Springe nei ynhâld

God

Ut Wikipedy
In 4e-iuwske Romeinske sarkofaach mei dêrop ôfbylde de skepping fan 'e minske troch de god Prometeus. De goaden Jupiter, Neptunus, Merkuerius, Juno, Apollo en Fulkanus sjogge ta.
Dizze side giet oer it begryp 'god' yn it algemien. Foar oare betsjuttings, sjoch: God (betsjuttingsside).
Dizze side giet oer it begryp 'god' yn it algemien. Foar de God út 'e monoteïstyske religyen, sjoch: God (monoteïsme).

In god (manlik), goadinne (froulik) of godheid (kin beide wêze) is in hypotetysk boppeminsklik wêzen, dat boppe of bûten de natoer stiet en dat as hillich beskôge wurdt. Sokke wêzens spylje in grutte rol yn 'e measte religyen en yn alle mytologyen. It bestean fan goaden of godheden is wat, dêr't men yn leauwe moat, mei't it net wittenskiplik oantoand wurde kin. Goaden wurde karakterisearre trochdat se machtiger binne as minsken, ynteraksje hawwe mei minsken (yn positive of negative sin) en minsken ta hegere nivo's fan bewustwêzen bringe kinne.

Polyteïstyske religyen geane út fan it bestean fan ferskate, soms sels ûntelbere goaden, wylst monoteïstyske religyen úthâlde dat der mar ien God (skreaun mei in haadletter) bestiet. Monolatry is in tuskenfoarm wêrby't de leauwende wol it bestean fan mear goaden erkend, mar net mear as ien inkele god ferearet. Non-teïstyske religyen lizze de klam op oare dingen en beskôgje it leauwen yn it bestean fan goaden fierhinne yrrelevant, hoewol net direkt problematysk. In groep goaden út ien beskate polyteïstsyske religy is in panteön. De leden fan in panteön hawwe ornaris allegearre harren eigen domein; sa besteane in protte panteöns fierhinne út personifiëarre natoerfenomenen (lykas sinne, tonger, maityd, see, ensfh.), minsklike emoasjes (lykas leafde en jaloerskens) en maatskiplike ferskynsels (lykas oarloch en rjochtfeardichheid).

As wurd is 'god' fan Germaanske oarsprong, fan it Proto-Germaanske *ǥuđan. Dat giet sels wer werom op it Proto-Yndo-Jeropeeske *ǵhau(ə)-, mei as betsjutting "roppe", "oproppe" of "oanroppe".

De hindoeïstyske skepper-god Brachma.

Foarstelling fan goaden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It leauwen yn it bestean fan goaden komt by de minskheid tige algemien foar, mar kultueren en religyen ferskille yn it tal goaden, de aspekten dêr't de goaden mei ferbûn binne en de ferhâlding tusken de goaden en de minsken. Der bestiet fierders gjin universeel akseptearre konsensus oer wat in god of godheid eins krekt is, mei't ek de ideeën dêroer nei kultuer ferskille. Sa kin de definysje fan it wurd 'god' útinoar rinne fan "ûneinich transendint Opperwêzen dat it hielal skepen hat en deroer hearsket" (God) ta "einich wêzen dat machtiger is as in minske en sizzenskip hat oer in beskaat diel fan 'e natoer" (god).

In god of godheid wurdt yn 'e regel foarsteld as in boppenatuerlik wêzen dat him- of harsels manifestearret yn ideeën en kennis, yn in foarm dy't treflikens blike lit út beskate of alle aspekten, mar mei syn of har eigen emoasjes en winsken. Mar de foarstelling kin ek tige oare foarmen oannimme, lykas yn 'e Upanisjaden, in kategory fan hillige teksten fan it hindoeïsme. Dêryn wurdt atman, de siel, as deva ("godheid") karakterisearre, en wurdt útholden dat dy godheid en it ivige opperste prinsipe Brachma diel útmeitsje fan elts libben wêzen, en dat de siel dêrom sawol spiritueel as godlik is en dat it krijen fan selskennis itselde is as yn 'e kunde kommen mei it godlike.

De Azteekske sinnegod Tonatiuh.

Kommunikaasje tusken goaden en minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kommunikaasje fan minsken mei goaden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In protte leauwenden út in soad religyen binne derfan oertsjûge dat der kommunikaasje mooglik is tusken goaden en minsken. De leauwenden kommunisearje mei harren god troch gebed. Dat is it earbiedige oanroppen fan 'e god, faak op stille wize, mei as doel ornaris ôfsmeking, tanksizzing, bycht of lofpriizging. Guon godstsjinsten kenne ek in mienskiplike, ritualisearre foarm gebed, lykas it kristlike Us Heit of it islamityske ṣalāẗ.

In oare foarm fan kommunikaasje fan minsken mei harren goaden (dy't faak trouwens ek mank giet mei gebed) is it offerritueel, wêrby't eat fan wearde mei opsetsin stikken makke wurdt yn namme fan 'e god. Men kin dan tinke oan in swurd dat yn in hillige poel smiten wurdt, in stik houtfykwurk dat ferbaarnd wurdt, of in stik fee dat slachte wurdt foar in biste-offer. Yn it ferline hiene in protte religyen ek wol minske-offers, wêrby't minsken deamakke waarden.

Kommunikaasje fan goaden mei minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Leauwenden binne der ek faak fan oertsjûge dat der kommunikaasje yn 'e oare rjochting bestiet, fan 'e god nei de minsken ta. Yn 'e abrahamityske religyen, lykas it joadendom, it kristendom en de islaam, wurdt dat proses iepenbiering neamd. Leauwenden kinne in persoanlike iepenbiering hawwe, dy't inkeld fan belang is foar harrensels, mar der binne ek iepenbierings dy't rjochte binne oan 'e hiele leauwensmienskip. Dêrby giet it om 'e ivige en absolute wierheden fan God, dy't fan krúsjaal belang binne foar de teology. Sokke mienskipsrjochte iepenbierings rinne fia persoanen mei in spesjale bân mei God, dy't profeten neamd wurde. Foarbylden fan sokke profeten binne Mozes, Elía, Natan, Jehannes de Doper en Mohammed. Yn 'e Yndyske religyen, lykas it hindoeïsme en it boedisme, komme iepenbierings minsken inkeld ta as se der aktyf nei sykje, bygelyks troch meditaasje of yoga. Dêr wurde dejingen dy't mienskipsrjochte iepenbierings krije, gjin profeten, mar goeroes neamd.

In Korintyske plakette fan Poseidon, de Grykske god fan 'e see (2e helte 6e iuw f.Kr.).

Yn heidenske tradysjes en natoerreligyen wurdt kommunikaasje fan goaden nei minsken yn 'e regel sjoen as eat dat direkt en ûnderfiningsrjochte is: it boadskip wurdt streekrjocht trochjûn oan dejinge foar wa't it bedoeld is. Konsepten as 'profeet' en 'iepenbiering' binne yn dy godstsjinsten ûnbekend, alteast yn 'e betsjutting dy't de abrahamityske religyen dêroan jouwe. Wol is it soms mooglik om aktyf om in boadskip fan 'e goaden te freegjen, troch rituelen dy't laat wurde troch sjamanen of medisynlju. Yn it moderne heidendom komt yn 'e wicca in iepenbieringsritueel foar dat drawing down the moon ("it omleechlûken fan 'e moanne") neamd wurdt. Dêrby ropt in hegepreesteresse (of soms in hegepreester) de Trijefâld Goadinne oan en jout dan, nei't men leaut, godlik ynspirearre wurden troch oan 'e leauwensmienskip.

In oarsoartige foarm fan kommunikaasje tusken goaden en minsken dy't yn heidenske en oare polyteïstyske religyen foarkomt, is de epifany. Dat is de sintúchlike ferskining fan in god of goaden oan ien of mear minsken. Yn 'e Ilias, it Aldgrykske epos skreaun troch Homearus, ferskine de goaden fan it Grykske heidendom oates en toates oan sawol de Griken as de Trojanen, en tilt it sadwaande op fan 'e epifanyen. Tsjin 'e ein fan it wurk wurdt de Trojaanske kening Priamus nei de Grykske skippen brocht troch in kreaze jongfeint dy't himsels op 't lêst bekendmakket as de god Hermes. Ek yn 'e earste boeken fan 'e joadsk-kristlike Bibel komt men soks geregeldwei tsjin. Sa besiket God yn Genesis 18 bygelyks persoanlik de aartsfaar Abraham om 'e ferwoastging fan Sodom en Gomorra oan te sizzen. Yn Genesis 32:23-33 wrakselet Abraham syn pakesizzer Jakob nachts by Pniël mei God yn it wetter fan 'e rivier de Jabbok. En yn Exodus 3 ferskynt God oan 'e profeet Mozes yn 'e foarm fan in toarnbosk dy't yn 'e brân stiet mar dochs net ferbaarnt.

Oanhingers fan it panteïsme leau-we dat it hielal sels mei alles deryn ien grutte alomfiemjende godheid foarmet.

Yn lettere monoteïstyske godstsjinsten wie God fierstente hillich om yn eigen persoan nei de ierde del te kommen om mei minsken om te gean. Ynstee stjoert er dan syn ingels om dat foar him te dwaan. Yn 'e Bibel kin men dy ûntwikkeling goed folgje: by Abraham komt God by wize fan sprekken noch gewoan op 'e kofje, mar mei Mozes kommunisearret er yn 'e foarm fan in boppenatuerlik ferskynsel, dat boppedat sa hillich is dat Mozes oardere wurdt de skuon út te dwaan (Exodus 3:5). Yn it Nije Testamint ferskynt yn Lukas 1 lykwols de aartsingel Gabriël oan sawol Sacharías, de heit fan Jehannes de Doper, as oan 'e Faam Marije, beide kearen om 'e berte fan in soan oan te sizzen. Hoewol't epifanyen yn dy tiid yn it joadendom ûntinkber wurden wiene, gou dat net foar it Grykske heidendom. Dat ferklearret de betizing dy't yn Hannelingen fan 'e Apostels 14:11-18 ûntstiet as de kristlike apostels Paulus en Barnabas yn 'e stêd Lystra, yn Lyts-Aazje, nei it dwaan fan wûndertekens troch de pleatslike befolking foar de goaden Seus en Hermes oansjoen wurde.

It bestean fan goaden is wat, dêr't men yn leauwe moat, mei't it net wittenskiplik (empirysk) bewiisd wurde kin. De logika leart dat as bewiisd wurde kin dat der gjin god bestiet, dat ek betsjut dat net bewiisd wurde kin dat der àl in god bestiet. Mar it leart ek dat soks oarsom net jildt: as net bewiisd wurde kin dat der in god bestiet, betsjut dat net dat dêrmei ek bewiisd is dat der gjin god bestiet.

De skriklike hindoegoadinne Kali, mei in halskeatling fan minsklike skedels om.

Filosofyen oangeande goaden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Teïsme is it leauwen yn it bestean fan ien of mear goaden.
  • Non-teïsme is gjin ôfwizing fan it bestean fan goaden, mar it leauwen dat it bestean fan goaden net nedich is foar it útlizzen fan it bestean fan it hielal, de wrâld en it libben. Foar non-teïsten is de fraach oft goaden besteane dêrom fierhinne yrrelevant.
  • Agnostisisme is it leauwen dat it ûnmooglik is om mei wissichheid te sizzen oft goaden of oare boppenatuerlike wêzens besteane. Guon agnosten beskôgje sokke religieuze bewearings net inkeld as net-witten, mar as ûnwitber.
    • Eatisme is it leauwen dat der 'eat' godliks wêze moat, hoewol't men fierders net wit wat dat krekt is of hoe't it derút sjocht.
  • Ateïsme is it fêste leauwen dat goaden net besteane. It ateïsme wiist yn 'e regel ek in libben nei de dea ôf, wat in oar punt is dat it agnostisme as ûnwitber beskôget.

Goaden yn 'e prehistoarje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer de oarsprong fan religy is net folle mei wissichheid te sizzen, om't dy oarsprong yn 'e prehistoarje leit en der dus gjin skriftlike boarnen fan oerlevere binne. Argeologyske opgravings lykje út te wizen dat de minsken altyd al in oanstriid ta religiositeit hân hat. Undersikers liede it wierskynlike bestean fan godheden yn 'e prehistoarje ôf út prehistoaryske keunst, lykas grotskilderings, mar it is ûndúdlik hokfoar godheden krekt op dy wize ôfbylde binne en wêr't dy foar stiene.

De Fenus fan Willendorf, in prehistoarysk byldsje dat oer it algemien ynterpretearre wurdt as in represintaasje fan 'e Memmegoadinne.

Yn 1912 brocht de Dútske pater Wilhelm Schmidt yn syn boek Der Ursprung der Gottesidee ("De Oarsprong fan it Godsidee") foar it earst de teory op 't aljemint dat de iere minskheid in primityf monoteïsme belide, troch ien inkele god te oanbidden dy't as de skepper en hear fan alle dingen beskôge waard. Dy saneamde Himelgod wenne net yn timpels en hie gjin preesterstân dy't him tsjinne, om't er sa heech en machtich wie dat in minsklike kultus foar him fierstente ûntarikkend wêze soe. Mar krekt dêrtroch kaam er sa fier fan it libben fan 'e minsken ôf te stean, dat er stadichoan út harren belibbingswrâld ferdwûn.

Moderne godstsjinstûndersikers pleatse kanttekenings by de teory fan Schmidt, mar derfan útgeande dat er gelyk hie, soe syn Himelgod skoan ferkrongen wêze kinne troch de Memmegoadinne, dy't yn it Paleolitikum, fan likernôch 30.000 f.Kr. ôf, wierskynlik rûnom fereare waard. De Memmegoadinne, dy't foarsteld waard as in neakene, wielderige frou dy't swier wie, foarme de ferpersoanliking fan 'e fruchtberens dêr't hiel it libben fan ôfhong. Bylden fan sa'n figuer binne fûn yn hiel Jeropa, it Heine Easten en it Yndysk subkontinint, en der binne oanwizings dat se ek bûten dat gebiet bekend wie.

In byldsje fan in neakene, wielderige frou, opdobbe yn Çatalhöyük yn Anatoalje, datearjend út 6000 f.Kr. De measte argeologen binne fan tinken dat it in goadinne foarstelle moat, wierskynlik de Memmegoadinne.

Foarhinne wie it foar argeologen wizânsje om frijwol elts froulik byldsje út 'e prehistoarje te ynterpretearjen as in represintaasje fan in inkele foarâlderlike goadinne, dêr't sokke histoarysk oerlevere goadinnen as Inanna, Isjtar, Astarte, Sybêle en Afrodite út fuortkommen wêze soene. Dy oanpak is no fierhinne yn diskredyt rekke, mei't moderne argeologen oer it algemien beseffe dat it ûnmooglik is om lykfol hokker prehistoarysk byldsje mei wissichheid te identifisearjen as in represintaasje fan hokfoar godheid dan ek.

Dat sein hawwende is it mooglik om sokke byldsjes per gefal te beoardieljen en dêrby fêst te stellen hoe wierskynlik it is dat it om in represintaasje fan in godheid giet. Sa wurdt de Fenus fan Willendorf, in ferneamd byldsje fan in wielderige frou dat yn 1908 te Willendorf in der Wachau, yn Eastenryk, fûn is en datearret fan omtrint 25.000 f.Kr., noch altyd frij algemien as in ôfbylding fan 'e Memmegoadinne beskôge. Oare soksoarte wierskynlike godsbyldsjes binne opdobbe by Jericho yn it Westjordaanlân, by Çatalhöyük yn Turkije en by Harappa en Mohenjo-Daro yn wat no Pakistan is.

Hoelang't de Memmegoadinne de wichtichste godheid wie, is net dúdlik, mar it is yn alle gefallen wierskynlik dat it om milennia gie. Yn it Mesolitikum gie hja op yn 'e polyteïstyske panteöns, krekt sa't dat ek mei de Himelgod barde. Lykwols bleau de Memmegoadinne ornaris ien fan 'e machtichste godheden en grif machtiger as de Himelgod, dy't in dizenich figuer op 'e eftergrûn wurden wie. Sadwaande waard se net fergetten en koe har kultus tydlik wer oplibje doe't yn it Neolitikum, om 8000 f.Kr. hinne, de lânbou útfûn waard, dêr't fruchtberens fansels in krúsjale rol by spile. Mei de útfining fan 'e lânbou kaam de assosjaasje fan 'e Memmegoadinne mei planten sintraal te stean, yn it Middellânske Seegebiet mei nôt en yn Súd-Aazje mei knolgewaaksen.

De Litousk-Amerikaanske argeologe Marija Gimbutas is fan miening dat de Memmegoadinne it sintrum fan in matriargale kultuer wie, dy't yn Jeropa en it Midden-Easten fuortbestien hawwe soe oant it begjin fan 'e Kopertiid (it Galkolitikum) om 4000 f.Kr. hinne. Dy opfetting is bepaald net omûnstriden. Yn elts gefal gie de Memmegoadinne op in stuit, earne tusken 5000 f.Kr. en it begjin fan 'e skriftlike oerlevering om 3000 f.Kr. hinne, fannijs op yn 'e polyteïstyske panteöns fan 'e folken dy't har ferearen.

In byld fan in Jorûba-òrìṣà út Nigearia.

Goaden yn polyteïstyske religyen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Afrikaanske natoerreligyen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ûnderskate folken yn Afrika besuden de Sahara dy't natoerreligyen oanhingje, ûntwikkelen geandewei har skiednis allegear harren eigen, mar faak wol besibbe teologyen en panteöns. In útsûndering wurdt foarme troch de Mbûty-pygmeeën út 'e Demokratyske Republyk Kongo, dy't hielendal gjin aparte goaden kenne. Wat oare religyen 'goaden' neame, is foar harren de natoer, de wyldernis dêr't se yn en fan libje.

Yn it leauwe fan 'e Jorûba fan súdwestlik Nigearia en súdlik Benyn komme twa promininte godheden foar: de god Ogun en de goadinne Osun. Ogun is de foarâlderlike manlike godheid en teffens de beskermgod fan beroppen lykas smidden, jagers en krigers. Hy giet ek oer gerjochtichheid en rjochtfeardichheid. Osun is in like sterke foarâlderlike froulike godheid en in multydiminsjonale beskermgoadinne fan fruchtberens, wetter, de memmesteat, sûnens, leafde en frede. It leauwen yn Ogun en Osun waard troch Afrikaanske negerslaven nei de Amearika's brocht, dêr't harren ferearing yn plantaazjemienskippen beholden waard yn in steat fan ferminging mei ferearing fan kristlike hilligen.

De Maya-god Ah Puch ôfbylde yn 'e Dresden Kodeks.

Yn kultueren út Súdlik Afrika komt in soartgelikense manlik-froulike godheidkombinaasje foar yn 'e foarm fan 'e goaden fan 'e moanne en de sinne. De kosmology fan beskate Koisan-folken bestiet bgl. út de hieseba of xuba (goaden), gaune (demoanen) en khuene (minsken). Ta de hieseba hearre Nladiba, in foarm fan 'e Himelgod, en de Nladisara, de beide froulju fan Nladiba. De (froulike) sinne en de (manlike) moanne wurde beskôge as de bern fan Nladiba en de Nladisara, mar ek as manifestaasjes fan Nladiba, dy't yn syn plak fereare wurde. Yn guon oare Afrikaanske kultueren wurdt de sinne sjoen as manlik en de moanne as froulik, wylst se beide symboalen binne fan godlikens. By de Sjona fan Simbabwe wie foarhinne de oppergod Mwari Shona androgyn, mei sawol manlike as froulike aspekten. Dy godheid waard sjoen as de bringer fan 'e libbenjaande rein, en as god fan sawol ljocht as tsjuster.

De Jorûba leauwe fierders dat se ôfstamje fan 'e god Odua, dy't neffens harren myten harren earste kening wie. Oare wichtige goaden út it tige grutte panteön fan 'e Jorûba-religy binne de grutte memmegoadinne Onile, de skepper-god Olodumare, de ierdgoadinne Onkoro, de tongergod Shango en Orunmila, de god fan kennis en wiisheid. Ek oare kultueren yn West-Afrika hawwe in tige grut tal goaden. De Ewé fan súdlik Benyn, Togo en Gana hawwe bygelyks mear as seishûndert godheden, wêrûnder ien dy't de pokken belichemet.

In reliëf fan 'e Assyryske nasjonale god Asjoer yn in wjukte hybride foarm.

Sokke grutte oantallen goaden wurde yn 'e regel wol oardere yn in panteön mei ien god oan it haad, as in soarte fan 'kening fan 'e goaden'. Sa leauwe de Oromo fan súdlik Etioopje en noardlik Kenia yn in almachtige himelske godheid dy't se Wak neame, waans each de sinne is. De Swazy, fan Swazylân en oangrinzgjende regio's fan Súd-Afrika en Mozambyk, leauwe yn 'e heechste god Mkhulumnchanti. De heechste god fan 'e Kosa fan Súd-Afrika stiet bekend ûnder ferskillende nammen: uDali, Tixo en Qwamata. Om't hy ek foarkaam by de San, is it lykwols mooglik dat de Kosa him fan harren oernommen hawwe. De Hûtû en Tûtsy fan Rûanda en Boerûndy stiene opmerklike iepen foar it kristendom dat de sindelingen harren oan it begjin fan 'e tweintichste iuw brochten, benammen om't se in sterke oerienkomst seagen tusken de God en de ingels en hilligen fan it nije leauwe en de heechste god Imaana en de legere godheden yn harren lânseigen religy. Nettsjinsteande dat (of mooglik dêrom) hinget in grut part fan harren noch altyd har âlde natoerreligy oan.

Yn 'e natoerreligyen fan in protte folken fan West-Afrika komt in Himelgod foar, wêrby't almeast ek in hiel dúdlike skieding tusken him en de legere, mear tagonklike godheden of geasten bestiet, dy't in folle gruttere rol spylje yn it deistich bestean fan 'e minsken. Sa sille de Jorûba harren himelgod, Olurun, dy't mei de sinne assosjearre wurdt, nea op ien hichte stelle mei de oare goaden, dy't de òrìṣà neamd wurde. Krekt itselde ûnderskie meitsje de Edo fan súdlik Nigearia tusken harren heechste god, Osanobuwa, en de ebo, en ek de Ibo fan súdeastlik Nigearia tusken harren skepper Chukwu en de aalusa. De Asjanty fan sintraal Gana leauwe yn 'e heechste god Nyame, dy't nei it skeppen fan 'e wrâld flechte foar it ûnferdraachlike leven dat de froulju makken by it fynstampen fan 'e yams. Tegearre mei de ierdgoadinne Asase Yaa wurdt hy troch de Asjanty oanhâldend oanroppen, hoewol't er net drekt yn harren libben yngrypt; dat dogge nammentlik allinne de abosom (de mindere goaden), de asaman (de foarâlden), en de asuman (in ûnpersoanlike godlike krêft).

It byld fan in Jorûba-òrìṣà út Nigearia.

Ek yn oare dielen fan Afrika sjocht gauris in foarm fan 'e Himelgod, lykas by de Ankole fan súdwestlik Oeganda. Dy leauwe yn 'e goede, mar ôfhâldige skepper Ruhanga, dy't yntervinsje yn it libben fan 'e minsken oerlit oan 'e geasten fan 'e foarâlden. De Sûlû's fan Súd-Afrika leauwe yn 'e god Unkulunkulu ("de Alde, Alde Man"), dy't de wrâld skepen hat. Mar yn it deistich libben is syn dochter uNomkubulwana folle wichtiger, om't sy de goadinne fan 'e rein is. Noch wer wichtiger binne de geasten fan 'e foarâlden. Hoewol't leauwenssystemen mei in Himelgod boppe-oan in protte foarkomme yn Afrika, binne se dêr net de regel. Sa kinne de Kikûjû fan westlik Kenia, de Masai fan súdlik Kenia en noardlik Tanzania, en de Kalendjin-folken (Kipsigis, Nandy, Keiyo, Tûgen, Marakwet en Pokot) fan noardwestlik Kenia, wis wol streekrjocht mei harren heechste god kommunisearje.

Sûmearysk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Aldheid fan Mesopotaamje, it hjoeddeistige Irak, kamen withoefolle dingir ("godheden") foar. Mesopotamyske goaden waarden frijwol útslutend antropomorf en faak fan reuseftige lichaamlike grutte foarsteld. Der waarden oan harren grutte machten tatocht, lykas ûnstjerlikens, hoewol't guon, lykas Dûmûzid, Gesjtinanna en Gûgalanna, neffens mytologyske beskriuwings itsij stoarn wiene, itsij de ûnderwrâld besocht hiene.

De ôfdruk fan in Akkadysk sylindersegel mei in ôfbylding fan Inanna, de Sûmearyske goadinne fan leafde, seks en oarloch.

Yn it panteön fan it Sûmearyske heidendom hiene de goaden allegear ferskate funksjes of domeinen, dy't gearfoelen mei natoerferskynsels, maatskiplike fenomenen, emoasjes of abstrakte begripen lykas lotsbestimming of rjochtfeardichheid. De goaden waarden fet, klaaid, fermakke en fereare om natoerrampen foar te kommen en ek sosjale gaos dy't liede koe ta plondering, ferkrêfting en bloedbaden. In protte Sûmearyske goaden wiene njonken de sizzenskip oer harren domein ek belêstge mei de beskerming fan ien fan 'e stêdsteaten.

De wichtichste Sûmearyske goaden stiene bekend as de Annûnaki; dêrta hearden Anû, Enlil, Enki, Ninhoersag, Nanna, Utû en Inanna. Nei de ferovering fan Sûmearje troch Sargon fan Akkad, de stifter fan it Akkadyske Ryk, yn 'e fjouwerentweintichste iuw f.Kr., rekken in protte Sûmearyske goaden synkretisearre mei Eastsemityske godheden. Sa waard Inanna synkretisearre mei de Eastsemityske Isjtar. Hja wûn neitiid grutte pupulariteit en krige timpels yn hiele Mesopotaamje.

Hoerritysk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Coyote is in trickster út 'e natoerreligyen fan 'e Noard-amerikaanske Yndianefolken.

It Hoerrityske heidendom, fan 'e Hoerriten, wie mei it Sûmearyske heidendom ien fan 'e ierste en ynfloedrykste religyen fan it Midden-Easten. De wichtichste Hoerrityske godheid wie Tesjûb, de god fan it waar, dy't de ûntwikkeling fan 'e Kanaänityske Baäl-Hadad beynfloede. Oare wichtige Hoerrityske goaden wiene Hepa, de Memmegoadinne, Sjimegi, de sinnegod, Nergal, de god fan 'e ûnderwrâld, en Sjaûska, de goadinne fan genêzing en de wjergader fan 'e Sûmearyske Inanna en de Eastsemityske Isjtar.

Elamitysk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste god fan 'e Elamiten wie Chûmban, de god fan 'e ierde, dy't assosjearre waard mei de Mesopotamyske god Enlil. Syn oarehelte wie de Memmegoadinne Pinikir, dy't ek wol Kiririsja neamd waard. Dy lêste namme betsjut "Grutte Goadinne" yn it Elamitysk. Njonken Chûmban hie hja noch in frijer: Ninsûsinak, de god fan eden en de berjochter fan 'e ferstoarnen. By de Akkadysktalige folken stie dy lêste bekend as "Sûsinak". Trijeresom hiene Chûmban, Pinikir en Ninsûsinak de lieding oer it Elamityske panteön. Oare goaden wiene Djabrû, de heit fan 'e goaden dy't oer de ûnderwrâld regearre, Nahûndi, de god fan 'e sinne en it rjocht, en Napir, de god fan 'e moanne.

Afro-Aziatysk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gûantsje-religy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Gûantsjes, de oarspronklike bewenners fan 'e Kanaryske Eilannen, oanbeaen in heechste god dy't op Gran Canaria Alcorac, op Teneryf Achaman en op La Palma Abora neamd waard. Dyselde waard sterk mei de sinne identifisearre.

In tombeskildering út it Alde Egypte, fan 'e Egyptyske goaden Osiris, Anûbis en Hoarus.

Egyptysk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It heidendom fan it Alde Egypte omfette in grut tal goaden, dy't net (allegear) feriene wiene yn in dúdlik panteön. Ynskripsjes yn hieroglifen befetsje de nammen fan in protte goaden dêr't fierders net folle of neat oer bekend is, en ferwize dêrnjonken noch op dizenige wize nei oare godheden fan wa't sels de namme net oerlevere is. Egyptolooch James P. Allen hat rûsd dat yn Egyptyske teksten mear as 1.400 godheden neamd wurde, wylst syn kollega Christian Leitz spriek fan "tûzenen en tûzenen". De Egyptysktalige term foar "god" wie nṯr en foar "goadinne" nṯrt. Dêrmei koene lykwols ek ferwiisd wurde nei natoergeasten en de geasten of spûken fan ferstoarne minsken, mar net nei demoanen. Alle Egyptyske goaden hiene ornaris in eigen kultus, rol en mytology.

Rûchwei 200 godheden komme prominint foar yn 'e Egyptyske teksten fan 'e piramiden fan Giza en de timpels, wêrfan't in soad in soömorf (op in bist lykjend) uterlik hiene. Guon fan 'e wichtichsten wiene de fruchtberensgod Min en de skepper-goadinne Neit, en fierders Anûbis, Hoarus, Isis, Ra, Osiris en Tot. De measte Egyptyske goaden fertsjintwurdigen aspekten fan 'e natoer of maatskiplike ferskynsels. Sjû, bygelyks, wie de god fan 'e loft, de goadinne Meretseger stie foar dielen fan 'e grûn en de god Sia wie ferbûn mei de abstrakte fermogens fan waarnimming. Goaden as Ra en Osiris waarden assosjearre mei de berjochting fan 'e deaden en de fersoarging fan dyselden yn it hjirneimels. Wichtige goaden hiene faak mear as ien rol.

Hoarus, de mei in falkeholle ôfbylde Egyptyske god fan 'e loft, de oarloch en de jacht.

De ierste skreaune boarnen oer godheden yn it Alde Egypte komme út it begjin fan it trêde milennium f.Kr. en wiene nei alle gedachten in fuortsetting fan ideeën datoangeande út 'e prehistoarje. It leauwen yn 'e ûnderskate goaden waard lykwols systematisearre en ferfine nei't de Egyptyske steat ta stân kommen wie ûnder it regear fan 'e farao's, dy't harsels yn 'e twadde helte fan it trêde milennium f.Kr. as hillige keningen it monopoalje op ynteraksje mei de goaden taeigenen. Folle letter, yn 'e Klassike Aldheid, doe't de Egyptners yngeand hannel dreaune mei oare lannen en yn Egypte mei de Ptolemeeën in útlânske dynasty oan 'e macht kaam, waarden bûtenlânske goaden yn Egypte yntrodusearre en sûnder folle swierrichheden opnommen yn it besteande panteön.

In aparte ûnderbrekking fan it polyteïstyske Egyptyske heidendom wie de saneamde Amarna-tiid. Dêrby helle Amenhotep IV, in farao út 'e Achttjinde Dynasty dy't regearre fan 1364 oant 1347 f.Kr., ien god út it Egyptyske panteön en foarme dêr in monoteïstyske kultus om hinne. Dy god wie Aton, de ferpersoanliking fan 'e sinneskiif, en oant it begjin fan 'e Achttjinde Dynasty net in godheid op himsels, mar in aspekt fan 'e sinnegod Amon-Ra. Amenhotep (dat betsjut "Amon is tefreden") feroare syn namme yn Achnaton ("Dy't Aton behaget") en ferhuze de haadstêd fan it ryk fan Tebe nei it nij boude Achetaton ("Ljochtlân fan Aton"), de hjoeddeiske ruïnestêd Tell el-Amarna.

In stêle mei in ôfbyl-ding fan 'e Kanaänityske god Baäl-Hadad, tarist mei in wjerljochtslach.

It is net alhiel dúdlik oft de Aton-kultus wol echt monoteïstysk wie. Wat de farao Achnaton sels oangie, wie dat wierskynlik wol sa. Foar de maatskiplike hegerein om 'e farao hinne sil it lykwols mear yn 'e rjochting fan in monolatrysk polyteïsme gien wêze, en foar it sljochtwei folk wie it nei alle gedachten in henoteïstysk polyteïsme. Hoe dan ek, nei Achnaton syn dea waarden syn herfoarmings troch syn opfolgers, Smenchare en de bekende Tûtanchamon (berne as Tûtanchaton), rigoereus weromdraaid en fan 'e ein fan 'e Achttjinde Dynasty ôf waard Achnaton as in ketter beskôge; syn namme waard fuortskrast út ynskripsjes en op offisjele keningslisten kaam er net mear foar.

Semitysk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kanaänitysk heidendom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Levant wiene de âlde Kanaäniten polyteïsten mei in in foarm fan it heidendom dy't ek in eigen panteön omfette. Oan it haad dêrfan stie de god Eel, waans oarehelte Asjeara wie, mei wa't er santich soannen hie. In oare wichtige god wie Hadad (of Baäl-Hadad) de god fan stoarm, rein, plantegroei en fruchtberens. ("Baäl" is gjin namme mar inkeld in earetitel dy't "Hear" betsjut.) De oarehelte fan Baäl-Hadad wie Anat, de goadinne fan 'e oarloch. Astarte, it Westsemityske ekwifalint fan 'e Eastsemityske Isjtar, wie de goadinne fan 'e leafde.

De Israeliten, de foarâlden fan 'e moderne Joaden, leauden oarspronklik yn deselde goaden as de rest fan 'e Kanaäniten, hoewol't se ek harren eigen nasjonale god Jahweh tsjinnen. Neffens de Bibel soe dyselde al fereare wêze troch de aartsfaars, mar it liket de measte godstsjinstûndersikers in stik oannimliker dat it jahwisme, de ierste foarm fan it joadendom, pas by de Israeliten yntrodusearre waard troch de profeet Mozes. Wa't it bibelboek Exodus der sekuer op neilêst, soe ta de konklúzje komme kinne dat Jahweh fan oarsprong in Midjanityske of Edomityske fulkaangod wie (de saneamde Midjanityske Teory). Yn har boek A History of God tsjut teologe Karen Armstrong oan dat de god fan 'e aartsfaar Abraham nei alle gedachten de Kanaänityske oppergod Eel wie. Sterker noch, se lûkt yn twifel oft de "Alderheechste" fan Abraham, de "Freesde" fan syn soan Izaäk en de "Machtige" fan syn pakesizzer Jakob wol deselde goaden wiene.

In muntstik út 'e 4e iuw f.Kr. út 'e Perzyske provinsje Jehûd Medinata, mei dêrop in ôfbylding dy't mooglik Jahweh toant op in wjukte en fan tsjillen foarsjoene troan.

Yn elts gefal is dúdlik dat Eel yn in letter stadium synkretisearre rekke mei Jahweh, dy't mank de Israeliten de rol fan Eel as oppergod fan it panteön oernaam, mei Asjeara as syn oarehelte en de "soannen fan Eel" as syn neiteam. Yn 'e tiid fan it Keninkryk Juda kaam op in stuit in monolatryske faksje oan 'e macht, dy't fan tinken wie dat inkeld Jahweh fereare wurde mocht en dy't dêrom alle oare leden fan it Kanaänityske panteön weisette as "ôfgoaden".

Nei de herfoarmings dy't trochfierd waarden ûnder it regear fan kening Josjía fan Juda, yn 621 f.Kr., waard de monolatryske ferearing fan Jahweh de steatsgodstsjinst dy't de befolking fan boppenôf oplein waard. Nei it begjin fan 'e Babyloanyske Ballingskip, yn 586 f.Kr., krige in noch ekstremere opfetting foet oan 'e grûn mank de út harren heitelân ferballe Judeeërs, wêrby't men begûn te leauwen dat de oare goaden fan it Kanaänityske panteön net allinnich net fereare wurde moasten, mar hielendal net bestiene. Tagelyk waarden de "soannen fan Eel" yn status weromset fan goaden ta ingels, en sa ûntstie de earste moderne foarm fan it monoteïsme.

In reliëf fan 'e Babyloanyske god Mardûk, dy't de seegoadinne Tiamat befjochtet.
Assyrysk en Babyloanysk heidendom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it earste milennium f.Kr. wiene yn it Assyryske heidendom Ansjar (letter Asjoer) en Kisjar de foarâlderlike goaden. Yn it Babyloanyske heidendom wie Mardûk de wichtichtste god, hoewol't dy yn it trêde milennium f.Kr. noch in mindere godheid west hie. De Babyloanjers ferearen Mardûk as de skepper fan himel en ierde en fan 'e minsken, en teffens as harren nasjonale god. Syn ikonografy is soömorf en hy wurdt op argeologyske artefakten almeast ôfbylde as in 'slangedraak' of yn hybride minsklik-bisteftige foarm.

Arabysk heidendom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It pre-islamityske heidendom fan 'e âlde Arabieren omfette in panteön fan ûnderskate goaden en goadinnen. Oan it haad dêrfan stie in oppergod dy't ienfâldichwei Allāh, Arabysk foar "De God", neamd waard. It wie dy god dy't de profeet Mohammed oan it begjin fan 'e sânde iuw lykslaan soe mei de monoteïstyske God fan it joadendom en it kristendom. In wichtich plak naam fierders de fan oarsprong Nabateeske god Hûbal yn, waans sit oant de opkomst fan 'e islaam de Kaäba yn Mekka wie.

De populêrste Arabyske goaden, alteast yn 'e Hidjaz, wiene lykwols trije goadinnen: al-Lāt (dat "de Goadinne" betsjut) en al-Oezzā ("de Machtige"), dy't harren hillichdommen yn Tayf en Nachla hiene, by Mekka, en Manāt, de skikgoadinne, dy't fereare waard yn Kûdaid, oan 'e Reade See. Mei syn trijen waarden dy goadinnen ek wol "de dochters fan God" (banāt Allāh) neamd. Dat betsjut lykwols net needsaaklikerwize dat der yn it Arabyske heidendom in folslein ûntwikkele panteön bestie mei besibskipsrelaasjes tusken de ûnderskate goaden, mei't de oantsjutting neffens godstsjinstûndersikers lykas Karen Armstrong nei alle gedachten yn oerdrachtlike sin bedoeld wie. It betsjutte sadwaande wierskynlik eat yn 'e sin fan "godlike wêzens". De trije goadinnen waarden net foarsteld mei natoergetrouwe bylden, mar mei oprjochte stiennen, dy't ek by de âlde Kanaäniten yn gebrûk wiene foar de tsjinst fan û.o. Asjeara.

De Grykske oarlochsgod Ares.

Yndo-Jeropeesk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hettitysk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De mytology fan 'e Hettiten hie dúdlike eleminten beholden út 'e Proto-Yndo-Jeropeeske religy, de oerreligy fan 'e foarâlden fan alle folken dy't Yndo-Jeropeeske talen sprekke, mar stie tagelyk ûnder swiere ynfloed fan 'e Mesopotamyske mytology. It panteön waard dominearre troch Tarhûnt, de god fan 'e tonger, dy't sterke oerienkomsten fertoant mei û.m. de Grykske god Seus en de Noardske god Thor. Oare wichtige goaden wiene Telepinû, de god fan fruchtberens en de lânbou dy't in soan fan Tarhûnt wie, Hannahannas, de Memmegoadinne, en Kamrûsepa, de goadinne fan 'e tsjoenderij.

Gryksk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Alde Griken ferearen sawol goaden as goadinnen, dy't yn in relatyf strak gearstald panteön ûnderbrocht wiene. In soad godheden út it Grykske heidendom waarden letter oernommen en oanpast troch de Romeinen, dy't in folle grutter en losser organisearre panteön hiene. De Grykske goaden spilen, yn 'e mande mei healgoaden en minsklike helden, de haadrol yn 'e tige komplekse en goed oerlevere Grykske mytology, dy't neffens teolooch Pascal Boyer mear wei hat fan in moderne soapsearje as de measte religieuze stelsels. Krekt as yn oare heidenske godstsjinsten wiene de goaden assosjearre mei natoerferskynsels, emoasjes en maatskiplike saken.

De Grykske leafdes-goadinne Afrodite.

Ferskate Grykske godheden wiene nei alle gedachten oerlevere út 'e Proto-Yndo-Jeropeeske religy, mei't beskate goaden en goadinnen út 'e religyen fan Yndo-Jeropeeske folken dy't geografysk sjoen fier by de Griken wei libben, dúdlik fierhinne itselde wiene. Eos, de Grykske goadinne fan 'e moarnsdage, bygelyks, is deselde as de Yndyske Oesjas, de Romeinske Auroara en de Letske Auseklis. Seus, de kening fan 'e goaden yn it Grykske panteön, is deselde as de Romeinske Jupiter, de Germaanske Týr of Ziu en de Yndyske Dyaus Pita. Oare Grykske goaden, lykas de leafdesgoadinne Afrodite, hiene gjin Yndo-Jeropeeske oarsprong, mar wiene troch de Griken oernommen troch buorfolken út Anatoalje.

De ferearing fan Grykske godheden rûn op lokaal nivo útinoar, mar der wiene datoangeande ek in protte Panhelleenske tema's, dy't ta utering kamen yn û.o. hjeldagen en rituelen. De wichtichste goaden fan it Grykske panteön wiene de Tolve Olympyske Goaden, dy't neffens de myten op 'e berch de Olympus wenne hawwe soene: Seus, Heara, Poseidon, Pallas Atene, Apollo, Artemis, Ares, Afrodite, Hermes, Demeter, Dionysus en Hefaistus. Dy godheden joegen letter ynspiraasje ta de gearstalling fan 'e Dii Consentes-groep mank de godheden fan 'e Romeinen. Oare wichtige Grykske goaden wiene Hestia, Hades, Perséfoné, de geiteskonkige hoedersgod Pan en de healgod Hearakles. Dêropta wiene der in protte pleatslike goaden en mindere geasten, lykas nimfen, dryaden, nereïden, satyrs, ensfh.

Seus, de oppergod fan it Grykske panteön op in goudene munt út 'e 4e iuw f.Kr.

De Grykske goaden wiene antropomorf, lykas harren wjergaders yn 'e measte oare Yndo-Jeropeeske tradysjes. Neffens godstsjinstûndersiker Walter Burkert wiene se "persoanen, en gjin abstraksjes, ideeën of konsepten." Se hiene fantastyske fermogens en krêften, en elts hie in unike ekspertize op in beskaat mêd, mei dêropta in dúdlik eigen persoanlikheid dy't nea sûnder in spesifike karakterflater wie. Se wiene fierders net almachtich en koene ûnder beskate omstannichheden ferwûne reitsje of sels stjerre. Om Grykske goaden hinne ûntstiene kulten, en se ynspirearren harren leauwenden ta it bringen fan offers foar geunsten lykas slagge rispingen, sûnens, oerwinnings op it slachfjild of it rêsten yn frede fan in beminde dy't koartby ferstoarn wie.

Romeinsk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It panteön fan it Romeinske heidendom omfieme withoefolle goaden, dy't sawol lânseigen wêze koene, as oernommen út 'e Grykske mytology of in oare boarne, lykas de Etruskyske mytology of de Egyptyske mytology. De bekendste Romeinske godheden, dy't letter yn 'e Renêssânse ek in wichtige rol spylje soene yn 'e Jeropeeske keunst, wiene seis goaden en seis goadinnen dy't antropomorf foarsteld waarden en synkretisearre rekke wiene mei Grykske wjergaders: Jupiter (mei Seus), Neptunus (mei Poseidon), Mars (mei Ares), Merkuerius (mei Hermes), Apollo (mei Apollo), Fulkanus (mei Hefaistus), Juno (mei Heara), Fenus (mei Afrodite), Minerva (mei Pallas Atene), Diana (mei Artemis), Seares (mei Demeter) en Festa (mei Hestia). Oare goaden fan Grykske oarsprong of dy't mei Grykske wjergaders ferraand rekken, wiene Bachus (mei Dionysus), Pluto (mei Hades) en de healgod Herkules (mei Hearakles). Wichtige net-Grykske godheden wiene Janus, Fortuna, Kwirinus en Tellus, dy't in foarm fan 'e Memmegoadinne wie en dêrom wierskynlik it âldst.

De saneamde Kapitolynske Triade fan it Romeinske heidendom, besteande út (f.l.n.rj.) de goadinne Juno, de god Jupiter en de goadinne Minerva.

Krekt as by de âlde Griken joegen de goaden ek by de Romeinen oanlieding ta it hâlden fan hjeldagen, feesten en rituelen en it bringen fan offers. Dêroer hiene de flamines ("preesters") de lieding, mar ek preesteressen, lykas de Festaalske Fammen, stiene by de Romeinen yn heech oansjen om't se yn 'e timpels de hillige fjurren brânende holden foar de goaden. Fjoer as in foarm fan ferearing wêroan't de status fan hilligens takend waard, kaam ek foar by û.o. de Israelityske jahwisten (sjoch: Leviticus 6), de Vedyske hindoes en de âlde Grykske heidens. (De Olympyske flam, fan 'e Olympyske Spullen, is dêr in modern oerbliuwsel fan.) De ferearing fan 'e goaden hie by de Romeinen ek in privee-fariant, dy't binnendoar plakfûn mei it bringen fan lytse offerjeften by in privee-skryn (in lararium).

Keltysk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Trochdat de Kelten ier ta it kristendom bekeard waarden en sels amper skreaune boarnen neilieten, is der folle minder bekend oer it Keltyske heidendom. Guon saakkundigen binne fan betinken dat de Kelten hielendal gjin organisearre panteön hiene, wylst oaren tsjutte op oanwizings dat se de monoteïstyske noasje fan ien inkele godheid huldigen, wêrby't de mannichte fan goaden net mear as in henoteïstyske utering wie fan 'e ferskillende aspekten fan dy iene god. Foar beide bewearings is net in protte bewiis, en it is dan ek wenst om, stypjend op oare Yndo-Jeropeeske polyteïstyske religyen, it Keltyske panteön yn te dielen mei in oppergod oan it haad, dy't bystien waard troch twa oare wichtige goaden dêr't er in saneamde trits of triade mei foarme. Dy trits bestie út Teutases, de oppergod, Esus, de oarlochsgod, en Taranis, de tongergod. Dy trije goaden waarden lykwols lang net sa skerp faninoar ûnderskaat as de trije wichtichste goaden fan bgl. it Germaanske heidendom. Oan Teutases, Esus sawol as Taranis waarden minske-offers brocht, dy't ornaris troch ûnthalzing plakfûnen. Teutases hie fierders in foarkar foar bloedoffers en liket by neier ynsjen ek net sasear in persoansnamme as wol in mear algemiene term te west te hawwen, dy't safolle betsjutte as "stamgod" (ferlykje it Ierske tuath, dat "stamkeninkryk" betsjut).

Lugh, de Ierske god fan 'e sinne, tonger en wiisheid.

Ien fan 'e wichtichste Keltyske goaden dy't net ta de trits hearde, wie de god fan 'e skiene keunsten, dy't ek wol as kriger nei foarren kaam en dy't troch de Ieren Lugh en troch de Welsen Lleu neamd waard. Fan him binne withoefolle byldsjes bewarre bleaun en ek komt syn namme foar yn in grut tal plaknammen, lykas it Frânske Lyon en it Dútske Liegnitz. Yn Ierlân is er fral bekend bleaun as de hege kening fan 'e Tuatha Dé Danann dy't de meunsterlike Fomoaren fersloech. It liket derop dat er oan 'e ein fan 'e pre-kristlike perioade Teutases ferkrong as oppergod of mei dyselde ferraande.

De machtichste froulike godheid wie by de Kelten Ardûinna, de goadinne fan 'e jacht, nei wa't de Ardinnen ferneamd binne. Ek de fan namme ûnbekende ierd- of memmegoadinne wie tige wichtich, fanwegen de út har fuortkommende hillichheid fan 'e ierde sels. Oare wichtige froulike godheden wiene de Grutte Hynstegoadinne, dy't yn Galje Epona neamd waard en yn Ierlân Rhiannon, en Nemetona, de goadinne fan 'e oarloch. De Morrígan ("Spûke-keninginne"), dy't ek wol bekenstie as Bodb ("de Kraai"), wie in Ierske goadinne dy't ferbûn wie mei it lot, en yn 't bysûnder mei it foarsizzen fan ûnheil en dea op it slachfjild. It Keltyske heidendom koe ek in grut tal lokale godheden, wêrfan't teminsten ien, Brigid, in Ierske goadinne fan 'e maityd, dichtkeunst en genêskunde, it brocht hat ta de status fan kristlike hillige: Sint Brigitta fan Kildare, dy't nei Sint Patrick de twadde beskermhillige fan Ierlân is.

De Germaanske god Odin (of Weda) mei de ravens Huginn en Muninn en de wolven Geri en Freki.

Oare goaden hawwe troch ôfbyldings yn uterlik en namme de iuwen oerlibbe, lykas de deadegod Sûsellus en de boskgod Nantos, en benammen ek Sernûnnos, dy't hartehoarnen hie en sadwaande bydroegen hat oan it ûntstean fan 'e tradisjonele kristlike foarstelling fan 'e duvel. Hy behearske de ûnderwrâld, mar waard ek as god fan 'e oerfloed beskôge. Al mei al binne der mear as fjouwertûzen nammen fan Keltyske goaden oerlevere, mar it is wierskynlik dat fierwei it grutste part dêrfan pleatslike farianten of manifestaasjes fan wichtiger goaden wiene, lykas Lugh en Taranis. Ek healgoaden spilen in promininte rol yn it Keltyske panteön. Sa is Cú Chulainn, de grutste held út 'e Ierske mytology, te ferlykjen mei Hearakles yn Grikelân. Hy fersloech bygelyks eigenhannich in hiel leger, mar libbe mar koart om't syn fijannen him deaden mei tsjoenderij. In oare mytyske held út Ierlân wie Fionn mac Cumhail, in kriger mei magyske krêften. De Brittannyske kening Arthur liket mooglik in histoaryske persoan west te hawwen, mar hy wurdt ek wol sjoen as in lette manifestaasje fan in Keltyske fruchtberensgod, Artor de Ploeier.

Germaansk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it heidendom fan 'e Germanen rekken de goaden fan 'e Westgermanen al rillegau beynfloede troch de Romeinske mytology. Tonger of Donar waard lykslein mei Jupiter, Weda mei Merkuerius, Tyr mei Mars en Freya mei Fenus. Om't de Westgermanen al ier yn 'e Midsiuwen kerstene waarden, is oer harren foarm it Germaanske heidendom net sa gek folle bekend. Better oerlevere is it Noardske heidendom fan 'e Noardgermanen. Yn 'e Noardske mytology bestiene twa groepen goaden: de Asen, dy't libben yn Asgard, en de Wanen, dy't taholden yn Wanaheim. It wurd 'Asen' (Æsir yn it Aldnoarsk) soe neffens de taalkundige John Lindow skoan weromgean kinne op it Proto-Yndo-Jeropeeske wurd foar "sike" (yn 'e sin fan it ynheljen fan lucht), mei't de goaden de minsken libben joegen, krekt sa't sykheljen dat docht. De Aldingelske term os, dy't "god" betsjut, en it Fryske wurd "azem", in synonym foar "sike", soene sadwaande fan deselde oarsprong komme.

De Germaanske leafdesgoadinne Freya.

Fan 'e beide groepen goaden wiene de Wanen, dy't bekendstiene om harren seksuele bûtensprongen, ferbûn mei fruchtberens en lânbou, wylst de Asen mear mei oare dingen te krijen hiene. Argeologe en teologe Marija Gimbutas en germanist Karl Helm hawwe in omstriden teory oppenearre dat de Asen eins lette yntroduksjes yn Noard-Jeropa wiene, wylst de Wanen de oarspronklike, lânseigen religy fan dat gebiet fertsjintwurdige hawwe soene. In oanwizing dêrfoar soe de fermelding wêze kinne yn it Völuspá, ien fan 'e gedichten fan 'e Aldiislânske Poëtyske Edda, fan 'e Asysk-Waanske Oarloch. Dy striid tusken de beide goadegeslachten einige neffens de Ynglinga Saga ûnbeslist en mei de útwikseling fan gizelders: De Waanske seegod Njord of Njörðr fêstige him mei syn bern Frey (Freyr) en Freya (Freyja) mank de Asen, wylst de Asen Mímir en Hœnir harren by de Wanen joegen. Neitiid wurken de beide groepen gear en ûntdieken se earder ûnfermoede ûnderlinge ferskillen, lykas de walging dy't de Asen hiene fan houliken tusken broer en suster, wylst dy mank de Wanen hiel gewoan wiene.

De Germaanske goaden wiene organisearre yn in los panteön, mei in oppergod, Weda of Odin (Óðinn), dy't mear in earste ûnder syn gelikensen wie as in kening fan 'e goaden, lykas Seus. Der binne oanwizings dat Weda sels dy swakke liedersposysje pas let yn 'e ûntwikkeling fan it Germaanske heidendom berikte. Hy wie troud mei de machtige goadinne Frigga (ek Frigg of Friia), beried in achtskonkich hynder dat Sleipnir hiet en waard beselskippe fan twa roppige wolven, Geri en Freki, en twa alwittende ravens, Huginn en Muninn. Weda wie de god fan oarloch, eallju, poëzij en tsjoenderij (seiðr), en hy easke minske-offers dy't ophongen wurde moasten oan beammen, nei gedachten ta oantinken oan 'e njoggen nachten dy't er sels troch in lâns ferwûne oan 'e wrâldbeam Yggdrasill hongen hie as in offer oan himsels, mei as doel oan 'e magyske wiisheid fan it runeskrift en de kostbere jefte fan 'e dichtkeunst te bemachtigjen. Dêr hied er ek ien fan syn eagen foar opoffere. By de Westgermanen stie Weda benammen bekend as stoarmgod, dy't nachts op syn hynder oan it haad fan 'e Wylde Jacht oer de wrâld raasde. Syn tsjinstfammen, de walkueren, keazen op it slachfjild de helte fan 'e sneuvele krigers út om nei it Walhalla te bringen, it paleis fan Weda yn it hjirneimels, dêr't se feestfierden en oefenen foar de einstriid fan Ragnarök.

De Noardske tongergod Thor befjochtet de jötnar ("reuzen").

In oare wichtige Ase wie Tonger, Donar of Thor (Þór), de god fan tonger en wjerljocht en in soan fan Weda. Hy wurdt yn 'e myten ôfskildere as de god fan 'e gewoane man, dy't mei mar ek sûnder syn magyske hammer Mjöllnir sterke staaltsjes úthelle yn 'e striid en op oare mêden. Oare wichtige Germaanske goaden wiene de ienhannige Tyr (ek Tiuw, Ziu of Týr), dy't in skoftlang as Saksnot de wichtichste god fan 'e Saksen wie, Balder (Baldr), de treflike soan fan Weda, en Frey (Freyr), de Waanske god fan 'e sinne en de lânbou. De Griene Man, dy't yn 'e mytology fan 'e Kelten fan 'e Britske Eilannen foarkaam, wie wierskynlik basearre op Frey, en dyselde waard letter ek mank de Samen fan noardlik Skandinaavje fereare. De wichtichste Germaanske goadinne wie Frigga, Frigg of Friia, de oarehelte fan Weda, dy't sizzenskip hie oer it houlik en de memmesteat. Hja moat net betize wurde mei Freya (Freyja), de twillingsuster fan Frey, dy't de goadinne fan 'e leafde en de fruchtberens wie. Sy learde de Asen tsjoenderij, mar se wie wierskynlik ek ferantwurdlik foar de besmetting fan Asgard mei de habsucht dêr't de goaden harsels neitiid nea wer fan ûntdwaan koene. In spesjaal plak nimt yn 'e Noardske mytology de god Loki yn, in trickster dy't yn 'e myten noris goedaardich en dan wer kweadaardich foarsteld wurdt. Hy wie in stalferwikseler dy't ferskate ferwoastgjende meunsters te wrâld brocht: de wolf Fenrir, de slange Miðard en Hel, de keninginne fan 'e ûnderwrâld.

Slavysk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krekt as by de Kelten en de Westgermanen is ynformaasje oer it heidendom fan 'e Slaven net yn oerfloed oerlevere. De Kronyk fan Kiëv, dy't datearret fan omtrint 988, neamt foar wat de Eastslavyske folken oanbelanget, sân goaden: Perûn, Volos, Chors, Dazjbog, Stribog, Simargl en Mokosj. Neffens argeologe en godstsjinstûndersykster Marija Gimbutas wiene Chors, Dazjbog en Stribog aspekten fan ien en deselde sinnegod, Bjelobog. By de Westslavyske folken stie deselde goaden bekend as Iarowit, Porowit en Swantowit. Bjelobog ("Wite God"), de god fan it goede en it oanwaaksende jier (maityd en simmer), stie yn in dualistyske ferhâlding oer foar Tsjernobog ("Swarte God"), de god fan it kwea en it ôfnimmende jier (hjerst en winter).

In moderne foarstelling fan 'e wrakseling fan 'e Slavyske goaden Bjelobog en Tsjernobog.

De oarspronklike oppergod fan it Slavyske panteön wie nei alle gedachten de skepper-god Rod, in soarte fan Himelgod dy't letter op 'e eftergrûn rekke en oer wa't net folle bekend is. Syn plak as lieder fan it panteön waard ynnommen troch de tongergod Perûn, dy't krekt as de Germaanske tongergod Tonger of Thor ferbûn wie mei de ikebeam. Nei de kerstening fan 'e Eastslaven gie de mytology fan Perûn yn Ruslân oer op 'e bibelske profeet Elía, dy't de bynamme Gromovnik ("de Tongerjende") taparte krige. In oare wichtige god wie Volos (Eastslavysk) of Weles (Westslavysk), de mei in gewei ôfbylde god fan 'e wylde bisten, de dea en de ûnderwrâld. Yn it pre-kristlike Kiëv stie it stânbyld fan Volos op it merkplein ynstee fan op 'e heuvel by it paleis fan 'e grutfoarst, dêr't de oare godsbylden stiene. Nei't it skynt kaam dat om't Volos en Perûn aartsfijannen wiene dy't inoars selskip net ferdrage koene.

Baltysk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Baltyske heidendom, de oarspronklike godstsjinst fan 'e Baltyske folken, waard it wichtichste plak yn it panteön oarspronklik ynnommen troch in Himelgod, dy't troch de Litouwers Dievas, troch de Letten Dievs en troch de Prusen Deiws neamd waard. Dy trije nammefoarmen geane allegear op deselde Proto-Yndo-Jeropeeske woartel werom as it Latynske deus, en betsjutten winliken gewoan "god". Yn Letlân stie dy ynaktive Himelgod ek wol bekend as Debestēvs, "de Himelheit". It is net bekend wannear't er krekt op 'e eftergrûn rekke is, mar yn elts gefal wied er yn 'e Midsiuwen net mear de wichtichste Baltyske godheid. Dy posysje naam doe ntl. de tongergod yn, dy't by de Litouwers Perkūnas, by de Letten Pērkons en by de Prusen Percunis hiet. Krekt as de Slavyske Perûn en de Germaanske Thor waard dy assosjearre mei de ikebeam, in beam dy't foar de âlde Balten hillich wie. Foar Perkūnas waard yn hillige wâlden in ivich baarnend fjoer ûnderholden.

De Slavyske tongergod Perûn ferslacht Volos, de god fan 'e dea.

In oare wichtige godheid wie de sinnegoadinne, dy't troch de Litouwers Saulė en troch de Letten en Prusen Saule neamd waard. Sy waard ornaris foarsteld as in jongfaam mei lang, gouden hier, mar ek wol as in mem of in boerinne. Neffens ferskate Letske folksferskes ried se eltse dei wer mei in troch hynders lutsen wein oer de himelberch. Har tsjinpoal en mooglik, al is dat net alhiel dúdlik, har oarehelte wie de moannegod, dy't by de Litouwers Mėnulis, by de Letten Mēness en by de Prusen Menins hiet. De wente fan 'e sinnegoadinne waard foarsteld as in pleats yn 'e himel, mei fee, bou en alle byhearrende ark en reau. It wurk waard dêr dien troch har dochters, dêr't trouwens nearne fan sein wurdt dat se ek de dochters fan 'e moannegod wienen. De frijers fan dy sinnedochters wienen de soannen fan Dievas.

In oare froulike godheid wie de Laima, de goadinne fan it lot, dy't by alle Baltyske folken in tige foaroansteand plak ynnaam en ek mei de fruchtberens- en deadekulten ferbûn wie. Fierders waard se sjoen as bringster fan lok en as hoedster fan 'e Baltyske noarmen en wearden. Yn har fruchtberensaspekt leaude men dat se de ikkers seinge en it fee beskerme, yn 't bysûnder de kij. Yn 'e Midsiuwen raande Laima foar in part gear mei de kristlike Faam Marije. Oare Baltyske goaden dy't in wichtige rol spile like te hawwen, wiene de ierd- en memmegoadinne, dy't yn it Litousk Žemyna en yn it Letsk Zemes māte hiet, en de wâldgoadinne, dy't troch de Litouwers Medeinė en troch de Letten Meža māte neamd waard. Fral by de Letten wie de memmekultus tige sterk ûntwikkele; sa binne der by harren mear as hûndert memmegoadinnen mei namme oerlevere, allegear mei nammen dy't op māte ("mem") einigen. Der wiene memmegoadinnen fan 'e fjilden, de wegen, it fee, ensfh., en ek saneamde boaze memmen, lykas dy fan 'e oarloch, it fjoer, de pest, ensfh.

In modern stânbyld fan Æfsati, de Ossetyske god fan 'e wylde bisten en de jacht, yn 'e Kaukasus yn Noard-Osseesje.

Armeensk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste god fan it panteön fan it Armeenske heidendom wie Hajk, de mytyske stifter fan 'e Armeenske naasje. Oare wichtige goaden wiene Aray, de god fan 'e oarloch; Barsamin, de god fan loft en waar; Aralez, de god fan 'e ûnderwrâld; Anahit, de goadinne fan fruchtberens en oarloch; Mihr, de sinnegod; Astghik, de goadninne fan leafde en skientme; Nûneh, de goadinne fan 'e wiisheid, Tir, de god fan 'e skiene keunsten en fan ynspiraasje; Tsovinar, de goadinne fan 'e oerflaktewetters; Spandaramet, de god fan 'e dea; en Gissaneh, de Memmegoadinne.

Ossetysk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Ossetyske heidendom, fan 'e Osseten, in Iraansktalich folk út 'e Kaukasus, hat in tige sterke ynfloed fan it kristendom ûndergien, mei as gefolch dat in protte Ossetyske goaden synkretisearre rekke binne mei kristlike hilligen. De oppergod fan it Ossetyske panteön is Chwytsau, dy't wol identifisearre wurdt mei de kristlike of islamityske God. Watsilla, de god fan stoarmen en rispingen, wurdt wol lykslein mei de profeet Elía; Wastyrdzji, de beskermgod fan manlju en reizgers, wurdt lykslein mei de hillige Joaris; en Donbettir (fan it Ossetyske don, "wetter", en bettir, "Petrus"), de god fan alle oerflaktewetters, wurdt lykslein mei de apostel Petrus. Oare wichtige Ossetyske goaden binne: Safa, de god fan it hurdkeatling, Æfsati, de god fan 'e wylde bisten en de jacht, en Satana, de Memmegoadinne.

In byld fan 'e hindoeïstyske god Wisjnû yn Kalkutta.

Yndyske religyen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it hindoeïsme ferskilt it godsbyld sterk, ôfhinklik fan 'e religieuze streaming, kaste, maatskiplike klasse (oplieding), regio en etnyske groep fan 'e leauwenden. It hindoeïsme is in godstsjinst sûnder dogmatyk, wat it mooglik makket dat polyteïstyske, monolatryske, henoteïstyske, panteïstyske, panenteïstyske, monoteïstyske en monistyske opfettings njonkeninoar besteane. It hindoeïstyske panteön is wierskynlik it grutste fan 'e wrâld, mei 333 miljoen ferskillende godheden, demoanen en ynkarnaasjes en manifestaasjes fan goaden en goadinnen. Dêrby wurde de goaden net as almachtich beskôge, mar as yn prinsipe bûn oan deselde natoerwetten en kosmyske oarder mei syn reynkarnaasjesykly en karma-lear as de minsken.

Yn 'e Vedyske tiid stiene hiel oare goaden boppe-oan yn it hindoeïstyske panteön as tsjintwurdich. It heechst yn rang wie Prajāpati, hoewol't syn status de titel fan oppergod wierskynlik net fertsjinne. Hy berikte syn rang trochdat er himsels offere, sadat de kosmos ûntstean koe. Wichtiger foar de earetsjinst en it deistich libben fan 'e minsken wiene godheden dy't in grutte rol spilen yn 'e vedyske teksten. De machtichste dêrfan wie sûnder mis de oarlochs- en tongergod Indra, dy't wierskynlik deselde oarsprong hat as Seus, Thor en Perûn. Varuṇa wie de god fan wetter en rjochtfeardichheid en de hoeder fan 'e kosmyske oarder. Yn dy lêste funksje wied er ornaris ferbûn mei Mitra, de sinnegod. De vedyske hindoes leauden nammentlik dat dy beide goaden tegearre oer de kosmyske oarder regearren, û.m troch sykte of genêzing, drûchte of rein te stjoeren. Oare wichtige vedyske goaden wiene Agni, de god fan it fjoer, en Jama, de god fan 'e dea.

Ganesja, de hindoeïstyske god fan wiisheid en wittenskip.

Tsjintwurdich draait de deistige earetsjinst fan frijwol alle hindoes om ien of mear fan 'e goaden Sjiva, Wisjnû, Sjakti, Doerga, Ganesja of Soerja, of om ien fan harren ynkarnaasjes of manifestaasjes, lykas Krisjna, Rama, Parvati en Kali. Yn teory binne dêrby de wichtichste goaden fan it hindoeïsme de leden fan 'e saneamde Trimūrti, de "Trijefoarm", te witten: Brachma, de Skepper, Wisjnû, de Rêder, en Sjiva, de Wreker. Mar yn 'e praktyk nimt Brachma of Brachman in folle minder wichtich plak yn en binne de echte haadgoaden fan it hindoeïsme Wisjnû en Sjiva; alle oare godheden steane dúdlik op in leger nivo. De goaden fan 'e Trimūrti wurde lykwols ek wol sjoen as de trije gesichten fan ien en deselde monoteïstyske God, dêr't alle oare godheden yn dy sjenswize manifestaasjes of ûnderdienen fan wêze soene.

De fjouwerhadige Brachma (Brahmā) is de personifikaasje fan it brachman, it iene monistyske oerprinsipe, dêr't yn it hindoeïstyske tinken de hiele kosmos út fuortkommen is. Hy belichemet dêrby de skeppende krêften fan 'e kosmos en is fierhinne synkretisearre rekke mei de vedyske oppergod Prajāpati. Om't er syn oarsprong fynt yn in neutraal en apersonalistysk prinsipe en fuortkomt út filosofyske beriddenearring en net út in natuerlike leauwensûntwikkeling is Brachma nea net in botte populêre god wurden en hat er in posysje dy't sterk tinken docht oan dy fan 'e Himelgod. Lykwols wurdt er sjoen as de belicheming fan 'e út himsels fuortkommende ivige oergrûn, de lêst oanwiisbere oarsaak fan alles dat bestiet, dat alles is en dat ýn alles is, en dat dêrom hoe dan ek fereare wurdt, likefolle wat of Wa't of hoe't men ferearet.

In reuseftich stânbyld fan 'e hindoeïstyske god Sjiva yn Bangalore.

Wisjnû (Viṣṇu) dy't de behâldende krêften fan 'e kosmos en dêrmei it goede belichemet, wurdt foarsteld as in freonlike, goedgeunstige, genedige god, dy't it bêste mei de minsken foar hat. Hy komt benammentlik fuort út ien fan 'e manifestaasjes fan Varuṇa út 'e Ṛgveda, dy't sizzenskip hie oer de baan fan 'e sinne troch de loft en oarspronklik fan leger belang wie. Fierders binne der ferskate oare goaden en legindaryske figueren mei him ferraand, lykas de Nepaleeske Nārāyana, guon eigenskippen fan Indra, en mooglik in pre-vedyske sinnegod. Boppedat wurdt Wisjnû fierders noch identifisearre mei ferskate ek apart besteande legere godheden en mei tsien ynkarnaasjes. Hy wurdt foarsteld as in jongeman mei in blauwe of swarte hûdskleur en fjouwer earms, sittend yn in loatushâlding. Yn syn ynkarnaasjes of avataren (letterlik "delkomsten") rêdt er kear op kear de wrâld as dy driget te fergean troch in fersteuring fan 'e kosmyske oarder troch itsij de machten fan it kwea, itsij it morele ferfal fan 'e minsken sels. Sokke avataren binne, teologysk sjoen, in yngenieuze manear om in fier fan 'e minsken ôfsteande Himelgod foar te stellen as in yn 'e minskewrâld besteande folksgod.

De tsien avataren fan Wisjnû binne efterinoar: Matsya, de fisk; Kūrma, de skylpodde; Vāraha, it everswyn; Nārasiṃha, de man-liuw; Vāmana, de dwerch; Paraśurāma, "Rama-mei-de-Bile"; Rama (Rāma); Krisjna (Kṛṣṇa); de Boeda; en Kalki, dy't foarsteld wurdt as in ruter op in wyt hynder. Dy lêste ynkarnaasje hat noch net west en wurdt pas oan 'e Ein fan 'e Tiden ferwachte, as in soarte fan messias. De soömorfe (bistfoarmige) ynkarnaasjes tsjutte derop dat Wisjnû ek gearraand is mei in foarm fan toatemistysk leauwe, dy't ôfkomstich wêze kin út it pre-vedyske hindoeïsme, mar ek út ien of mear natoerreligyen fan it Yndyske subkontinint dy't letter yn it hindoeïsme opnommen binne. De measten fan 'e avataren fan Wisjnû binne mytyske figueren, mar de achtste en de njoggende, Krisjna en de Boeda, en wierskynlik ek de sânde, Rama, wiene histoaryske persoanen dy't letter fergoade binne.

De hindoeïstyske goadinne Sjakti.

De oarehelte fan Wisjnû, de fjouwerearmige goadinne Laksjmi (Lakṣmī), is frijwol altyd oan syn side te finen, en yn 'e foarm fan har eigen ynkarnaasjes oan 'e side fan syn avataren. Sa wie se as Sita (Sītā) de oarehelte fan Rama en as Rada (Rādhā) de oarehelte fan Krisjna. Yn har ferearing los fan Wisjnû wurdt Laksjmi ornaris Lokamātā, "de Wrâldmem", neamd.

De lêste god fan 'e Trimūrti is Sjiva (Śiva), dy't de ferwoastgjende (oftewol re-absorbearjende) krêften fan 'e kosmos belichemet. Hy hat in útsprutsen grimmitige kant en kin mei rjocht en reden de god fan 'e tsjinstellings neamd wurde. Yn 'e oan him wijde Śivapurāna hat er tûzen-en-acht nammen en hast likefolle ûnderskate manifestaasjes. Sjiva is de god fan 'e ferneatiging, mar om't neffens de reynkarnaasjelear de ein drekt ek wer in nij begjin betsjut, wurdt er ek sjoen as de god fan 'e skepping, weropstanning of werberte. Hoewol't er hjoed de dei ek wol bekend stiet as Mahādeva ("Grutte God"), ûntstied er út 'e obskuere vedyske stoarm- en wyldernisgod Rudra, it helpke fan Indra, dy't mei pylken sykten stjoerde en wer ferdreau. Ek is er ferraand mei de fan namme ûnbekende Noardyndyske pre-vedyske god fan 'e fuortplanting, dy't dêrom tsjintwurdich proto-Sjiva neamd wurdt. Syn symboal is sadwaande de linga of lingam ("penis"), dy't yn it hindoeïsme ornaris tige stilearre ôfbylde wurdt as in koarte, sylindryske pylder. De trije-eagige Sjiva wurdt sawol yn manlike, froulike, as twaslachtige foarm ôfbylde, wêrby't de twaslachtige Sjiva, dy't Ardhanārīshvara (de "Androgyne Hear") neamd wurdt, opmakke is út in manlike en in froulike lichemshelte.

Sarasvati, de hindoeïstyske goadinne fan wierheid, kennis wolsprekkendheid en wiisheid.

In oare wichtige hindoeïstyske god is de tige populêre Ganesja (Ganeśa), de god fan wiisheid en wittenskip, dy't oarspronklik selsstannich bestie, mar letter as in soan fan Sjiva yn dy syn fermidden opnommen is. Syn oarsprong fynt de mei in oaljefanteholle ôfbylde Ganesja wierskynlik yn in stamtoatem fan ien fan 'e heechlânfolken fan noardlik Yndia. Syn wichtichste attribút is syn troch himsels ôfbrutsen lofterslachtosk, dy't er brûkt om mei te skriuwen.

Ien fan 'e meast foaroansteande goadinnen yn it moderne hindoeïsme is Doerga (Durgā), de oarehelte fan Sjiva, dy't ôfbylde wurdt mei in grut tal earms en dy't yn withoefolle ûnderskate manifestaasjes foarkomt. Nei alle gedachten giet se werom op in pre-vedyske fruchtberensgoadinne, mooglik de foarm fan 'e Memmegoadinne dy't fereare waard troch de Yndusbeskaving. Ien fan 'e wichtichste manifestaasjes fan Doerga is Parvati (Pārvatī), dy't troude mei Sjiva en mem waard fan û.o. Ganesja. Folle bekender en ek wichtiger is lykwols Doerga har skriklike manifestaasje as de gewelddiedige Kali (Kālī), "de Swarte", de goadinne fan 'e wraak en de tiid, dy't assosjearre wurdt mei eangst en terreur. Sy is de belicheming fan 'e grime fan Doerga, mar wurdt soms ek wol as in manifestaasje fan Sjiva sjoen. Kali wurdt foarsteld mei in swarte hûd, de útstutsen tonge drippend fan it bloed, omjûn troch slangen en mei in halskeatling fan minsklike skedels en in gurle fan ôfskuorde earms om. Doerga (of ien fan har manifestaasjes) is fierders ek de belicheming fan 'e wichtichtste goadinne fan it hindoeïsme. Dy goadinne hat gjin eigen namme, mar stiet bekend as Devī ("de Goadinne") of Mahādevi ("Grutte Goadinne"), of wurdt nei de godlike froulike skeppingskrêft Sjakti (Śakti) neamd.

In Taisk byld fan 'e Boeda, de fergoade stifter fan it boedisme.

Oare wichtige hindoegoaden binne Soerja (Sūrya), de sinnegod, Sarasvati (Sarasvatī), de goadinne fan kennis, wierheid, wolsprekkendheid en wittenskip; Kama (Kāma), de god fan 'e leafde (nei wa't de Kamasûtra neamd is), en de apegod Hanûman (Hanumān).

Boedisten leauwe net yn in skepper-god. Feitliks is it leauwen yn goaden yn it boedisme hielendal net nedich, om't it folslein los stiet fan 'e ferlossing fan 'e siel fan 'e syklus fan reynkarnaasje (saṃsāra), en yn dy sin is it boedisme in non-teïstyske religy. Mar boedistyske learmasters en filosofen beskôgje it leauwen yn goaden as in needsaaklik en ûnskealik stadium yn 'e geastlike ûntjouwing fan 'e minske. Yn it deistich libben fan 'e measte gewoane leauwenden is it lykwols fan krúsjaal belang, om't it bestean fan goaden in rol spilet yn 'e kosmology fan it boedisme. Boppedat is de Boeda sels fergoade rekke.

In boedistyske godheid yn in timpel yn Súd-Koreä.

Goaden libje neffens de boedistyske lear yn in oangenaam himelsk ryk dat ferparte is yn seisentweintich dielen. Der binne in hiel soad fan sokke goaden, mar se binne stjerlik en steane bleat oan deselde syklus fan dea en werberte as alle oare organismen. As in minske in etysk libben liedt en in protte goed karma sammelet, soed er werberne wurde kinne as god yn dat himelske ryk. Dêr hoecht er net te wurkjen en kin er genietsje fan alle goede dingen dy't ek op 'e Ierde te finen binne.

It genot fan it it libben as in god yn it himelske ryk liedt ta hechting (upādāna) oan wrâldske dingen en in gebrek oan spirituele aktiviteiten, wat resultearret yn it net-berikken it nirvana (nirvāṇa), oftewol de ferlossing fan 'e reynkarnaasjesyklus, dy't yn teory it doel is fan alle boedisten. Yn 2005 stelde godstsjinstûndersiker Kevin Trainor lykwols yn syn boek Buddhism: The Illustrated Guide dat de grutte mearderheid fan 'e religieuze leken yn lannen dy't de teravada-foarm fan it boedisme oanhingje (Sry Lanka, Birma, Tailân, Kambodja en Laos) histoarysk motivearre wiene om har oan 'e gedrachsregels fan harren religy te hâlden om't se as god werberne wurde woene yn it himelske ryk.

Padmavati, in jaïnistyske beskermgoadinne.

It jaïnisme, dat krekt as it boedisme in religy is dy't út it hindoeïsme fuortkomt, befettet likemin as it boedisme in leauwe yn in skepper-god of yn in almachtige God dy't bûten it universum stiet en der dochs oer hearsket, sa't dy yn 'e monoteïstyske religyen foarkomt. De jaïnistyske kosmology omfettet lykwols fjouwer nivo's fan bestean (gati), wêrfan't ien bewenne wurdt troch goaden. Krekt as yn it boedisme kin men, troch in etysk libben te lieden en sa in soad karma te fergearjen, genôch fertsjinste opbouwe om yn 'e syklus fan reynkarnaasje werberne te wurden as in god. Yn 'e jaïnistyske tradysje binne goaden stjerlike wêzens mei in minsklik stal, sintugen, selsbewustwêzen, yntelliginsje en begrutsjen.

Yn it jaïnisme wurdt fierders oan 'e minsklike siel (atman) in god-eftige kwaliteit tametten. It fergrutsjen fan 'e kennis en de befrijing fan 'e siel fan 'e bannen dy't oplein wurde troch de reynkarnaasjesyklus moat sadwaande it ultime doel wêze foar fromme jaïna's. Dyselden leauwe ek dat de spirituele nommelens fan folsleinmakke sielen (jina) en fan goaden (deva) harren ta wêzens makket dy't it wurdich binne om fereare te wurden. Der wurde sokke wêzens krêften tatocht as beskermgeasten en gidsen nei better karma. Dêrom wurde yn jaïnistyske timpels sawol jina as deva fereare.

In byld fan Krisjna yn in hindoetimpel yn Singapoer.

Oeralysk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Samysk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Samen fan noardlik Skandinaavje leauwe yn 'e goaden fan 'e sinne, de moanne en fan ferskate eleminten fan 'e natoer. De seizoenewiksel, de waarsomstannichheden, de sûnens fan minske en bist, alles wurdt bepaald troch goaden en legere geasten. Dêrom offerje de Samen op seremoniële wize oan alle goaden en geasten op fêste tiden fan it jier en mei in grut tal ferskillende doelen.

Finsk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Finske heidendom wie Ukko ("Aldman") de wichtichste god fan it panteön. Hy wie de god fan 'e loft, it waar en de rispinge, waans namme ferbûn is mei it Finske wurd foar tonger (ukkonen) en swierwaar (ukonilma, "Ukko's waar"). Yn it Kalevala, it nasjonale epos fan Finlân, wurdt er ek oantsjut as ylijumala, "oppergod". Ukko kaam nei alle gedachten fuort út in ferraning fan 'e Baltyske Pērkons en beskate aspekten fan 'e âldere Finske Himelgod Ilmarinen. Dy lêste waard neitiid yn rang weromset en wurdt yn it Kalevala neamd as god fan 'e stien en as smid fan 'e goaden. Krekt as Thor hie Ukko in hammer (of yn guon ferzjes fan 'e myten in bile of swurd), wêrmei't er wjerljocht sloech. Hy wie troud mei de goadinne Akka ("Aldwiif"), en as hja seksuele omgong hiene, wie der swierwaar.

In buste fan 'e Grykske goadinne fan 'e wiisheid Pallas Atene.

Oare wichtige Finske goaden wiene Ahti, de god fan 'e djipten en de skinker fan fisk; Äkräs, de god fan 'e fruchtberens en de lânbou; Kuu, de moannegod; Mielikki, de goadinne fan it wâld; Nyyrikki, de god fan 'e jacht; Pekko, de god fan 'e koarn en it bierbrouwen; Tuoni, de god fan 'e dea; dy syn bline dochter Loviatar, de mem fan 'e Njoggen Sykten; en Iku-Turso, in kweadaardich seemeunster.

Hongaarsk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Hongaarske heidendom libben de goaden yn Felső világ, de "Boppewrâld" (of himel), dy't ûnderskaat waard fan Középső világ, de "Middenwrâld" (oftewol de minskewrâld), en Alsó világ, de "Underwrâld". Alle goaden hiene by de âlde Hongaren deselde rang, mar Isten, waans namme ienfâldichwei "God" betsjut, wie it meast prominint. Yn 'e mande mei Ördög, de god fan it kwea, skoep er de trije wrâlden. Oare wichtige Hongaarske goaden wiene Istananya (de Memmegoadinne), Hadúr, de god fan 'e oarloch, Napkirály, de sinnegod, Szélkirály, de god fan wyn en rein, en Boldogasszony, de Keninginne fan Oerfloed en goadinne fan 'e memmesteat, dy't nei de kerstening fan 'e Hongaren lykslein waard mei de Faam Marije.

De Akkadyske Memmegoadinne Isjtar.

Altaysk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mongoalsk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Mongoalske heidendom wie Bai-Ülgen of Esege Malan de god dy't de wrâld skepen hie. Ot wie de goadinne fan it houlik, en Tung-ak wie de beskermgod fan haadlju en stamhaden.

Turksk heidendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste god fan 'e Turkske folken wie Tengri (Tanrı of Kök Tanrı) de god fan 'e loft, hoewol't syn soan Kayra de eigentlike skepper fan it hielal wie. Tengri wurdt ek tsjintwurdich noch fereare yn in tûke fan it sjamanisme út Sibearje en Sintraal-Aazje dy't it tengrisme neamd wurdt. Oare wichtige Turkske goaden wiene Ak Ana, in oergoadinne fan 'e skepping; Mergen, de god fan 'e wiisheid; Kuyaş, de sinnegod; Kübey, de goadinne fan 'e berte en de memmesteat; Ulmay, de goadinne fan 'e fuchtberens; en Erlik, de god fan 'e dea en de ûnderwrâld, dy't fan deselde oarsprong kaam as de Hongaarske god Ördög.

In godheid út it Sineeske universalisme dy't oernommen is yn it Sineeske boedisme.

Eastaziatyske religyen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sineesk universalisme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is eins net te sizzen oft it Sineesk universalisme no in foarm fan polyteïsme of panteïsme mei in Himelgod oan it haad is, of oft it in mear nei it rasjonalisme oerhingjende natoerwet is, dy't útgiet fan in skeppend, mar apersonalistysk oerbegjinsel. De hiele kosmos wurdt winliken as ien grut libben organisme beskôge, en de goaden moatte alle ûnderlinge kosmyske ferbannen dêryn hanthavenje. Dy goaden wurde faak ek net as persoanen, lykas yn Jeropa en it Midden-Easten, mar as ideeën foarsteld, sadat der in panteön ûntstiet dat tige ôfwykt fan wat yn 'e Aldheid yn it Westen wenst wie.

De wichtichste godheid fan it Sineeske panteön liket sadwaande hielendal net op 'e oppergoaden út 'e polyteïstyske Mediterrane en Jeropeeske godstsjinsten, en likemin op dy út 'e natoerreligyen. Der binne ferskate oantsjuttings foar dizze godheid, mar de bekendste en faaks ek wol de âldste is Shangti, dat "Oerste Hearsker" betsjut. Hy wurdt assosjearre mei de Poalstjer en beskôge as de skepper fan it hielal, dy't it bewâld oer de kosmyske oarder fiert. Hoewol't er omskreaun wurdt as in wied er in minske, liket er frijwol gjin minsklike eigenskippen te hawwen en wurdt er net fereare as in personifiëarre god, mar earder oanfurde as in wetmjittich oerprinsipe. Yn in protte teksten wurdt dizze frjemde oppergod ek wol Tian of T'ien neamd, dat "Himel" betsjut. Yn dizze foarm wurdt er beskôge as bringer fan sawol beleannings, lykas lok en oerfloedige rispingen, as fan bestraffings, lykas ûngelok en ferwoastgjende natoerrampen. Pas ûnder ynfloed fan it konfusianisme waard T'ien ek as in soarte fan himelske heit beskôge, dy't syn minskebern ûnderrjochtsje wol. In trêde beneaming foar de oergod is Tao, "de Wei", oarspronklik yn 'e betsjutting fan 'e baan fan 'e stjerren by de himel lâns. Tao wurdt almeast omskreaun as de mei magyske krêften bejeftige oerstof, dêr't hiel it universum út fuortkommen is. Dit begryp is letter oernommen troch it konfusianisme en it dernei ferneamde taoïsme, dêr't it noch altyd in tige wichtige rol yn spilet.

Dionysus, de Grykske god fan 'e wyn, dronkenskip en rituele sljochtsinnigens.

Njonken dizze en oare hast ûnberikbere himelgoaden dy't ûnpersoanlike wetmjittichheden belichemje, besteane der yn it Sineeske universalisme ek in tige grut tal fergoade mytyske en histoaryske persoanen, ornaris folkshelden, dy't yn it deistich libben fan 'e minsken in folle gruttere betsjutting hawwe. Foarbylden dêrfan binne û.o. beskate keizers, en Laozi, Konfusius en de Boeda (de stifters fan it taoïsme, resp. it konfusianisme en it boedisme), en sels ek de kommunistyske lieder Mao Zedong, de 'Grutte Roerman', al waard dy syn ferearing yn 2001 sels yn syn berteplak Shaoshan ferbean. De wichtichste goaden út dizze kategory binne lykwols sûnder mis de trije soevereinen en fiif "ferhefte keizers", allegearre mytyske figueren, dy't neffens de leginde om 3000 f.Kr. hinne ferantwurdlik west hawwe soene foar de skepping fan it Sineeske folk en harren kultuer en steat. De earste soeverein, Fuxi, dy't krekt as syn suster, de goadinne Nügua, mei it ûnderliif fan in draak foarsteld wurdt, joech de Sinezen de jeften fan 'e jacht, de fiskerij en de feehâlderij, wylst Nügua de earste Sinezen út klaai makke en it ynstitút fan it houlik ynstelde. In oare soeverein, Shennong, dy't foarsteld wurdt mei in oksekop, brocht de Sinezen de lânbou en de medisinale kennis fan krûden en oare planten. Troch Huangdi, de earste "ferhefte keizer", learden de Sinezen de kalinder, pottebakkerij en skipsbou kennen. En de lêste "ferhefte keizer", Shun, skonk de Sinezen de skriuwkwast.

Zaochun wie de saneamde kokengod. Foarhinne (en yn tradisjonele Sineeske húshâldings noch wol) hong men syn ôfbylding op yn 'e koken, boppe it stel dêr't men iten sea, sadat er eltsenien yn 'e rekken hâlde koe. Op nijjiersdei waard de ôfbylding ferbaarnd om Zaochun nei de himel te stjoeren, sadat er ferslach útbringe koe oan 'e oppergod. Dêrnei waard der dan in nije ôfbylding fan him ophongen foar it nije jier. It wie lykwols tradysje om krekt foar nijjier Zaochun syn mûle mei hunich te besmaren, sadat syn tonge kleverich wurde en hy neat tsjin 'e oppergod sizze kinne soe.

Fenus, de Romeinske goadinne fan 'e leafde.

Oare wichtige Sineeske godheden binne Fuxing, de god fan it lok, Luxing, de god fan 'e foarspoed, en Shouxing, de god fan 'e âlderdom. Dy trije wurde meastal mei-inoar ôfbylde, mei in protte bern om harren hinne as teken fan lok en foarspoed. De populêrste fan 'e trije is Shouxing, dy't assosjearre wurdt mei it suden, de geunstichste rjochting yn 'e Sineeske kosmology. Ek de oarlochsgod Guandi spilet noch altiten in wichtige rol. Hy is werom te fieren op 'e trêde-iuwske generaal en oarlochsheld Guan Yu. Behalven god fan 'e oarloch is er ek god fan 'e rjochtfeardichheid en oant 'e kommunistyske machtsoername fan 1949 waarden timpels dy't oan him wijd wiene, brûkt as rjochtbanken. Ien fan 'e wichtichste froulike godheden is de wetterdragende fruchtberensgoadinne Guanyin, dy't ûntstien is út in boedistyske hillige. Sy is ek de beskermster fan bern, en trochdat se faak ôfbylde wurdt mei in bern op 'e earm, is se yn it ferline wol gauris lyksteld mei de kristlike Faam Marije.

Eartiids hie fierders ek eltse himsels respektearjende delsetting in saneamde stedsgod. Meastal wie dat in fergoading fan in histoarysk persoan dy't in wichtige rol spile hie by de stifting fan 'e stêd of it doarp. Syn timpel tsjinne foar sawol religieuze gearkomsten as algemiene eveneminten, lykas merken.

It konfusianisme, dat eins mear wei hat fan in filosofy as fan in religy yn 'e gebrûklike sin fan it wurd, draait om it besykjen om te kommen ta ienheid tusken it yndividu en de Himelgod Tian of T'ien. Oars omskreaun giet it om 'e relaasje tusken de minskheid en de himel (Li of Dao). It prinsipe fan 'e Himel belichemet de oarder fan 'e skepping en de boarne fan godlike autoriteit, dy't monistysk fan karakter is. Persoanen kinne harren minsklikens beseffe en ien mei de Himel wurde troch meditaasje oer de oarder fan 'e skepping, dy't ek de wrâldoarder en dêrmei de maatskiplike oarder is. Ut dyselde oarder folget ek dat it foechsum is foar minsken om 'e goaden te ferearjen (deselden dy't ek foarkomme yn it Sineesk universalisme, it taoïsme en it Sineesk boedisme).

In byld fan Laozi, de fergoade stifter fan it taoïsme.

It taoïsme kin omskreaun wurde as in panteïstyske religy, mei it each op 'e filosofyske klam dy't it leit op 'e foarmleazens fan 'e Tao ("de Wei") ynstee fan mear antropomorfe konsepten God. Hoewol't der frijwat ferskillen besteane tusken de ferskate taoïstyske streamings, is dat in kearnelemint fan it leauwe dat se allegear gemien hawwe. Yn 'e regel wurde de Trije Reine Goaden oan 'e top fan it taoïstyske panteön pleatst. Dat is in soarte fan taoïstyske Trije-ienheid besteande út de himelgod Yu-Huang, de personifikaasje fan 'e Tao T'ai-chi, en Laozi (of Lao-tse), de fergoade stifter fan it taoïsme.

In skilderij fan Eitaku Kobayashi fan 'e god Izanagi en de goadinne Izanami-no-Mikoto út 'e Japanske mytology, dy't de Japanske Eilannen skeppe.

Guon foarmen fan it taoïsme omfiemje de Jadekeizer, dy't ôflaat is fan Yu-Huang, as in fertsjintwurdiger fan 'e heechste God. Ferskillende tûken fan it taoïsme omfetsje faak ferskillende panteöns fan legere godheden, dy't de ûnderskate ideeën fan 'e kosmology fertsjintwurdigje. Sokke mindere goaden kinne omreden fan harren dieden ek nei in heger nivo ferheft of krekt nei in leger nivo ôffierd wurde. Persoanen út 'e taoïstyske skiednis en minsken fan wa't leaud wurdt dat se ûntstjerlik wurden binne (xian), wurde yn it taoïsme ek rûnom fereare. Nettsjinsteande it bestean fan goaden yn it taoïsme moat soks net betize wurde mei Westerske noasjes fan teïsme. Ienwurding mei de Tao kin net lykslein wurde mei it kristlike idee fan besetting troch de Hillige Geast, noch mei it opgean yn in ivige geast yn 'e hindoeïstyske sin.

Yn it sjintoïsme, de oarspronklike godstsjinst fan Japan, wurde goaden kami, shin of (hiel argaysk) jin neamd. Al dy wurden betsjutte eins safolle as "de enerzjy dêr't dingen út fuortkomme". Mei't it Japansk gjin grammatikale ferbûging hat dy't it ferskil oanjout tusken inkeltal en meartal, kin kami behalven nei in god of goaden ek ferwize nei godlikens of nei in ûnstoflike hillige essinsje dy't himsels yn ferskate foarmen manifestearje kin. Sa kin fan rotsen, beammen, rivieren, bisten, plakken en sels minsken sein wurde dat se kami fan aard binne. Kami yn 'e sin fan dúdlik ûnderskate entiteiten (goaden) besteane neffens it sjintoïsme yn deselde wrâld as minsken. It panteön (as sa'n losse samling goaden sa neamd wurde kin) fan it sjintoïsme stiet bekend as yaoyorozu no kami, in útdrukking dy't letterlik oerset wurde kin as "acht miljoen goaden". De wiere betsjutting is lykwols net "acht miljoen", mar "myriaden" of "ûntelbere". De wichtichste godheid fan it sjintoïsme is de sinnegoadinne Amaterasu, fan wa't de Japanske keizers hjitte ôf te stamjen.

De Japanske sinnegoadinne Amaterasu komt foar 't ljocht út in grot wei.

De Ainû, de lânseigen bewenners fan it noardlike Japanske eilân Hokkaido en de Koerilen, leauwe dat de goaden de minskewrâld fysyk besykje yn 'e foarm fan bisten. Njonken de bearegod namen yn harren mytology benammen de goadinnen fan 'e sinne, de moanne en it fjoer in wichtich plak yn.

Amerikaanske natoerreligyen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de Eskimo's leauwe ferskate groepen yn in machtige goadinne, dy't bekendstiet as de Grutte Mem fan 'e See en dy't op 'e seeboaiem libbet. Yn Alaska hjit se Nerivik, yn Kanada Sedna of Uiniyumayuittuq en op Grienlân Arnarquagssaq.

In houtfike Tongerfûgel op in toatempeal.

Yndiaanske religyen fan Noard-Amearika

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In protte fan 'e oarspronklike natoerreligyen fan 'e Yndiaanske folken fan Noard-Amearika omfetten it leauwen yn it bestean fan in heechste god dy't oantsjut wurdt as de Grutte Geast. De Navaho, út 'e Amerikaanske steaten Nij Meksiko en Arizona, ergerje harren deroan dat beskate antropologen, godstsjinstwittenskippers en oare ûndersikers beweare dat sy net sa'n heechste god hawwe. Want dat se him gjin namme jouwe om't er ûnkenber is, wol noch net sizze dat se net leauwe dat er bestiet. En dat se gjin earetsjinst foar him hâlde, wol noch net sizze dat se him net ferearje; dat dogge se troch respekt te hawwen foar syn skepping, want yn alle dingen dy't er skepen hat, sit in stikje fan syn geast.

Oare goaden dy't yn in protte religyen fan Noardamerikaanske Yndianefolken foarkamen, wiene de snoade trickster Coyote, de magyske godheid Raven, dy't yn guon gefallen sterk liket op Coyote of sels syn plak ynnimt, en de Tongerfûgel, in godheid yn 'e foarm fan in ûnbidich grutte rôffûgel mei boppenatuerlike macht en krêften. By de Tarahûmara fan noardlik Meksiko binne de wichtichste goaden Raiénari, de sinnegod en beskermer fan 'e manlju, en Mecha, de moannegoadinne en beskermster fan 'e froulju.

De Maya-goaden Itzamná en Ixchel.

Yn 'e religy fan 'e Maya's fan Belize, Gûatemala en súdlik Meksiko wie oarspronklik de wichtichste god Itzamná, de Himelgod, dy't ôfbylde waard as in gebou, wêrby't de tagongspoarte syn mûle wie. Hy wie ek de god fan 'e hel, it fjoer en de genêskeunst en alle oare godheden wienen syn tsjinners. Letter gie syn posysje as lieder fan it panteön oer op Kukulkan, de Fearredragende Slange, dy't yn it Postklassike Tiidrek troch de Maya's oernommen waard út sintraal Meksiko. Hy waard beskôge as skepper fan 'e wrâld en ek as god fan reynkarnaasje, wetter, fruchtberens en de wyn. De Maya's bouden piramiden yn syn eare, dy't se op ien line setten mei de posysje fan 'e sinne op 'e maitydsevening.

Oare wichtige Maya-goaden wiene de reingod Chaac, Ixchel, de goadinne fan 'e ierde, it weevjen en it swierwêzen, Yum Kaax, de god fan 'e planten en yn 't bysûnder fan it stynske weet, en Ah Puch, de god fan 'e dea. Ek de Maya-keningen, dêr't men fan leaude dat se fan 'e goaden ôfstammen, waarden fergoade. Sa bidde de preesters fan 'e Kytsjé-Maya's fan Gûatemala ek hjoed de dei noch ta Rey Quiché ("de Kytsjé-kening"), oftewol Tecun Uman, de lêste kening fan Utatlán, dy't yn 1524 troch de Spaanske conquistadores deade waard.

De Azteekske god Quetzalcoatl, de Fearredragende Slange.

Azteekske religy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De godstsjinst fan 'e Azteken, fan sintraal Meksiko, waard karakterisearre troch een ûnbidich grut panteön besteande út hûnderten goaden. In soad dêrfan wiene lykwols henoteïstyske ynkarnaasjes fan oare goaden, in ferskynsel dat ek yn it hindoeïsme foarkomt. Oars as yn 'e measte oare religyen waarden de Azteekske goaden oer it algemien net antropomorf, mar earder soömorf foarsteld of oars as hybride, tuskenbeiden foarmen. Neffens de Britske argeolooch Timothy Ansoll is oer it Azteekske konsept fan 'godheid' lykwols net in protte bekend. Wat oannommen wurdt, is basearre op wat dêroer skreaun is troch kristlike misjonarissen dy't yn it foarste plak fijannich foar de pre-kristlike religy oer stiene, en fierders skreaune yn in tiid dat de Azteekske religy ferfongen waard troch it kristendom en dêrom doe al net mear yn syn oarspronklike, poere foarm bestie.

Grutte ferearing foel mank de Azteken de astrale godheden ta, lykas de Moarnsstjer, en ek de goaden dy't de eleminten en natoerferskynsels fertsjintwurdigen, benammen de ierdgoadinne Coatlicue, de sinnegod Tonatiuh en de reingod Tláloc. De wichtichste godheid fan 'e kriichshaftige Azteken wie lykwols de wylde sinne- en oarlochsgod Huitzilopochtli, waans namme "Kolibry-Tsjoender" betsjut. De wichtichste froulike godheid wie Xochiquetzal, de goadinne fan 'e leafde. It Azteekske panteön waard fierders foar in diel befolke troch goaden dy't oernommen wiene fan 'e troch harren oerwûne folken. Sa kaam Quetzalcoatl, de Fearredragende Slange en skepper fan 'e wrâld, fan 'e Tolteken, hie de plantegod Xipe Totec syn oarsprong by de Misjteken, en wie Tlazolteotl, de goadinne fan 'e fleislike leafde, eins in godheid fan 'e Hûasteken.

It byld fan 'e Azteekske ierdgoadinne Coatlicue yn it Nasjonaal Museum yn Meksiko-Stêd.

De macht dy't sels noch yn 'e kristlike tiid oan 'e Azteekske goaden taskreaun waard, wurdt moai yllustrearre troch de hâlding fan 'e Meksikanen foar de ierdgoadinne Coatlicue oer, dy't plomp foarsteld waard, sûnder holle of minsklike trekken en mei as fersiersels slangen, skedels en ôfskuorde hannen. Har byld waard nammentlik yn 1790 opgroeven yn 'e Zócalo, it sintrale plein fan Meksiko-Stêd, mar hastich wer begroeven, út eangst dat de bern fan 'e stêd bleatsteld wurde soene oan har 'tsjustere' en noch altyd krêftige magy. Yn 'e earste jierren fan 'e njoggentjinde iuw waard it byld op 'e nij opgroeven en ek diskear fluch werbegroeven, want har ferskining wie foar de minsken noch altyd ûnferdraachlik. Letter waard it byld dochs út 'e grûn helle, mar jierrenlang ferburgen holden yn 'e universiteit. Hjoed de dei, lykwols, is it foar elkenien te sjen yn it Nasjonaal Museum fan Meksiko.

De Taïno, de lânseigen bewenners fan Porto Riko, leauden yn in grut tal godheden dy't se cemíes neamden. Se oanbeaen de measten fan harren troch in har symbolisearjende stien, rots, skulp, of houten of gouden byld te ferearjen. De heechste god wie Yocahú, de ûnsichtbere skepper. Nei him wie Yukiyú, de god fan positive machten, de wichtichste godheid. De god Jurakán regearre de machten fan it kwea fan 'e Lytse Antillen ôf, dêr't syn grime geregeldwei oanwoeks ta in orkaan (it Spaanske wurd huracán is fan syn namme ôflaat, en fia it Ingelske hurricane ek it Fryske "orkaan"). De Taïno leauden fierders yn in panteön fan legere geasten, wêrûnder dy fan har foarâlden en dy fan lânskipseleminten lykas beammen, streamen, bergen en marren.

Viracocha, de skepper-god fan 'e Inka-religy.

Yn it Inka-Ryk, yn 'e Andes fan Súd-Amearika, wie Viracocha (ek bekend as Pachacutec) de skepper-god. Hy wie in abstrakte godheid yn 'e Inka-kultuer, dy't bestie foar't romte en tiid skepen waarden, en soe dêrom sjoen wurde kinne as in foarm fan 'e Himelgod. Alle oare goaden fan 'e Inka's kamen oerien mei eleminten fan 'e natoer of de minsklike maatskippij. Yn 'e praktyk wie de wichtichste godheid Inti, de sinnegod, dy't ferantwurdlik wie foar agraryske wolfeart, en dy't mei syn oarehelte Mama Killa, de moannegoadinne, (of yn guon myten mei Mama Qucha, de goadinne fan 'e see en fan marren en rivieren) de earste Inka-kening fuortbrocht.

Oare wichtige goaden wienen de ierdgod Pachacamac; dy syn helske frou Pachamama (of Mama Pacha), dy't as Mama Allpa ek goadinne fan 'e rispinge wie; de tongergod Illapa, in soan fan Inti en Mama Killa; Mama Kuka, de goadinne fan 'e blydskip; Mama Ch'aska, de goadinne fan 'e dage; en Mama Sara, de goadinne fan it nôt.

In goudene drinkbeker mei de ôfbylding fan in Inka-god.

Under en nei de oplizzing fan 'e kristlike godstsjinst as ûnderdiel fan it Spaanske kolonialisme wisten de Inka's harren oarspronklike leauwe yn 'e lânseigen goaden te behâlden troch synkretisme. Dêrby foarme de kristlike lear in tinne bedekking fan 'e oarspronklike natoerreligy en de dêrmei ferbûne ideeën en praktiken. De god Inti waard doe lykslein mei de kristlike God en de oare Inka-goaden mei de hilligen fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Nettsjinsteande it feit dat no faak oare nammen en termen brûkt wurde, hat de oarspronklike Inka-religy sadwaande oan 'e dei fan hjoed ta fierhinne witten te oerlibjen.

Yndiaanske religyen fan Súd-Amearika

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It leauwen yn 'e Himelgod kaam ek op ferskillende plakken yn Súd-Amearika foar. De Ona of Selk'nam Fjoerlân, it súdlikste puntsje fan it kontinint, leauden yn 'e oppergod Temakuel, dy't him nei it skeppen fan 'e wrâld weromloek oant foarby de himelske hichten en it behear fan 'e skepping oerliet oan 'e earste Ona-foarfaar, Kenos. De Ona foelen Temakuel dêrom net lestich mei gebedens, mar offeren him wol eltse dei iten. Ek by de Mûndoerûkû, in Yndiaanske stamme út noardwestlik Brazylje, is de heechste god in foarm fan 'e Himelgod. Hy hjit Karukasaibe, en waard neffens in myte, nei it foltôgjen fan 'e skepping, troch de minsken sa freeslik misledige, dat er him weromloek yn ûnberikber fiere himels.

De Azteekske oarlochsgod Huitzilopochtli.

De Warikjana, út súdlik Guyana, oanbidde de sinnegod Pura, dy't behalven skepper ek ferwuostger is en om 'e safolle tiid de ierde ferrinnewearret. De Witoto fan noardwestlik Brazylje ferearje de moannegod Moma, dy't syn eigen lichem offere by it skeppen fan knolgewaaksen, sadat de minsken iten hawwe soene.

Polynezyske natoerreligyen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Polyneezjers ûntwikkelen in panteön mei in grut tal ûnderskate goaden. Guon dêrfan kamen yn hiele Polyneezje foar, wylst de fersprieding fan oaren beheind wie ta ien eilannegroep. By in gruttere fersprieding bestiene der oer it algemien regionaal ûnderskate nammen foar deselde god. Ien god dy't yn frijwol it hiele gebiet foarkaam, wie de trickster Maui, dy't ferlike wurde kin mei Loki yn 'e Noardske mytology en Coyote by de Noardamerikaanske Yndianen. By de Maoary fan Nij-Seelân en op Tonga waard er Māui neamd, op Hawaï Maui, en yn Samoä Ti‘iti‘i.

Godsbylden út Polyneezje, fêstlein yn 1830.

De Maoary fan Nij-Seelân leauden yn in oppergod dy't bekend stie as Io Matua Te Kore (ek bekend as Io, Io Nui, Io-Mataaho, Iho-Iho, en Te Io Ora). Hy waard fereare as de almachtige en begjinleaze (want sels net-skepen) skepper fan it hielal en de wrâld. Oare wichtige goaden wiene Tangaloa, dy't de minsken skoep; La‘a Maomao, de god fan 'e wyn; (of Tūmatauenga), de god fan 'e oarloch; Tu-Metua, de Memmegoadinne; Kāne, de god fan 'e fuortplanting; en Rangi, de god fan 'e loft.

Cookeilânske religy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De âlde religy fan 'e Cookeilannen, yn 'e Stille Súdsee, omfette in yngewikkeld systeem fan 71 goaden, dy't elts in beskaat faset fan it deistich libben fan 'e minsken behearsken.

Tahitiaanske religy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek yn 'e âlde godstsjinst fan Tahity, dat no diel útmakket fan Frânsk-Polyneezje, bestie de twadieling tusken in heechste god en in grut tal mindere goaden. Tige nijsgjirrich is yn dit ferbân, dat doe't de earste Jeropeänen dêre oankamen, der in proses geande wie wêrby't de oarspronklike oppergod, Taaroa, stadichoan ferfongen waard troch in nijenien, syn soan, de oarlochsgod Oro.

In dielnimmer oan it Merrie Monarch Festival op Hawaï, ferklaaid as de trickster-god Maui.

Hawaïaanske religy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e âlde religy fan Hawaï wiene der fjouwer wichtige goaden: Ku, Lono, Kane en Kanaloa. Ku wie de god fan 'e loft en de stamfaar fan 'e hiele minskheid. Hy regearre oer de manlike goaden en wie troud mei Hina, de ierdgoadinne, dy't regearre oer alle goadinnen. Ku hie in grut ferskaat oan manifestaasjes. Ien dêrfan wie de goedwillige god fan it fiskjen, Ku-ula ("Ku fan 'e Oerfloedige Seeën") en oaren wiene de goaden fan 'e wâlden en fan 'e lânbou. De minsken rôpen Ku oan as de rispinge meager wie, en yn tiden fan drûchte of oare rampen boude men in timpel om Ku tefreden te stellen. Ien fan Ku syn ysbaarlikste manifestaasjes wie Kukailimoku ("Ku de Lângriper"), de oarlochsgod dy't fereare waard troch Kamehameha de Grutte1758-1819), de feriener en earste ali‘i ("kening") fan it Keninkryk Hawaï. Yn 'e timpels dy't wijd wiene oan Kukailimoku waarden net allinne rys- en biste-offers, mar ek minske-offers brocht.

Lono wie de god fan 'e eleminten. As reingod wie hy ferantwurdlik foar it wolslagjen fan 'e rispinge. Dêrom wied er ek god fan 'e fruchtberens en de frede. Kane skoep de earste minske út it stof fan 'e ierde en blies him libben yn (it Hawaiaanske wurd foar "man" is kane). Neffens de leginde soene de Hawaïaanske keningen fan him ôfstamme wêze. Yn 'e mande mei Ku en Lono skoep Kane ek de ierde, de moanne, de stjerren en de oseaan. De fjirde grutte god wie Kanaloa, dy't faak yn oarloch wie mei de oare trije. Hy waard oan it haad fan 'e geasten fan 'e ierde steld doe't de himel fan 'e ierde skaat waarden. Om't dy geasten gjin kava, ryswyn, drinke mochten, kamen se yn opstân, mar se waarden ferslein en ferdreaun nei de ûnderwrâld, dêr't Kanaloa de hearsker oer de deaden waard.

Apollo, de Gryksk-Romeinske god fan muzyk en poëzij.

Njonken de fjouwer wichtichste goaden hiene de Hawaïanen fjirtich mindere goaden en goadinnen. Dêrûnder wienen û.m. Pele, de goadinne fan 'e fulkanen, en har susters Poliahu, de goadinne fan 'e snie en Laka, de goadinne fan 'e hula (in lânseigen Hawaïaanske dûns mei spirituele konnotaasjes). Fierders wiene der berchgoaden, haaiegoaden en goaden foar beskate natoerferskynsels en beropsgroepen.

Súdeastaziatyske natoerreligyen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It anitisme, dat gearstald is út in grut ferskaat oan lânseigen natoerreligyen yn 'e Filipinen, omfettet ferskillende panteöns, mei't eltse etnyske groep syn eigen goaden hat. Dêrby binne de opmerklikste godheden hast altyd de goaden dy't oan it haad fan in beskaat panteön steane. De heechste god fan 'e Tagaloganen is Bathala, dy fan 'e Kapampanganen hjit Mangechay, dy fan 'e Sambal is Mayari, dy fan 'e Blaan hjit Melu, en dy fan 'e Bisaya is Kaptan. By de Palawan, út 'e súdwestlike Filipinen, is de heechste god Ampo, fan wa't men leaut dat er de ferantwurdlikens foar saken dy't de minsken oanbelangje, oerdraacht oan 'e diwats, de legere goaden.

Godsbylden fan 'e anitos (goaden) fan 'e noardlike stammen út 'e Filipinen, dy't it saneamde anitisme oanhingje.

De Badjau, fan 'e súdlike Filipinen en noardlik Borneo, beskôgje harrensels as in ûnderdiel fan 'e wrâld dy't regearre wurdt troch de grutte god Tuhan. De Niassers, fan it eilân Nias, foar de súdwestkust fan Sumatra, yn Yndoneezje, leauwe dat se ôfstamje fan seis goaden dy't nei de ierde delkamen en harren yn 'e sintrale heechlannen fan Nias fêstigen.

De Toradja fan sintraal Selebes, yn Yndoneezje, leauwe yn in grut tal ûnderskate goaden en geasten, mar ferearje yn it bysûnder de godheid fan harren eigen famylje, clan of stamme. Puang Matua is de wichtichste god fan it hiele folk en kaam it tichtst by de foar de Toradja frjemde noasje fan in oppergod. Hy hat sûnt 1900 lykwols dúdlik risselwearre om oppergod te wurden, iroanyskernôch útslutend troch de ynfloed fan kristlike sindelingen, dy't by brekme oan better syn namme brûkten as oersetting yn it Toradja foar "God", sadat Puang Matua no assosjearre wurdt mei in almachtige skepper-god.

De hindoeïstyske god Indra.

Australyske natoerreligyen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Australyske Aboriginals leauwe ek yn in skepper-god dy't him as Himelgod weromlutsen hat yn 'e fierste himelske hichten en roppe yn it deistich libben net him, mar de geast-foarâlden oan, godlike wêzens dy't yn 'e foarminsklike Dreamtiid (alchera of alcheringa) oer de wrâld swalken en der troch in twadde skepping in bewenber en bewenne plak fan makken. In grut tal Australyske Aboriginal-folken leaut dat se geheime kennis krigen hawwe fan in boppenatuerlik wêzen dat se de Grutte Slange neame, en dat dy kennis, dy't bewarre wurdt troch it geheime Kunapipi-genoatskip, de grûnslach foarmet foar harren kultuer.

Goaden yn dualistyske religyen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ahoera Mazda is de Avestaanske namme foar de skepper en iennichste God fan it soroästrisme, de pre-islamityske godstsjinst fan 'e Iraanske folken. De letterlike betsjutting fan dy namme is "Hear Wiisheid", fan ahura ("hear") en mazda ("wiisheid"). Soroäster (ek bekend as Saratûstra), de stifter fan it soroästrisme, learde dat Ahoera Mazda it machtichste wêzen is dat der bestiet, en de iennichste godheid dy't it wurdich is om fereare te wurden. It soroästrisme wurdt dêrom ornaris klassifisearre as in monoteïstyske ynstee fan polyteïstyske godstsjinst.

In reliëf yn it Iraanske Tak-e-Bostan fan 'e kroaning fan 'e Sassanidyske kening Sjapoer II (m.), mei de god Mitra lofts en Ahoera Mazda rjochts.

Dochs is Ahoera Mazda net almachtich, om't syn kweadaardige wjergader en broer Angra Mainjû hast like machtich is as hy. Neffens Soroäster wiene de daeva's demoanen dy't troch Angra Mainjû skepen wiene om it kwea yn 'e wrâld te bringen. Hy learde dat alle minsken kieze moatte tusken de goedheid fan Ahoera Mazda en it kwea fan Angra Mainjû, wat it soroästrisme eins ta in dualistyske religy makket. Neffens de lear fan Soroäster sille Ahoera Mazda en it goede úteinlik Angra Mainjû en it kwea ferslaan, wêrnei't it kwea foargoed út 'e wrâld útband wurde sil.

Ahoera Mazda de wichtichste god yn it Achaimenidyske Ryk fan 'e Perzen, en teffens yn it Partyske Ryk en it Sassanidyske Ryk. Oarspronklik waard er antropomorf ôfbylde, mar tsjin 'e ein fan it Partyske Ryk, oan it begjin fan 'e trêde iuw, ûntstie der in byldestoarm, wêrby't it ôfbyldzjen fan Ahoera Mazda út 'e graasje rekke. Tsjin 'e ein fan it Sassanidyske Ryk, mids sânde iuw, wie it soroästrisme alhiel anikoanysk wurden.

It manigeïsme, in no net mear neifolge religy dy't yn 'e trêde iuw troch de profeet Mani stifte waard, brocht eleminten út it soroästrisme gear mei guons út it kristendom, it gnostisisme en it boedisme. De manigeyske lear gie út fan 'e grûnstelling dat der twa prinsipes binne: God en de matearje. Dy beide prinsipes komme oerien mei goed, resp. kwea; ljocht, resp. tsjuster; en wierheid, resp. leagen. Fanwegen it pessimistyske dogma dat de matearje lykstelde oan it kwea, trune de lear fan Mani oan ta in fegetaryske libbenshâlding, de ôfwizing fan geslachtsferkear en it jin ôfkearen fan 'e materiële wrâld yn it algemien.

Wicca-alterbyldsjes fan 'e Trijefâld Goadinne en de Hoarnde God.

De wicca, of moderne hekserij, is in religieuze beweging dy't ta it moderne heidendom heart. Yn 'e wicca wurde de meastal net neier oantsjutte 'god' en 'goadinne' fereare, dy't beiden (neffens de wicca-lear) al bestiene lang foar't it kristendom Jeropa berikte.

De goadinne belichemet it froulike, emosjonele, kreätive, yrrasjonele en yntuïtive en it tinken. Har symboal is de moanne, ferbûn as dy is mei de syklus fan it froulik lichem. De goadinne stiet ek wol bekend as de Trijefâld Goadinne, fanwegen har trije, sterk mei de skynfoarmen fan 'e moanne ferbûne manifestaasjes. De earste dêrfan is de Faam, dy't ferlike wurde kin mei de opgeande moanne. Sy stiet oan it begjin fan 'e froulike ûntwikkeling en belichemet dêrmei de soargeleazens fan 'e jonkheid en de skeppende krêften fan 'e natoer. De twadde is de Mem, te ferlykjen mei de folle moanne, dy't ferbûn is mei fuortplanting en fersoarging en dy't it hichtepunt belichemet fan sawol de froulike seksualiteit, as de bloei fan 'e natoer. De trêde is de Wize Frou (of it Aldwiif), dy't ferlike wurde kin mei de ôfnimmende moanne; sy is oan 'e ein fan 'e froulike ûntwikkeling kommen en belichemet de wiisheid en mearwearde fan 'e âlderdom en de ferwoastgjende krêften fan 'e natoer.

De Grykske healgod Hearakles smoart as poppe de slangen dy't Heara stjoert hat om him te deadzjen. Detail op in Grykske faas yn it Louvre te Parys.

Foar de goadinne oer yn in dualistyske relaasje stiet de god. Hy fertsjintwurdiget it manlike, it yntellekt, de rede, de logika en it dwaan en wurdt foarsteld mei hoarnen. Hy wurdt dêrom ek wol de Hoarnde God neamd. Mooglik is syn stal basearre op 'e Germaanske tongergod Thor (Donar), dy't ek wol mei bokkehoarnen ôfbylde waard, of op 'e Keltyske god fan 'e ûnderwrâld en oerfloed Sernûnnos, dy't hartehoarnen hie. Yn elts gefal is dat stal de oarsprong fan it tradisjonele kristlike byld fan 'e duvel, dy't ommers ek mei hoarnen en bokkepoaten ôfbylde wurdt. It symboal fan 'e Hoarnde God is de sinne, it tsjinstelde fan 'e moanne.

Tegearre belichemje de god en de goadinne de seksuële polariteit fan it manlike en it froulike begjinsel, de saneamde logos en eros, dy't ek yn guon oare godstsjinsten foarkomt, bygelyks yn it Sineeske universalisme as de yin-yang-symbolyk. De wicca beskôget dy beide prinsipes as ivich en lykweardich, ek al nimt de goadinne faak it wichtichste plak yn, wierskynlik as reäksje op it manlike godsbyld fan it kristendom. Fan 'e fjouwer eleminten binne fjoer en lucht manlik en ferbûn mei de god, en wetter en ierde froulik en ferbûn mei de goadinne. Mei-inoar en ferbûn mei de noch manlike, noch froulike geast, it fyfde elemint, meitsje se al it libben op ierde mooglik. Hoewol't de wicca gjin dogmatyske religy is, dy't gjin regels opsteld hat en syn leauwenden neat foarskriuwe wol, is it leauwen yn 'e seksuële polariteit fan 'e god en de goadinne in absolút betingst foar oanhingers.

"Jahweh", skreaun yn (f.b.n.û.) it Fenisysk, it Arameesk en it Hebriuwsk.

Goaden yn monoteïstyske religyen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Abrahamityske religyen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It joadendom is in monoteïstyske godstsjinst, en de âldste fan 'e abrahamityske religyen. Dizze foarm fan it monoteïsme ûntjoech him stadichoan fia monolatry en henoteïsme en troch it wurk fan profeten as Mozes, Elía, Jesaja en Jeremía út it Kanaänityske heidendom, dat in polyteïstyske godstsjinst wie. De ierste foarm fan it joadendom wurdt it jahwisme neamd. Tsjin 'e midden fan 'e sechsde iuw f.Kr. hie it fierhinne syn moderne foarm berikt, hoewol mei in timpelkultus fan offerpraktiken dy't yn 'e earste iuw fan 'e Westerske jiertelling abrupt beëinige waard nei de ferwoastging fan 'e Timpel fan Jeruzalim troch Romeinen nei de mislearre Grutte Joadske Opstân fan 66-70.

It joadendom leart dat der mar ien God bestiet, dy't net de belicheming is fan in abstrakt oerbegjinsel, lykas yn 'e monoteïstyske foarmen fan it hindoeïsme, mar in personalistysk Opperwêzen, dat almachtich, ivich, alwittend, rûnombywêzich en goed is. Dy God, dy't Jahweh hjit (yn 'e Tenach skreaun as "YHWH"), hat himsels geandewei de skiednis oan 'e Joaden iepenbiere, yn 't bysûnder yn 'e tiid fan 'e Uttocht út Egypte en de Babyloanyske Ballingskip. God wurdt yn it joadendom altyd nei ferwiisd as "Hy", mar dêrmei wolle de rabbinen net suggerearje dat it minsklike konsept fan geslacht fan tapassing is op it Opperwêzen. Ynstee komt it inkeld troch it feit dat it Hebriuwsk gjin ûnsidich geslacht hat, en it feit dat it Hebriuwske wurd foar "godheid" manlik is. Mei in ferwizing nei de minsklike fuortplanting wurdt dat útlein trochdat God op it mêd fan 'e skepping in aktive (d.w.s. manlike) krêft is ynstee fan in passive (froulike) krêft.

In ikoan fan Jezus Kristus.

It samaritanisme, de nasjonale godstsjinst fan 'e ferskate hûnderten oerbleaune Samaritanen (dy't tsjintwurdich ta de Palestinen rekkene wurde), hat him yn 'e achtste iuw f.Kr., ûnder de Assyryske Ballingskip (net te betiizjen mei de lettere Babyloanyske Ballingskip), ûntjûn út 'e joadske of jahwistyske religy. De Samaritanen leauwe yn deselde God (Jahweh) as de joaden en erkenne de joadske profeten. It leauwen fan 'e Samaritanen yn 'e ienheid fan God is absolút.

It kristendom ûntwikkele him yn 'e earste iuw fan 'e Westerske jiertelling út it joadendom troch de lear fan benammen de apostel Paulus, dy't weromgie op it wurk fan Jezus fan Nazaret. De measten en grutsten fan 'e withoefolle kristlike streamings leauwe oangeande it aard fan God yn it dogma fan 'e Hillige Trije-ienheid, dat hawwe wol dat God bestiet út trije ûnderskate mar gelikense, godlike Persoanen, werby't elts fan dy Persoanen God sels is. De Trije-ienheid omfettet God de Heit (God), God de Soan (dy't Jezus Kristus is) en de Hillige Geast. De krekte ûnderlinge relaasjes fan 'e trije Persoanen fan 'e Trije-ienheid hawwe yn 'e skiednis fan it kristendom oanlieding jûn ta frijwat striid. Sa hongen de measte iere kristlike teologen it subordinasjonisme oan, dat stelde dat God de Heit superieur wie oan God de Soan, en God de Soan oan 'e Hillige Geast. Dat leauwe waard lykwols yn 'e fjirde iuw op it Earste Konsylje fan Niseä ta ketterij ferklearre. Ek tsjintwurdich noch binne der kristenen (de saneamde unitaarjers of anty-trinitaarjers) dy't de Trije-ienheid ôfwize en inkeld in ûnopdielde God akseptearje.

De Hillige Trije-ienheid fan it kristendom, skildere yn 1756-1758 troch Szymon Czechowicz. Rjochts God de Heit, lofts God de Soan en boppe harren, yn 'e foarm fan in do, de Hillige Geast.

Kristenen sjogge it hielal as in elemint yn 'e aktualisearring fan God, en de Hillige Geast as de godlike essinsje dy't de ienheid tusken Heit en Soan bekrêftiget. Neffens teolooch George Hunsinger rjochtfeardiget de doktrine fan 'e Hillige Trije-ienheid de kristlike earetsjinst yn 'e tsjerke, dêr't Jezus Kristus behannele wurdt as in god op himsels mei it kristlike krús as syn symboal. Krekt as de opbou fan 'e Trije-ienheid is ek de krekte natuer fan Jezus Kristus in dreech ûnderwerp yn it kristendom, dat yn it ferline gauris laat hat ta rûzje en leauwensferfolging. It heikele punt wie dêrby de fraach oft Jezus in minsklike natuer hat, in godliken-ien of ien dy't sawol minsklik as godlik is. It Konsylje fan Galsedon ferklearre yn 451 dat "yn ien persoan, Jezus Kristus, de folsleinens fan godlikens en de folsleinens fan minsklikens feriene binne, mei't de feriening fan 'e natueren sa wie dat se noch ferdield, noch betize wurde kinne." Neffens it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel is Jezus Kristus de selsiepenbiering oan 'e minskheid fan 'e iene, wiere God, sawol yn syn lear as yn syn persoan.

It mandeïsme is de nasjonale godstsjinst fan 'e Mandeeërs, in etnyske groep út it suden fan Irak. It ûnstie yn 'e earste iuwen fan 'e Westerske jiertelling yn Mesopotaamje en giet nei alle gedachten fierhinne werom op 'e lear fan 'e profeet Jehannes de Doper, dy't yn it kristendom sjoen wurdt as paadtarieder fan Jezus Kristus. It mandeïsme is in gnostyske religy mei in sterk dualistyske ynslach.

Om't it yn 'e islaam ferbean is om ôfbyldings fan God te meitsjen, befetsje moskeeën faak skreaune foarmen fan 'e namme Allāh, lykas hjir yn 'e Hagia Sofia yn Istanbûl.

Hoewol't de Mandeeërs sels der nea net folle oer sizze wollen hawwe, wurdt harren godstsjinst neffens de Britske kultureel antropologe lady E.S. Drower karakterisearre troch it leauwe yn in foarmleas en almachtich Opperwêzen, dat deselde is as de God fan it joadendom en it kristendom. God wurdt yn tiid en romte útdrukt troch de skepping fan spirituele en materiële wrâlden en wêzens. De fysike skeppingsdie wurdt troch God oerlitten oan legere skeppers dy't út God fuortkomme. Dat liedt ta in dualistysk leauwe yn in kosmyske Heit en Mem, dy't foar ljocht en tsjuster, rjochts en lofts, ensfh. steane.

It jazdânisme is in koepelnamme foar wat faak sjoen wurdt as de pre-islamityske godstsjinsten fan 'e Koerden. Njonken it jarsanisme en isjikisme giet it dêrby fral om it jezidisme, de monoteïstyske religy fan 'e Jezidys, in etnyske en religieuze minderheid yn noardlik Irak. Hja leauwe yn ien God, dy't de wrâld skepen hat en dêrnei tabetroud oan in 'heptade' fan sân hillige wêzens, dy't faak ingels neamd wurde of oars omskreaun wurde as heft sirr ("de Sân Mystearjes"). De nammen fan dy wêzens of ingels binne: Azaz’il, Ǧabra’il, Micha’il, Rafa’il (of Israfil), Dadra’il, Azrafil en Šamkil (of Šemna’il). De wichtichste fan harren is Tawûsê Melek (yn Westerske publikaasjes faak "Melek Taûs" neamd), de 'Pau-Ingel', dy't mei ien fan 'e sân wêzens identifisearre wurdt.

It Arabyske wurd "Allāh" yn kalligrafy.

Tawûsê Melek wurdt troch de Jezidys sjoen as in soarte fan steedhâlder fan God, dy't assistearre troch de oare seis ingels of wêzens de wrâld regearret. Troch kristenen en moslims wurdt er faak lykslein mei Satan, de duvel. Fûnemintalistyske moslims sjogge de Jezidys sadwaande as duveloanbidders, wat ta in protte pogroms en oare foarmen fan leauwensferfolging laat hat, lykas de Jezidyske Genoside fan 2014. Jezidys leauwe lykwols net dat Tawûsê Melek de boarne fan it kwea is en beskôgje him as in lieder fan 'e aartsingels ynstee fan as in fallen ingel. Se nimme der dan ek djippe oanstjit oan om omskreaun te wurden as 'duveloanbidders'.

De islaam is nei it joadendom en it kristendom de trêde grutte abrahamityske religy, dy't om 610 hinne ûntstie út 'e hommelse godlike iepenbiering fan 'e Mekkaanske profeet Mohammed. De islaam leart dat der mar ien God is, dy't almachtich, ivich, alwittend, rûnombywêzich en goed is. Hy wurdt yn it Arabysk 'Allāh' (letterlik: "De God") neamd wurdt. Ek moslims mei in oare memmetaal as it Arabysk neame harren God 'Allāh', sadat it liket as is dat in eigennamme. Dat is lykwols net sa. De absolute ienheid fan God is ien fan 'e útgongspunten fan 'e islaam en stiet folslein bûten kiif. It earste en wichtichste part fan 'e islamityske leauwensbelidenis, de šahādah, is: "der bestiet gjin ’ilāh ["god"] behalven Allāh ["God"]". Islamityske teologen sjogge de Trije-ienheid fan God sa't dy yn it kristendom preke wurdt, sadwaande eins as in bedutsen soarte fan polyteïstyske ketterij.

It saneamde 'ringstien'-symboal stiet yn it bahaïsme foar de bân fan 'e minskheid mei God.

It bahaïsme, dat yn 'e njoggentjinde iuw yn Perzje ûntstie út 'e islaam, erkent krekt as de oare abrahamityske religyen mar ien God, dy't krekt as yn 'e islaam ûndielber is. Dy God is de skepper fan alles yn it hielal. It hielal sels en it bestean fan God wurde beskôge as ivich, sûnder begjin of ein. God is te grut en swiid om troch it minsklik ferstân befieme wurde te kinnen. Hoewol't er yn it bahaïsme beskôge wurdt as net direkt tagonklik foar de leauwenden, leart it bahaïsme ek dat er him likegoed bewust is fan en bekroadet om syn skepping, wat ta utering komt yn it stjoeren fan boadskippers: de profeten.

It sikhisme heart ta de Yndyske religyen, mar is in monoteïstyske godstsjinst, dy't leart dat God almachtich, alwittend en rûnombywêzich is. De hillige tekst fan 'e sikhs, de Gurū Granth Sāhib, stelt dat der mar ien God is, dy't it hielal skepen hat. Ek stiet skreaun dat God de "Unferoarlike Wierheid" is, dy't gjin eangst, noch haat, noch dea, noch berte ken. Neffens de stifter fan it sikhisme, goeroe Nanak, is it begryp fan God foar de minske ûnmooglik, mar is God tagelyk ek wer net folslein ûnkenber. Mei't God oanwêzich is yn syn hiele skepping, is er oeral te sjen foar lju dy't spiritueel 'ûntwekke' binne. Nanak lei der de klam op dat God oanskôge wurde moat mei it 'ynderlike each' of it 'hert' fan 'e minske. Leauwenden moatte meditaasje dwaan en de leauwensregels neifolgje om ta ferljochting te kommen. As dy steat ienris berikt is, wurdt kommunikaasje tusken God en minske mooglik.

De Grykske filosoof Demokritus wie fan tinken dat it leauwen yn goaden foar it earst by minsken op kaam doe't se skynber ûnferklearbere natoerferskynsels oan-skôgen, lykas de wjerljocht.

Wittenskiplike ynterpretaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Al fan 'e Grykske Aldheid ôf hawwe filosofen besocht om it minsklik leauwe yn goaden rasjoneel út te lizzen. De Grykske filosoof Demokritus riddenearre yn 'e fjirde iuw f.Kr. dat godheden betocht waarden doe't de primitive minsken natoerferskynsels lykas tonger, wjerljocht, sinnefertsjusterings en de seizoenewiksel seagen en dy besochten te ferklearjen. Yn 'e trêde iuw f.Kr. hold de Grykske wittenskipper Euhemearus út dat alle goaden fan oarsprong minsklike, stjerlike keningen west hiene, dy't postúm fergoade wiene. Neffens him wie it ferskynsel 'religy' sadwaande neat oars as de fuortsetting fan it stjerlike regear fan sokke keningen, in teory dy't sûnt bekend stiet as it euhemerisme. Yn 'e tweintichste iuw woe de psychiater Sigmund Freud hawwe dat jins godsbyld eins in psychyske projeksje fan jins heit is.

Libbensgrut keramysk stânbyld fan 'e Azteekske god Xipe Totec fûn by Texcoco.

Lykwols soe it skoan kinne dat in niging ta it leauwen yn goaden en oare boppenatuerlike wêzens in yntegraal ûnderdiel útmakket fan it minsklik bewustwêzen. Neffens ûndersyk fan 'e Amerikaanske psycholooch Justin L. Barrett út 2012 hingje bern der fan natuere ta oer om te leauwen yn boppenatuerlike wêzens, lykas goaden, geasten en demoanen, sels as se grutbrocht wurde frij fan lykfol hokker yndoktrinaasje yn in beskate religieuze tradysje.

De minske hat in oeraktyf systeem foar it waarnimmen fan oarsaken fan foarfallen, wêrby't de niging bestiet om te konkludearjen dat foarfallen feroarsake binne troch yntelliginte entiteiten sels as dat net sa is. Dat is in systeem dat evoluëarre wêze kin as ferdigeningsmeganisme tsjin bedrigings yn in tiid dat de primitive foarâlden fan 'e moderne minske noch 'yn it wyld' libben en bejage waarden troch gefaarlike rôfdieren. Immen dy't yn sa'n sitewaasje oeral yntelliginte en potinsjeel gefaarlike wêzens seach, libbe grif langer as immen dy't gjin acht sloech op 'e eventuele oanwêzigens fan sokke wêzens.

Minsken hingje der fierders ek ta oer om teleologysk te tinken troch betsjutting ta te kennen oan harren om-en-by. Dat is in karaktertrek dy't liede kin ta it leauwen yn in skepper-god. Psychologen hawwe it derop dat dy niging ûnwikkele is as byprodukt fan 'e minsklike sosjale yntelliginsje, it fermorgen om gewaar te wurden wat oare minsken tinke.

It is in stik wierskynliker dat ferhalen oer moetings mei boppenatuerlike wêzens ûntholden, trochferteld en moaier makke wurde, as ferhalen oer gewoane moetings mei oare minsken, dêr't neat bysûnders oan is. Sokke ferhalen bliuwe jin by fanwegen de beskriuwing fan gewoane ontologyske kategoryen (persoan, bist, plant, foarwerp, ensfh.) mei anty-yntuïtive eigenskippen (minsken dy't ûnsichtber binne, bisten dy't prate, ensfh.). Doe't it leauwe yn it bestean fan godheden him fersprate, kinne minsken antropomorfe gedachteprosessen oan harren takend hawwe: "as ik dizze god wie, wat soe ik dan wolle dat lju dogge dy't yn my leauwe?" Soks kin laat hawwe ta it idee om goaden te ferearjen troch offers oan harren te bringen en gebedens oan harren te rjochtsjen.

Sosjologen dy't ûndersyk nei it ferskynsel religy dogge, hawwe steld dat yn 'e persoanlikheid en karaktertrekken fan goaden faak de noarmen en wearden reflektearre wurde fan 'e kultuer dy't harren ferearet. Dy sjenswize wol hawwe dat men wat men siket yn oare minsken, projektearret yn jins goaden. Isolearre en ksenofobe maatskippijen hawwe faak lulke, gewelddiedige goaden dy't ûnderwerping easkje fan harren leauwenden, wylst tefredene en feilige maatskippijen goaden hawwe dy't leafdefol en barmhertich binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.


Oare Boarnen:

  • Armstrong, K., Een Geschiedenis van God, Baarn, 1993.
  • Bendure, G., en Friary, N., Hawaii, Hawthorn, 1997.
  • Bendure, G., en Friary, N., Micronesia, Hawthorn, 1995.
  • Bernhardson, W., Chile & Easter Island, Hawthorn, 1997.
  • Bertholet, A., en Campenhausen, H. Freiherr von, Van Goor's Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, Den Haach, 1970.
  • Borsboom, A., en Ploeg, A., Stille Zuidzee, Amsterdam/Den Haach, 1992.
  • Bowker, J., Een Wereld van Religies, Kampen, 1999.
  • Broere, M., Uganda, Amsterdam/Den Haach, 1994.
  • Brosnahan, T., en Keller, N., Guatamala, Belize & Yucatán - La Ruta Maya, Hawthorn, 1997.
  • Collins, R., red., Indianen: De Oorspronkelijke Bewoners van Noord-Amerika, Amsterdam, 1995.
  • —— Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • Eliade, M., en Coulião, I.P., Wereldreligies in Kaart Gebracht, Utert, 1992.
  • Else, D., e.o., Southern Africa, Hawthorn, 2000.
  • Else, D., e.o., West Africa, Hawthorn, 1999.
  • Finlay, H., e.o., Australia, Hawthorn, 1998.
  • Fitzpatrick, M., Mozambique, Hawthorn, 2000.
  • Fletcher, M., Finlay, H., en Crowther, G., Kenya, Hawthorn, 2000.
  • Fuentes, C., De Spaanse Erfenis - Vijf Eeuwen Spaanse Invloeden in Latijns Amerika, Houten, 1992.
  • Gordon, F.L., Ethiopia, Eritrea & Djibouti, Hawthorn, 2000.
  • Keller, N., en Wheeler, T., Rarotonga & the Cook Islands, Hawthorn, 1998.
  • Keller, N., e.o., Central America on a Shoestring, Hawthorn, 1997.
  • Keulen, J., Guatemala, Amsterdam/Den Haach, 1994.
  • Keulen, J., Mexico, Amsterdam/Den Haach, 1989.
  • Kielich, W., Volken en Stammen: Indonesië, Amsterdam, 1976.
  • Langley, M., Wereldgodsdiensten, Kampen, 1996.
  • Lipscomb, A., McKinnon, R., en Murray, J., Papua New Guinea, Hawthorn, 1998.
  • Murray, J., Williams, J., en Everist, R., South Africa, Lesotho & Swaziland, Hawthorn, 1998.
  • Noble, J., e.o., Mexico, Hawthorn, 1998.
  • Peters, J., Philippines, Hawthorn, 1997.
  • Pfeffer, R., Puerto Rico, Hawthorn, 1999.
  • Rachowiecki, R., Ecuador & the Galápagos Islands, Hawthorn, 1997.
  • Rachowiecki, R., Peru, Hawthorn, 2000.
  • Rachowiecki, R., Southwest USA: Arizona, New Mexico, Utah, Hawthorn, 1995.
  • Selby, N., e.o., Brazil, Hawthorn, 1998.
  • Simonis, D., Canary Islands, Hawthorn, 1998.
  • Smith, H., De Religies van de Wereld, Utert, 1999.
  • Swaney, D., Bolivia, Hawthorn, 2001.
  • Talbot, D., en Swaney, D., Samoa, Hawthorn, 1998.
  • Turner, P., e.o., Indonesia, Hawthorn, 1997.
  • Verlinden, P., Rwanda/Burundi, Amsterdam/Den Haach, 1996.
  • Wheeler, T., en Carillet, J.B., Tahiti & French Polynesia, Hawthorn, 1997.
  • Wood, M., Op Zoek naar de Bronnen van Onze Beschaving, Utert, 1993.
  • Wouters, H., Volken en Stammen - Noord-Amerika, Amsterdam, 1974.