Springe nei ynhâld

Qiu Jin

Ut Wikipedy
Qiu Jin
persoanlike bysûnderheden
echte namme 秋瑾, Qiū Jǐn
oare namme 璿卿, Xuánqīng
競雄, Jìngxióng
鑑湖女俠, Jiànhú Nǚxiá
nasjonaliteit Sineesk
berne 8 novimber 1875
berteplak Xiamen (Keizerryk Sina)
stoarn 15 july 1907
stjerplak Shanyin (Keizerryk Sina)
etnisiteit Sineesk
wurkpaad
berop/amt dichteresse
aktyf as feministe, revolúsjonêr
jierren aktyf 19031907
N.B.: Dit is in Sineeske namme. Qiu is de famyljenamme en Jin is de foarnamme.

Qiu Jin (Sineeske karakters: 秋瑾, pinyin mei toantekens: Qiū Jǐn, Wade-Giles: Ch‘iu Chin; útspr.: [ʨʰjou̯ ʨin], likernôch "tsj'hio tsjyn" of koartwei "tsjo tsjyn"; Xiamen, 8 novimber 1875Shanyin, 15 july 1907) wie in Sineesk dichteresse, feministe en revolúsjonêr. Har hoflikheidsnammen wiene Xuánqīng (璿卿; útspr.: "sjwantsj'hyng") en Jìngxióng (競雄; útspr.: "tsjyngsjûng"). Har bynamme wie Jiànhú Nǚxiá (鑑湖女俠; útspr.: "tsjanchû núsja"), wat letterlik betsjut: "Ridderfrou fan 'e Spegelmar". Qiu waard yn 1907 terjochtsteld nei in mislearre opstân tsjin 'e Qing-dynasty. Hja wurdt tsjintwurdich yn 'e Folksrepublyk Sina beskôge as in nasjonale heldinne.

Qiu waard yn 1875 berne yn in begoedige famylje yn 'e stêd Xiamen, yn Fujian, in súdeastlike provinsje fan it Keizerryk Sina oan 'e kust fan 'e Strjitte fan Taiwan. Hja brocht har jonkheid troch yn Shanyin, in doarpke ûnder de reek fan 'e stêd Shaoxing, yn 'e eastlike provinsje Zhejiang, súdlik fan Sjanghai. Se hie in ûngelokkich houlik mei in Wang Tingjun (王廷鈞) en kaam yn kontakt mei nije ideeën, lykas feminisme, nasjonalisme en demokrasy. Neitiid joech Qiu har by de Triaden. Dat wiene ûndergrûnske selskippen yn it Sina fan 'e Qing-dynasty, dy't iveren foar de ôfsetting fan 'e Qing-keizers (dat fan oarsprong etnyske Mantsjoes wiene) en de restauraasje fan in etnysk Sineesk regear.

Yn 1903 besleat Qiu en gean om utens. Se liet har beide bern, Wang Yuande (王沅德) en Wang Guifen (王桂芬), efter yn Sina en reizge nei Japan, dêr't se in stúdzje Japansk begûn oan in skoalle yn Surugadai. Letter liet se har oerpleatse nei de famkesskoalle yn Kojimachi, dy't rund waard troch in Utako Shimoda. Yn Japan stie Qiu bekend om har foarleafde foar fjochtsport en droech se gauris Westerske manljusklean. Har politike tinkbylden skerpen yn dy tiid ta en se waard oanhinger fan in Sineeske nasjonalistyske ideology dy't him benammen tsjin 'e Mantsjoes kearde. Se joech har by it anty-Qing-selskip Guangfuhui, dat laat waard troch Cai Yuanpei, en dat yn 1905 mei ferskate oare Sineeske revolúsjonêre groepearrings yn ballingskip opgie yn 'e nije Tongmenghui, dy't ûnder lieding stie fan Sun Yat-sen.

In stânbyld fan Qiu Jin.

Wylst se yn 'e Japanske haadstêd Tokio wenne, joech Qiu sûnder help fan oaren in tydskrift út dat Baihua Bao ("Sprektalich Blêd") hiet. It omfieme revolúsjonêre propaganda dy't skreaun wie yn 'e Sineeske sprektaal. Yn ien fan 'e edysjes skreau Qiu in manifest mei as titel In Respektfolle Oprop oan de 200 Miljoen Froulike Kammeraten yn Sina. Dêryn gie se yn op 'e swierrichheden yn it libben fan Sineeske froulju, feroarsake troch twongen houliken mei manlju dy't harren oarehelten ûnderdrukten, en de praktyk fan it ynbinen fan fuotten. Om't se sels beide dingen meimakke hie, koe se út eigen ûnderfining fertelle, wat late ta in oerweldigjend meilibjende respons fan har lêzers. Yn itselde manifest lei Qiu ek har eigen oertsjûging fêst dat in bettere takomst foar de froulju fan Sina allinnich komme koe as der in nij, nei Westersk foarbyld gearstald, lânseigen regear kaam. Tegearre mei har neef Xu Xilin krewearre se foar de bondeling fan 'e krêften fan alle ûndergrûnske organisaasjes dy't talein wiene op it omsmiten fan 'e Qing-dynasty.

Binnen it revolúsjonêre bûn fan 'e Tongmenghui wie Qiu yndield by de ôfdieling fan lju dy't út 'e provinsje Zhejiang kamen. De leden fan 'e organisaasje wiene ferdield yn dejingen dy't daliks weromkeare woene nei Sina om dêr in wapene opstân tsjin 'e Qing-dynasty te begjinnen, en dyjingen dy't yn Japan bliuwe woene om mear tariedings te meitsjen. Doe't der in gearkomste holden waard fan 'e ôfdieling fan Zhejiang sleat Qiu har ûndûbelsinnich by de earste groep oan troch in dagge yn it poadium te stekken wylst se ferklearre: "As ik weromkear nei it heitelân, en my dan oerjou oan 'e Mantsjoe-barbaren en sa it Sineeske folke ferriedt, stek my dan dea mei dizze dolk!" Neitiid foege se de die by it wurd en kearde yn 1906 mei likernôch 2.000 oare revolúsjonêren werom nei Sina.

Qiu wie in wolsprekkend orator, dy't, ienris werom yn har heitelân, yn har taspraken opkaam foar frouljusrjochten, lykas it rjocht om te trouwen mei wa't men woe, it rjocht op ûnderwiis, en in ferbod op 'e tradysje fan it ynbinen fan fuotten. Yn 1906 rjochte se mei in oare dichteresse, Xu Zihua, in radikaal feministysk tydskrift op mei as namme Zhongguo Nü Bao ("Nijs foar de Froulju fan Sina"). Dêrfan kamen lykwols mar twa edysjes út foar't it ferbean waard troch de Sineeske autoriteiten. Yn 1907 waard Qiu haad fan 'e Datong-skoalle yn Shaoxing, dy't yn namme in oplieding bea oan gymnastyklearaars, mar ein bedoeld wie om revolúsjonêren in militêre trening te jaan.

De yngong fan 'e wente fan Qui Jin yn Shaoxing, no in museum.

Op 6 july 1907 waard Xu Xilin troch de Sineeske plysje oppakt foarôfgeande oan 'e plande opstân yn Anqing. Under swiere tramtaasjes fertelde dy wat er wist oer de opstân en waard neitiid eksekutearre. Op 12 july kaam de plysje op 'e Datong-skoalle om Qiu op te heljen. Ek sy waard yn finzenskip tramtearre, mar se wegere har belutsenens by de opstân ta te jaan. Dêrop brûkten de autoriteiten har eigen publikaasjes as bewiis foar har skuldigens, en op 15 july waard se yn it iepenbier ûnthalze yn har eigen doarp Shanyin. Qiu Jin waard 31 jier. Har lêste skreaune wurden wiene in deadsgedicht dat de letterlike betsjutting fan har namme, "Hjerst Fonkelstien", brûkt om 'e mislearre opstân te beskriemen en de omkear yn Sina dy't sy no nea meimeitsje soe:

"秋風秋雨愁煞人" ("Hjerstwyn, hjerstrein – se meitsje dat jin deageane fan fertriet.")

Nei de Sineeske Revolúsje fan 1911, dy't in ein makke oan it bewâld fan 'e Qing-dynasty, waard Qiu ferivige yn it nasjonale ûnthâld en yn 'e literatuer fan 'e dêrnei útroppen Republyk Sina. Hja leit no begroeven oan 'e igge fan 'e Westmar yn Hangzhou. De Folksrepublyk Sina (oprjochte yn 1949) hat ta har neitins in museum (绍兴秋瑾故居) oprjochte yn Shaoxing, yn har eigen eardere wente.

It libben fan Qiu Jin is yn Sina werferteld yn in stikmannich toanielstikken (wêrfan't teminsten acht skreaun waarden noch foàr de fal fan 'e Qing-dynasty), ferskate films en ien dokumintêre. Ien film, mei as titel ienfâldichwei Qiu Jin, kaam yn 1983 út ûnder rezjy fan Xie Jin. In oarenien datearret fan 2011, en waard makke troch Herman Yau ûnder de Ingelsktalige namme The Woman Knight of Mirror Lake. Yn 'e film 1911, dy't Jackie Chan en Zhang Li makken oer de Sineeske Revolúsje, wurdt Qiu Jin hielendal yn it begjin toand as se nei it plak fan har terjochtstelling laat wurdt.

Om't Qiu bûten Sina benammen bekend stiet as feministe en revolúsjonêr, wurde har poëzij en essays gauris oer de holle sjoen, temear om't Qiu fanwegen har iere dea net de kâns krige en bou in grut oeuvre op. Ut har skriuwwurk blykt in útsûnderlik ûnderwiis yn 'e klassike (Sineeske) literatuer. Har poëzij hie in tradisjonele foarm (shi en ci) en in taalgebrûk dat in wiid ferskaat oan byldspraak fermong mei klassike Sineeske mytology en revolúsjonêre retoryk.

In waaksen byld fan Qiu Jin yn it museum dat foarhinne har wente yn Shaoxing wie, sittend oan har skriuwtafel.

Doe't se Sina ferliet om yn Japan yn ballingskip te gean:

Sineesk oersetting
《有怀——游日本时作》 ?

日月无光天地昏,
沉沉女界有谁援。
钗环典质浮沧海,
骨肉分离出玉门。
放足湔除千载毒,
热心唤起百花魂。
可怜一幅鲛绡帕,
半是血痕半泪痕。

Sinne en moanne hawwe gjin ljocht mear oer, de Ierde is tsjuster;
De wrâld fan ús froulju is sa djip sonken, wa kin ús noch helpe?
Ferkocht juwiellen betelje foar dizze reis oer de seeën,
Ofsnien fan myn famylje ferlit ik myn eigen lân.
By it ûntbinen fan myn fuotten waskje ik tûzen jier fergif fuort,
Mei hjit hert bring ik de geast fan eltse frou yn opwining.
Och, dizze reachfine bûsdoek dy't ik hjir haw
Is heal besmodzge mei bloed, en heal mei triennen.

Yn ballingskip yn Japan, doe't se har opmakke om nei har heitelân werom te kearen:

Sineesk oersetting
《日人石井君索和即用原韻》 It Iene Rym Beändere mei it Oare mei Hear Ishii fan it Sinnewoartellân

漫云女子不英雄,
萬里乘風獨向東。
詩思一帆海空闊,
夢魂三島月玲瓏。
銅駝已陷悲回首,
汗馬終慚未有功。
如許傷心家國恨,
那堪客裡度春風。

Fertel my net dat froulju gjin helden wêze kinne,
Ik allinne ried 30.000 myl oer de winen fan 'e East-see.
Myn dichterlike tinzen tynje almar út, as in seil tusken see en himel.
Ik dreamde fan jimme trije eilannen, alle trije fonkelstiennen, alle trije ferblynjend yn 'e moanneskyn.
Ik treurje as ik tink oan 'e brûnzene kamielen, warders fan Sina, ferlern yn toarnen.
Beskamme dat ik neat dien haw, bin sûnder ien oerwinning op myn namme.
Ik lit inkeld my kriichshynder switte. It treurjen oer myn heitelân
docht myn herte sear. Dat sis my: hoe kin ik dizze dagen hjir trochbringe?
As gast dy't genietet fan jimme maitydsrûzers?

Regel 4: de "trije eilannen" is in âlde beneaming foar Japan, ferwizend nei Honsjû, Sjikokû en Kjûsjû wylst Hokkaido, dat pas yn 'e 19e iuw kolonisearre waard,
bûten beskôging litten wurdt. Regel 6: de "brûnzene kamielen" binne stânbylden, symboalyske wachters dy't foar it Keizerlik Paleis yn Peking steane.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.