Springe nei ynhâld

Unbemanne fleanmasine

Ut Wikipedy
MQ-9 Reaper fan de Amerikaanske loftmacht.
Amerikaansk grûnstasjon foar drones

In ûnbemanne fleanmasine of drone (Ingelsk: unmanned aerial vehicle of UAV) is in fleanmasine dy't gjin piloat oan board hat. Se wurde ûnder oaren brûkt troch loftmachten, polysjes, geheime tsjinsten of foar sivile of wittenskiplike doelen. Der wurdt oars al sûnt de iere 20e iuw eksperimintearre mei ûnbemanne fleanmasines.

Ut in grûnstasjon wei kin in ûnbemanne fleanmasine bestjoerd wurde, der binne ek mobile stasjons of ôfstânsbetsjinnings dêr't de drone mei bestjoerd wurde kin. Sawol sivile as militêre drones kinne brûkt wurde foar observaasje troch der kamera's ûnder te hingjen. Sommige militêre drones kinne ek wapensystemen drage. It formaat fan in drone kin aardich wat ferskille. Der binne drones fan in pear sintimeter en der binne drones mei sa'n 60 meter spanwiidte (Boeing Condor).

Yn it Frysk wurdt gauris it Ingelske wurdsje drone as synonym foar ûnbemanne fleanmasine brûkt. Dat wurd hie yn it Ingelsk oarspronklik de betsjutting fan brieder of broedbij (manljusbij).

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Unmanned aerial vehicle