormenus of Amyntor

Ktesippus (mooglik)

Astyoche, dochter fan Fylas

Tlepolemus

Auge

Telefus

Autonoé, dochter fan Pireus, of Ifinoé, dochter fan Anteus

Palaimon

Baletia, dochter fan Baletus

Brettus

Barge

Bargasus

Bolbe

Olyntus

Chalsiope

Tessalus

Chania (nimf)

Gelon

Epikaste

Testalus

Fialo

Aichmagoras

Lavinia, dochter fan Evander

Pallas

Malis, in slavinne fan Omfale

Aselus

Meda

Antiochus

Melite (heldinne)
Melite (naiade)

Hyllus (mooglik)

Myrto

Eukleia

Palanto fan Hyperboreä

Latinus

Parténopé, dochter fan Stymfalus

Everes

Pyrene
Psofis
  1. Echefron
  2. Promachus
Reä

Aventinus

Seltine

Seltus

de Skytyske lamia of Echidna
  1. Agatyrsus
  2. Gelonus
  3. Skytus
Tebe, dochter fan Adramys
Tinge, frou fan Anteus

Sofaks

50 dochters fan Tespius

50 soannen

nammeleaze dochter fan Syleus (mooglik Ksenodose)
nammeleaze Keltyske frou

Galates

nammeleaze slavinne fan Iardanus

Alkeus of Kleodeus

ûnbekende froulju
  1. Agylleus
  2. Amatous
  3. Azon
  4. Chromis
  5. Deksamenus
  6. Faistos of Ropalus
  7. Leusites
  8. Manto
  9. Pandaie
  10. Syrnus
De ruïne fan 'e Timpel fan Hearakles yn Agrigento, op Sisylje.

Yn it âlde Grikelân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âlde Griken fierden de hjeldei Herakleia, dy't de dea fan Hearakles betocht, op 'e twadde dei fan 'e moanne Metageitnion (dy't foel yn ein july, begjin augustus). Der wiene ferskate timpels oan him wijd, lykas de Timpel fan Hearakles yn Agrigento, op Sisylje. In hellenistyske Egyptyske timpel wijd oan Hearakles yn 'e Baharija-oäze datearret fan 21 f.Kr. De Griken namen de ferearing fan Hearakles mei nei de súdkust fan Galje, dêr't se bgl. de timpel fan Herakles Monoikos ("Hearakles de Allinnichwenner") bouden op in rots yn 'e wyldernis dy't útseach oer de Middellânske See. Hjoed de dei leit dêr Monako, dat syn namme tanket oan namme fan 'e timpel. Mooglik wie de timpel te Ras ir-Raħeb, op Malta, ek wijd oan Hearakles, mar dat is net wis.

Wol bestiene yn 'e Aldheid ferskate stêden mei de namme Herakleä dy't nei him ferneamd wiene. Net oeral yn it âlde Grikelân waard Hearakles erkend as god; yn guon stêden waard er inkeld sjoen as in legindaryske held. Nettsjinsteande dat waard er rûnom beskôge as it toanbyld fan manlikheid. It ierste bewiis dat de ferearing fan Hearakles mank de âlde Griken útwoeksen wie ta in folkskultus, datearje út 'e sechsde iuw f.Kr.

In reliëf fan 'e Boeda mei rjochts syn beskermer Vajrapani, in ynkarnaasje fan Hearakles.

Yn oare kultueren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it âlde Rome, dêr't de ferearing fan Hearakles trochkrong fia de Grykske koloanjes yn Súd-Itaalje, waard de healgod opnommen yn it panteön fan it Romeinske heidendom ûnder de namme Herkules. Alle myten dy't mei him ferbûn wiene, waarden frijwol yn har gehiel oernommen út 'e Grykske mytology, hoewol't in stikmannich dúdlik Romeinske myten en gebrûken neitiid tafoege waard.

Yn it âlde Egypte waard Hearakles, neffens de histoarikus Herodoatus, ferbûn mei de Egyptyske god Sjû. Hy waard ek assosjearre mei Chonsû, in oare Egyptyske god, dy't op beskate mêden sterk op Sjû liek. Under de namme fan Chonsû waard Hearakles fereare yn 'e no ferdronken stêd Herakleion, dêr't in grutte timpel foar him boud waard. De lânseigen Egyptners identifisearren Herakles it measte mei de god Herysjaf, waans namme yn it Gryksk transliterearre waard as Ἁρσαφής (Arsafes of Harsafes). Dat wie in oerâlde rammegod waans kultus konsintrearre wie yn Herakleopolis Magna.

Herdoatus ferbûn Hearakles fierders ek mei de Fenisyske god Melkart. Noch fierder nei it easten kaam de hellenistyske kultuer fan it Middellânske-Seegebiet yn 'e tiid fan it ryk fan Aleksander de Grutte yn kontakt mei de kultuer fan it Yndysk subkontinint. Ut dy moeting kaam de hellenistysk-boedistyske kultuer fuort, wêryn't Hearakles opnommen waard ûnder de namme Vajrapani, de beskermer fan 'e Boeda. Fia it hellenistysk boedisme waarden Hearakles en syn kultus noch fierder nei it easten brocht, dêr't dy ynfloed tsjintwurdich noch weromfûn wurde kin as bgl. de stânbylden fan Nio-beskermgodheden dy't foar boedistyske timpels yn Japan steane.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.