Springe nei ynhâld

Jiddu Krishnamurti

Ut Wikipedy
Jiddu Krishnamurti
Jiddu Krishnamurti
Jiddu Krishnamurti
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jiddu Krishnamurti
nasjonaliteit Yndiaask
berne 12 maaie 1895
berteplak Madanapalle
stoarn 17 febrewaris 1986
stjerplak Ojai flagge fan de Feriene Steaten
wurkpaad
aktyf as spiritueel learaar

Jiddu Krishnamurti (Madanapalle, 12 maaie 1895Ojai Kalifornje, 17 febrewaris 1986) wie in spritueel learaar, ôfkomstich út Yndia.

Krishnamurti waard op 12 maaie 1895 berne yn Madanapalle, in lyts stedsje yn Súd-Yndia tichteby Madras. As it achtste bern fan in Brahminfamylje en in jonge, waard hy Krishnamurti neamd, in earbetoan oan Sri Krishna, in hindû-godlikheid dy't ek in achtste bern wie. Syn heit wurke op it haadkertier fan de Teosofyske Ferieniging en doe't Krishnamurti âlve jier âld wie, waard hy ûntdutsen troch C.W. Leadbeater fan de "Theosophical Society". Dy beweging wie populêr yn de earste desennia fan de tweintichste iuw, en wie in ynternasjonale organisaasje dy't him dwaande hâlde mei ferbettering fan de minskheid fia teology en filosofy. De organisaasje waard laat troch Annie Besant, in Ingelske parlemintaarjer, skriuwster en feministe.

Noch yn datselde jier waarden Kristnamurti en syn jongere broer Nitya tawiisd oan Annie Besant en úteinlik waard har de fâdij oer de jongens tawiisd. Hjirnei waard Kristnamurti troch de teosofyske beweging De Oarder fan de Stjer yn it Easten oer de hiele wrâld promoate as de nije wrâldlearaar, dêr't by sein waard dat yn him de ynkarnaasje werom te sjen wie fan de Maitreya Bodhisattva.

Ynfloed as wrâldlearaar

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1922 gong Krishnamurti nei Kalifornje te wenjen, yn Ojai Valley. Under in ikenbeam spruts hy ynformeel mei minsken dy't troch syn ideeën oanlutsen waarden. Neigeraden de jierren ferstriken kamen hieltyd mear minsken op syn jierlikse iepenlofttaspraken ôf. Dizze gearkomsten soenen syn hiele libben trochgean. Ek yn Nederlân, by Ommen wienen gearkomsten. Yn 1929 bruts Krishnamurti mei de organisaasje dy't him sponsere. Dernei woeks er út ta ien fan de learmasters fan kwizekwânsje fan de 20e iuw. Hy ferwurp net allinnich alle bannen mei organisearre religys, mar ûntkende likegoed syn eigen spirituele gesach. Hy reizge de hiele wrâld oer, mar ferwurp alle bannen mei lannen, nasjonaliteiten en kultueren. Oeral spruts er en joech lêzings, mar woe gjin jild hawwe foar syn wurk.

De lêzings fan Jiddu Krishnamurti binne fêstlein yn in grut tal boeken en films. Der is in organisaasje dy't syn namme draacht en dy't him dwaande hâldt mei it byinoar sammeljen, argivearjen en útjaan fan syn wurken. Sûnt 1990, fjouwer jier nei syn dea, is syn wurk, ferdield oer fyftich boeken, oersetten yn sânenfjirtich talen. Mei dêrtroch is syn ynfloed oer de hiele wrâld fielber.

De ideeën fan Krisnhamurti oer de sintraliteit fan yndividueel bewustwêzen frij fan de programearre filters fan religy en kultuer, lutsen minsken oan lykas Greta Garbo, Albert Einstein, Charlie Chaplin, Joseph Campbell en George Bernard Shaw. Krishnamurti seach in wrâld dy't degenereare en dêr't gjin gefoel foar moraal is en respekt foar inoar. Hy socht nei in ferklearring fan de oarspronklike gedachtegong dy't dy situaasje kreëare. Yn syn boek The Network of thought, wiisde Krishnamurti nei de oanhâldende bedriging fan oarloggen en ekologyske destruksje en sei:

"Do kinst net mear tinke as kristen, boedist, hindû of as moslim. We stean foar in enoarme grutte krisis dy't troch politisy net oplosse wurde kin omdat hja sa programmeare binne op in bepaalde wize te tinken. Likemin kinne wittenskippers it probleem begripe of oplosse, krektas de sakenwrâld, de wrâld fan it jild. It kearpunt, it beslút, de útdaging, leit net yn polityk, yn religy of yn de wittenskip, mar yn ús bewustwêzen."

Yn "Truth is a pathless land" stelde er en joech syn fysje op leafde, spirituele yntegriteit en perfekte frijheid. Syn doel wie de minskheid te befrijden. Hy sei dat it yndividu frijheid berike koe troch him bewust te wêzen fan syn eigen psychologyske steat en dat allinnich 'wekker wurde' him yn steat stelle sil fan in oar te hâlden.

Selektearre bibliografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • The Awakening of Intelligence
  • Beginnings of Learning
  • The collected Works - Vol. 1 - 17
  • Education and the Significiance of Life
  • Education as Service
  • The Ending of Time
  • The First and Last Freedom
  • The Future of Humanity
  • The Immortal Friend
  • The Impossible Question
  • Life Ahead
  • Meeting Life
  • Self-Preparation
  • Think On These Things
  • Towards Discipleship

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nederlânsktalige websteeën

Ingelsktalige websteeën