Springe nei ynhâld

Mad Max 2

Ut Wikipedy
Mad Max 2
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur George Miller
produsint Byron Kennedy
senario Terry Hayes
George Miller
Brian Hannant
kamerarezjy Dean Semler
muzyk Brian May
filmstudio Kennedy Miller Productions
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Mel Gibson
Bruce Spence
voice-over Harold Baigent
byrollen Vernon Wells
Kjell Nilsson
Emil Minty
Michael Preston
skaaimerken
lân/lannen Austraalje
premiêre 24 desimber 1981
foarm langspylfilm
sjenre post-apokalyptyske science
   fiction
-aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 96 minuten
budget en resultaten
budget $6,7 miljoen
opbringst $39,7 miljoen (Austr. & Noard-Am.)
prizen 1 × Saturn Award
5 × AACTA Award
filmsearje
filmsearje Mad Max
● foarich diel Mad Max
● folgjend diel Mad Max Beyond Thunderdome

Mad Max 2, ek wol bekend as Mad Max 2: The Road Warrior (en oarspronklik yn 'e Feriene Steaten útbrocht as The Road Warrior), is in Australyske dystopyske, post-apokalyptyske science fiction-aksjefilm en neo-western út 1981 ûnder rezjy fan George Miller, mei yn 'e haadrollen Mel Gibson en Bruce Spence. De titel betsjut "Mâle Max 2: De Snelweikriger". It is it twadde diel fan 'e Mad Max-searje, nei Mad Max út 1979. It ferhaal fan 'e film giet oer âld-plysjeman Max Rockatansky, dy't nei de maatskiplike ynstoarting fan 'e Westerske kultuer allinnich omdoarmet yn 'e Australyske woastyn. Hy moetet in groep kolonisten dy't oer ierdoalje beskikke en dêrom belegere wurde troch in kliber ûnmeilydsume banditen. Troch omstannichheden dreaun, jout Max him by harren en helpt harren oan 'e fijân te ûntkommen. Mad Max 2 waard yn 1981 rûnom priizge troch filmkritisy, berikte al rillegau de status fan cultklassiker en wurdt tsjintwurdich beskôge as ien fan 'e bêste aksjefilms en ien fan 'e bêste ferfolchfilms ea makke. De film wie ek kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen en wûn in Saturn Award en fiif AACTA Awards. In trêde diel yn deselde searje, Mad Max Beyond Thunderdome, kaam út yn 1985.

Yn "de neie takomst" binne de brânstoffoarrieden frijwol útput nei't in grutte enerzjykrisis en in wrâldwide kearnoarloch de maatskiplike ynstoarting fan 'e Westerske kultuer feroarsake hawwe. Ald-plysjeman Max Rockatansky doarmet troch de ûntfolke en treasteleaze woastyn fan Austraalje yn syn swarte Pursuit Special-auto mei supercharger. Hy is slim traumatisearre rekke nei de moard op syn frou en jonge soan troch in motorbinde (sjoch: Mad Max), en syn iennichste selskip is in Australyske feedriuwershûn. Max beskikt oer in seldsum funksjonearjend fjoerwapen (in ôfseage jachtgewear), wêrfoar't suver gjin munysje mear te finen is.

Wylst er besiket te ûntkommen oan in stikmannich leden fan in binde banditen, oanfierd troch in geastlik steurde motorrider mei in read ferve mohawkkaam dy't Wez hjit, slagget it Max om twa fan 'e fiertugen fan 'e bindeleden ferûngelokje te litten, wêrnei't Wez ynbynt en útnaait. Max stelt de benzine út ien fan 'e ferûngelokke fiertugen, dy't yn botsing kommen is mei in op 'e wei efterlitten Mack-truck. Letter, as er syn einleaze reis ferfette hat, sjocht er net fier fan 'e wei in autogyro stean (in soarte fan minimalistyske helikopter). As er it ding ûndersiket om te sjen oft der brânstof yn sit dy't er brûke kin, blykt it in mûklaach te wêzen en wurdt er finzen nommen troch de piloat, dy't sels ek út is op brânstofdieverij. Max wit de man lykwols al rillegau oermânsk te wurden en de rollen om te draaien.

Yn ruil foar it sparjen fan syn libben liedt de gyropiloat Max nei in heuveltop ta dêr't se útsjoch wei hawwe op in oaljepompstasjon anneks oaljeraffinaderij. In groep fan inkele tsientallen kolonisten wint dêr mei in âlde jaknikker ierdoalje en ferwurket dy ta benzine dat opslein wurdt yn in oplizzer fan in tankwein. It pompstasjon wurdt belegere troch in kloft banditen mei in bûnt ferskaat oan auto's, motors en oare fiertugen. Max werkent ûnder harren Wez. De banditen besykje oanhâldend om it pompstasjon binnen te kringen, mar de kolonisten hawwe harren dêr goed barrikadearre en beskikke boppedat oer flammesmiters en pylk-en-bôge. Max brekt him der de holle oer hoe't er de benzine út it pompstasjon bemachtigje kin, en bliuwt ferskate dagen en nachten op 'e heuveltop om 'e ûntwikkelings yn 'e rekken te hâlden.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Ier op in moarn besykje ferskate kolonisten yn flugge fiertugen de besingeling fan it pompstasjon yn ferskate rjochtings te trochbrekken, mar se wurde allegear fuortendaliks efterfolge troch de banditen. Troch de fierrekiker sjogge Max en de gyropiloat hoe't ien fan 'e fiertugen fan 'e kolonisten fan 'e dyk riden wurdt, wêrnei't de beide ynsittenden derút skuord wurde troch Wez en ferskate oer banditen. De man wurdt mei pylken oan it wrak fan syn fiertúch fêstsketten, wylst de frou dêrnei foar syn eagen útklaaid en ferkrêfte wurdt. As Wez en de measte banditen har ôfjouwe om efter de oare kolonisten oan, sjocht Max syn kâns skoan en set er nei it wrak ta. Ear't er dêr arrivearje kin, wurdt de frou troch de iene efterbleaune bandyt lykwols deasketten. Max deadet de bandyt en knipt mei in betonskjirre de manlike kolonist los, dy't Nathan hjit, wêrnei't er him werombringt nei it pompstasjon.

Max praat mei Nathan ôf dat er benzine foar syn auto krije sil, mar ienris yn it pompstasjon oankommen, beswykt Nathan oan syn ferwûnings ear't er Pappagallo, de lieder fan 'e kolonisten, oer dy ôfspraak fertelle kin. Pappagallo stelt dat, as der sa'n ôfspraak west hat, dy mei Nathan ferstoarn is. De kolonisten fermoedzje dat Max ien fan 'e banditen is, dy't as spion nei it pompstasjon ta stjoerd is. Dat hy wurdt finzenset en syn auto wurdt yn beslach nommen. Ear't se beslute kinne wat se mei him dwaan sille, arrivearret de lieder fan 'e banditen by it pompstasjon, dy't himsels de Hear Humungus neamt (fan it Ingelske wurd humongous, dat "ûnbidich" betsjut). De banditen hawwe de kolonisten dy't yn 'e oare beide fiertugen troch de besingeling hinne besochten te brekken, finzennommen, en Humungus jout de lju yn it pompstasjon noch ien kâns: se moatte oppakke en fuortgean en alle benzine en it pompstasjon oan him oerdrage. As se dat dogge, dan sil er harren libje litte en troch syn domein reizgje litte.

Ien fan 'e kolonisten, in bern fan in jier as acht, njoggen, dat net praat en inkeld bekend stiet as de 'ferwyldere jonge', deadet Wez syn frijer troch in fjoerskerpe boemerang te goaien. Wez rekket alhiel breinroer en wol fuortendaliks it pompstasjon bestoarmje, mar Humungus hâldt him stiif fêst oant er ophâldt mei tsjinakseljen en flústeret him yn it ear dat er net de minste bedoeling hat om 'e kolonisten libben gean te litten.

Neitiid reitsje de kolonisten ferdield. Guon fan harren wolle it oerjaan en op it oanbod fan Humungus yngean. Oaren binne ta razernij dreaun troch it lot fan harren finzennommen maten en wolle oan 'e bittere ein ta trochfjochtsje. Pappagallo heart ta de lêste groep. It giet der net om dat de kolonisten hjir sa graach bliuwe wolle, want se wiene altyd al fan doel om 'e wûne benzine te brûken om in ôfstân fan 2.000 myl nei de kust ôf te lizzen, dêr't noch restanten fan 'e beskaving besteane. De twaspjalt spitst him ta op it probleem dat de kolonisten gjin fiertúch hawwe dat de grutte tankwein mei benzine lûke kin. Dat wie ek wêr't de útbraak om gie, de trije duo's kolonisten dy't yn ferskillende rjochtings útpykten, moasten sa'n fiertúch sjen te finen. As Max dat foar it ferstân kriget, fertelt er dat er in pear dagen earder noch in truck foarbykommen is. Hy biedt Pappagallo in oerienkomst oan: de kolonisten litte him gean en jouwe him syn auto werom mei in folle tank benzine en safolle benzine yn jerrycans as er tille kin, en yn ruil dêrfoar giet hy der geandefoets mei in pear jerrycans disel op út om 'e truck op te heljen.

De kolonisten geane akkoart, en as it tsjuster wurden is, set Max mei de disel ôf. Mei help fan 'e ferwyldere jonge, dy't in skyldwacht fan 'e banditen ôfliedt, glûpt er troch de besingeling hinne. Hy spoart de gyropiloat op, dy't ûnderwilens útpykt is mei de deade beamstam efter him oan te slepen dêr't Max him mei keatling en hingslot oan fêstset hie. Dyselde lit er de disel nei de autogyro drage, wêrnei't se tegearre nei de truck ta fleane. Nei't er de truck oan 'e praat krigen hat, lit Max de gyropiloat frij en riidt werom nei it pompstasjon, wêrby't er dwers troch it kamp fan 'e banditen stoarmet. Mei help út 'e loft fan 'e gyropiloat wit er it pompstasjon te berikken. Neitiid wolle Pappagallo en de oare kolonisten dat Max de truck bestjoere sil by harren grutte útbraak, mar dêr wol Max neat fan hearre, want dat wie de ôfspraak net. Hy kiest derfoar om 'e benzine te ûntfangen dy't er fertsjinne hat en fuort te riden yn syn auto.

Underwilens leit de gyropiloat it oan mei in tsjeppe jonge frou yn it pompstasjon, dy't er besiket oer te heljen om mei him yn syn autogyro út te piken. As sy dêr op it lêste momint fan ôfsjocht, om't se de oare kolonisten as har famylje beskôget, beslút de gyropiloat dat der neat oars op sit as om him by de kolonisten te jaan.

Max syn eigen besykjen om troch de besingeling hinne te brekken, mislearret as Wez de efterfolging ynset yn 'e auto fan Humungus, dy't tarist is mei in helpmotor dy't op gniisgas rint. Hy riidt Max fan 'e wei ôf, dat de auto fan Max ferskate kearen oer de kop slacht en yn in bedelte njonken de berm belânet. Max syn hûn is ûnskansearre, mar as er in heal út 'e tiid rekke Max besiket te ferdigenjen, wurdt it bist deamakke troch de banditen. As de banditen de brânstof út 'e auto besykje te stellen, giet der in springstoflading ôf dy't Max op syn benzinetank oanbrocht hie, sadat alle banditen útsein Wez, dy't fan 'e wei ôf taseach, omkomme en it wrak fan 'e auto folslein fernield rekket. Wez keart werom nei it kamp fan 'e banditen. Max wit by it brânende wrak wei te krûpen, dêr't de reekwolken fan yn it pompstasjon te sjen binne. De gyropiloat giet op ûndersyk út en bringt Max werom yn it pompstasjon.

No't er net folle oare kar mear hat, beslút de lichtlik skansearre Max de lapen mei de kolonisten gear te smiten. Hy werpt him op as sjauffeur fan 'e truck mei de swier bepânsere tankwein, dêr't inkele kolonisten ûnder lieding fan in fûleindige kriichster op meiride sille. De frachtwein sil begelaat wurde troch Pappagallo yn syn auto en de gyropiloat yn 'e loft, wylst de oare kolonisten yn in stikmannich buskes in oare kant út spatte, yn 'e hope dat de banditen de tankwein folgje sille. Se prate ôf inoar op in pear hûndert myl ôfstân wer te treffen. As Max it pompstasjon útriidt, giet de ferwyldere jonge as ferstekling mei op 'e truck. Sa't Pappagallo al hope hie, sette Humungus, Wez en de measte oare banditen daliks efter de truck mei de tankwein oan, wylst inkele oaren it ferlitten pompstasjon sels feilichstelle. Dêr hawwe de kolonisten lykwols de jaknikker en raffinaazje-ynstallaasjes fan bommen foarsjoen, en as dy ôfgeane, nimme se it hiele pompstasjon, ynklusyf de krekt arrivearre banditen, mei de loft yn. De karafaan fan rynkranke buskes en auto's, dy't yn 'e tsjinstelde rjochting giet as de tankwein, wurdt net efterfolge.

By in lange efterfolging komme de kriichster en de oare ferdigeners fan 'e tankwein om, krekt as Pappagallo en in grut tal banditen. De gyropiloat wurdt delsketten. Max en de ferwyldere jonge bliuwe allinne efter, wylst in grut tal banditen harren noch neisitte. It slagget Wez om oan board fan 'e tankwein te kommen en dêrwei de truck te berikken, mar as Max truck en tankwein keart en op 'e efterfolgjende banditen ynriidt, komme sawol Wez, dy't op dat stuit oan 'e motorkap fan 'e truck hinget, as Humungus om by in frontale botsing tusken de truck en it fiertúch fan Humungus, dêr't troch de klap frijwol neat fan oerbliuwt. De truck is ridlik ûnskansearre, mar troch de botsing ferliest Max de behearsking oer it stjoer, sadat truck en tankwein fan 'e wei ôf reitsje en omrôlje.

As de ferwûne Max de bewusteleaze ferwyldere jonge út 'e kabine fan 'e truck sleept hat, sjocht er dat út 'e stikkene tankwein gjin benzine lekt, mar moude. De no liederleaze banditen sjogge dat ek en jouwe har teloarsteld ôf. It docht bliken dat de slûchslimme kolonisten de echte benzine yn oaljefetten yn harren autobuskes opslein hiene en dat de truck en tankwein mar in ôfliedingsmaneuver foarmen dy't bedoeld wie om it meastepart fan harren de mooglikheid te jaan en pyk út. De gyropiloat komt oanriden op syn autogyro, dy't net mear fleane kin.

Deselde ferteller, in âldman, dy't de film ek fan in ynlieding foarseach, docht no út 'e doeken hoe't it fierder gie. De gyropiloat joech him mei de ferwyldere jonge by de oare kolonisten, fan wa't er, no't Pappagallo dea wie, de nije foaroanman waard. Under syn lieding leine hja de grutte reis nei de kust ôf, wêrby't se bûten it berik kamen fan 'e bindes yn it binnenlân. Op harren bestimming rjochten se de Grutte Noardlike Stamme op, oer wa't earst de gyropiloat en nei dy syn dea de ferwyldere jonge regearre. It docht bliken dat de ferteller eins de ferwyldere jonge is as er heech op jierren rekke is en oantinkens ophellet oan syn iere jonkheid. Max, sa fertelt er, joech him net by de kolonisten, mar sette syn omdoarmjend bestean yn 'e woastenij fan it binnenlân fuort. No is er inkeld noch in oantins út in lang ferfleine tiid.

Mel Gibson (1985).
Bruce Spence (2008).
Virginia Hey (2007).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
"Mad" Max Rockatansky Mel Gibson
de autogyropiloat Bruce Spence


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Wez Vernon Wells
de Hear Humungus Kjell Nilsson
ferwyldere jonge Emil Minty
Pappagallo Michael Preston
meirinder Max Phipps
kriichster Virginia Hey
Zetta William Zappa
de faam fan 'e gyropiloat Arkie Whiteley
monteur Steve J. Spears
âlde ofsier Syd Heylen
Big Rebecca Moira Claux
Nathan David Downer
stille man David Slingsby
monteursassistint Kristoffer Greaves
brutsen slachtoffer Max Fairchild
opstannich slachtoffer Tyler Coppin
blûnhierrige jonge Jimmy Brown
gnizende mohawker Tony Deary
mohawker mei beareklau Guy Norris
ferkrêftingsslachtoffer Kathleen McKay
minners yn tinte Anne Jones
James McCardell
ferteller Harold Baigent

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foarskiednis en preproduksje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it súkses fan Mad Max, út 1979, ûntfong de Australyske regisseur George Miller ferskate oanbiedings om films te regissearjen foar grutte filmstudio's yn Hollywood, wêrûnder First Blood (better bekend as Rambo). Miller besleat lykwols in film oer rock and rollmuzyk te meitsjen ûnder de wurktitel Roxanne. Nei't er mei skriuwer Terry Hayes gearwurke hie oan 'e 'ferboeking' fan Mad Max, frege er dyselde ek om mei te wurkjen oan it senario fan Roxanne. De produksje fan dy film waard lykwols op 'e lange baan skood en fan útstel kaam úteinlik ôfstel.

Meitiid krige Miller belangstelling foar it meitsjen fan in ferfolch op Mad Max, dêr't er fan alle kanten ta oanfitere waard. Syn eigen oanstriid dêrta waard grutter doe't er besefte dat er in folle bettere film meitsje koe mei it folle gruttere budget dat er no ta syn beskikking hie. Hy liet him ynspirearje troch it non-fiksjeboek oer helden yn 'e mytology The Hero with a Thousand Faces, fan Joseph Campbell, en de films fan 'e Japanske regisseur Akira Kurosawa, en rekrutearre op 'e nij Hayes om him te helpen in senario te skriuwen. Briant Hannant rekke yn 'e preproduksje by it projekt belutsen as trêde senarioskriuwer en assistint-regisseur.

As produsinten wiene Miller syn âlde partner Byron Kennedy by it projekt belutsen foar de filmstudio Kennedy Miller Productions (no Kennedy Miller Mitchell). Foar Mad Max 2 wie in budget beskikber fan 4,5 miljoen Australyske dollar, dat doedestiden omrekkene 6,7 miljoen Amerikaanske dollar wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dean Semler, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de Australyske komponist Brian May (net te betiizjen mei de lyknammige Britske muzikant fan 'e band Queen).

De opnamen fan Mad Max 2 fûnen yn tolve wiken yn 'e winter fan 1981 plak (d.w.s. doe't it simmer wie op it noardlik healrûn), yn 'e Australyske woastyn yn 'e neite fan it stedsje Broken Hill, yn 'e outback fan Nij-Súd-Wales. De sênes mei it oaljepompstasjon fan 'e kolonisten waarden opnommen op in plak dat Pinnacles hiet. De sêne wêryn't Max fan 'e wei riden wurdt en syn auto omrôlet en total loss rekket, waard filme op 'e Menindee Road troch de Mundi Mundi-flakte, fuort bûten Broken Hill.

De oarspronklike montaazje fan Mad Max 2 wie folle gewelddiediger en bloediger, mar de Australyske sensuer snie hiele sênes fuort of montearre se hielendal op 'e nij. Doe't de film yn 'e Feriene Steaten útkaam, waarden nochris twa sênes ferkoarte om't se te skokkend wêze soene: Wez dy't in pylk út syn eigen earm lûkt en in close-up fan Wez dy't de boemerang fan 'e ferwyldere jonge út 'e foarholle fan syn deade frijer lûkt. Hoewol't der noch in ferzje fan 'e film bestiet sûnder dy lêste feroarings troch de Amerikaanske MPAA, is de oarspronklike ferzje fan 'e film, fan foar't de Australyske sensuer deroer gear west hie, ferlern gien.

De opnamen fan Mad Max 2 fûnen plak yn 'e Australyske woastyn yn 'e neite fan it plak Broken Hill, yn 'e outback fan Nij-Súd-Wales.

De distribúsje fan Mad Max 2 waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 24 desimber 1981 yn 'e Australyske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 1982 by platemaatskippij Varèse Sarabande. Yn 'e Feriene Steaten en Kanada waard Mad Max 2 útbrocht ûnder de titel The Road Warrior.

Fan 'e filmkritisy krige Mad Max 2 oer it algemien tige positive resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times parte de film 31/2 fan 4 stjerren ta. Hy neamde it "in film fan poere aksje" en "ien fan 'e meast oanhâldend agressive films ea makke." Yn The New York Times skreau Vincent Canby: "nea hat in filmysk fizioen fan 'e wrâld nei in nukleêre holokaust der sa botte treasteleas en ûnmeilydsum út sjoen, noch sa smoarfol mei aksje en soms humor as George Miller syn apokalyptyske The Road Warrior, in ekstrafagante filmfantasij dy't derút sjocht as in sado-masogistysk stripboek dat ta libben kommen is."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Mad Max 2 in tige heech goedkarringspersintaazje fan 98%, basearre op 42 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is alles dat in Mad Max-ferfolchfilm wêze moatte soe: grutter, flugger, lûder, mar beslist net dommer." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Mad Max 2 in goedkarringspersintaazje fan 77%, basearre op 15 resinsjes. Mad Max 2 berikte al yn 'e 1980-er jierren de status fan cultklassiker en wurdt tsjintwurdich algemien beskôge as ien fan 'e bêste aksjefilms en ien fan 'e bêste ferfolchfilms ea makke.

Mad Max 2 brocht yn 'e bioskopen yn Austraalje 10,8 Australyske dollar op, wat (doe) omrekkene delkaam op 16 miljoen Amerikaanske dollar. Yn Noard-Amearika brocht de film 23,7 miljoen yn 't laadsje. Hoewol't net bekend is hoe grut oft de opbringst yn 'e rest fan 'e wrâld wie, komt de film dêrmei al út op $39,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $6,7 miljoen betsjut dat in winst fan $33 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Mad Max 2 in oansjenlik kommersjeel súkses.

Mad Max 2 waard yn 1982 by de Saturn Awards nominearre yn fjouwer kategoryen, wêrûnder bêste regisseur, bêste senario en bêste kostúmûntwerp. De film wûn de priis foar bêste ynternasjonale film. Mad Max 2 waard ek nominearre foar de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje. By de Australian Film Institute Awards (sa't de AACTA Awards, de wichtichste Australyske filmprizen, doe noch hieten) waard de film nominearre yn sân kategoryen, wêrûnder bêste kamerarezjy en bêste filmmuzyk. Mad Max 2 wûn de Australian Film Institute Awards foar bêste regisseur, bêste filmmontaazje, bêste produksje-ûntwerp, bêste lûd en bêste kostúmûntwerp.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Mad Max (filmsearje)
Mad Max (1979) • Mad Max 2 (1981) • Mad Max Beyond Thunderdome (1985) • Mad Max: Fury Road (2015) • Furiosa: A Mad Max Saga (2024)